Albert Einstein - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Albert Einstein yn 1947
Albert Einstein
Ulm
14 maart
1879
Princeton
18 april
1955
) wie in
Joadsk
Dútsk
Amerikaanske
teoretysk natuerkundige
. Hy wurdt sjoen as ien fan de belangrykste natuerkundigen út de skiednis.
Jonge jierren
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Albert Einstein is berne yn
Dútslân
. Syn heit Hermann Einstein en syn mem Pauline Koch trouden yn augustus
1879
. Hermann hie in elektroanika-saak, mar de omset foel ôf. Dêrom ferhuze de húshâlding yn
1880
nei
München
. Dêr stie Hermann tegearre mei syn broer, de
yngenieur
Jacob Einstein
, oan it haad fan in lyts fabryk. Yn dat fabryk makken se
dynamo's
en mjitynstruminten. Mar dy ûndernimming rûn ek net. Albert Einstein hat yn syn jeugd dan ek de nedige ekonomyske en finansjele swierrichheden meimakke. De swierrichheden begûnen pas echt doe’t Albert op skoalle kaam. Nei de klassen fan de legere skoalle wie hy yn
1889
nei it Luipoldgymnasium gien. Se joegen dêr op in geastdeadzjende manier les; Albert koe dat net ferdrage. Yn
1894
ferliet Albert Einstein de skoalle sûnder diploma. Hy gie nei syn âlden yn Milaan. Dernei hat er koart op in skoalle yn
Switserlân
sitten. Hy betanke yn dy tiid foar de
synagoge
en foar it Dútske steatsboargerskip. Hy hat dan ek njoggen jier lang as steatleaze reizge.
De grutte riedsels fan de wrâld hienen Albert Einstein al hiel jong yn de besnijing. Tusken syn tolfde en sechtjinde jier makke hy himsels de grûnslaggen fan de
wiskunde
eigen. Einstein hat altyd fûl tsjin de learmetoaden west fan de skoallen dêr't hy op siet. In soad learkrêften foarseinen dan ek dat der noait wat fan Einstein terjochte komme soe. Dochs slagge er yn
1900
Nei syn skoalle
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Twa jier letter krige Einstein in baan by it Switsersk Patintburo yn
Bern
. Dêr wie hy in sekuere en in attinte wurknimmer. Dizze perioade dy’t duorre fan
1902
oant
1909
, skreau Einstein in soad oer teoretyske natuerkunde. De measte teksten skreau hy yn syn frije tiid, sûnder help fan natuerkundige boeken of gelearden. Yn jannewaris 1903 troude hy mei Mileva Maric, in
Hongaarsk
famke dat hy koe út syn studintetiid. In jier letter waard in dochter berne, Liederl. In jier letter krigen se in soan,
Hans Albert
. Yn 1905 skreau Albert Einstein op seisentweintichjierrige leeftyd de grûnbegjinsels fan de ferneamde
relativiteitsteory
. Hy stjoerde op 30 juny in artikel nei in Dútsk tydskrift. De namme fan it artikel wie: ‘Feroaringen en ûntwikkelingen yn de elektroanika dynamika’. Hjiryn is foar it earst sprake fan
{\displaystyle E=mc^{2}\!}
Yn
1910
, doe't harren soan Eduard ien jier âld wie, ferhuzen de Einsteins nei
Praach
. Albert Einstein krige dêr in folweardige oanstelling as heechlearaar oan de Dútske universiteit. Yn
1912
ferhuze Albert Einstein nei
Surich
dêr't hy as professor yn de teoretyske natuerkunde te wurkjen gie. Undertusken wie hy dwaande mei syn nije teory oer de
swiertekrêft
. Hy wurke yn Surich oant hy twa jier letter direkteur waard fan it
Kaiser Wilhelm-ynstitút
yn Berlyn. De famylje Einstein ferhuze nei
Berlyn
, mar syn frou Mileva en de bern gongen werom nei Surich, wat it begjin fan in skieding waard. Yn augustus bruts de
Earste Wrâldkriich
út.
De âldere Einstein
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn
1917
gie it mis mei Einstein. Hy stoarte yn en waard slim siik. Syn nicht Elsa ferplege him; twa jier letter troude er mei har. Yn
1915
hie er syn ferneamde relativiteitsteory klear. Yn novimber 1922 krige er de
Nobelpriis foar de Natuerkunde
: ‘foar syn fertsjinsten op it mêd fan de teoretyske natuerkunde en yn it bysûnder foar syn ûntdekking fan it foto-elektrysk effekt’.
Yn it begjin fan
1925
waard Einstein yn
Leien
ferwachte. Hy soe moarns mei de trein út Berlyn komme, mar hy kaam net op de ôfprate tiid. Hy kaam letter op de jûn oansetten; hy hie it ekskús dat er in freondinne út de finzenis hâlde moast.
De Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Albert Einstein mei
Niels Bohr
, sa. 1925
Einstein wie 53 en op de top fan syn karriêre doe't hy yn
1932
as
joad
fielde dat it foar harren net feilich bliuwe soe yn
Nazi
Dútslân
. Derom ferhuzen Albert en Elsa yn
1933
mei de boat nei de
Feriene Steaten
. Se setten har ta wenjen yn
Princeton
Nij Jersey
. Yn
1936
ferstoar Elsa nei in koart siikbêd. Doe't yn
1939
de
Twadde Wrâldkriich
útbruts, skreau Einstein in brief oan Presidint
Franklin D. Roosevelt
, mei de warskôging dat Dútslân mooglik dwaande wie mei it bouwen fan in
atoombom
. De Feriene Steaten gongen dêrnei ek oan de slach om in atoombom te bouwen. Dat projekt waard it
Manhattan projekt
neamd. Einstein wie dêr ek by belutsen.
Yn
1940
krige Albert Einstein it Amerikaanske steatsboargerskip. Acht jier letter, yn
1949
ferstoar syn eardere frou Mileva.
Doe't yn
1952
de steat
Israel
op syk wie nei in nije presidint om
Chaim Weizmann
op te folgjen, fregen se Albert Einstein dêrfoar. Hy wegere de funksje; hy fûn dat er net goed genôch mei minsken om gean koe.
In jier foar syn dea waard der in nij skiedkundich, keunstmjittich en radio-aktyf elemint nei him ferneamd:
Einsteinium
, mei it symboal E, atoomnûmer 99 en atoomgewicht 254.
Albert Einstein ferstoar op 77-jierrige leeftyd oan de gefolgen fan in
hertoanfal
Keppelings om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
(in)
Website
fan de Albert Einstein-argiven
(dú)
(in)
Einsteins artikelen yn it tydskrift
Annalen der Physik
Nederlânske oersetting fan Einsteins artikelen
(in)
Elegant Universe, The: Einstein's Dream
- film oer
snaarteory
en unifikaasje. 3 oere online fideo - sjoch ûnder Resources 'Watch the Program')
Histoaryske opnames op YouTube
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Dielnimmers oan de Solvay Konferinsje 1927 yn petear. Albert Einstein te sjen at kollega's (Ynder oaren Marie Curie, Bragg, Lorentz, Hendrik Kramers, Peter Debije ensafuorthinne) út in gebou oan de Grutte Merk yn Brussel komme.
Einsteins oankomst yn de Feriene Steaten.
Einstein sprekt oer de wetterstofbom.
Einstein sprekt oer joadske folk.
Einstein en syn twadde frou Elsa komme oan wâl. Hearst Metronome nijs
Einstein leit
mc
út. Lûdsopname
Einstein laket en praat oer Universiteit fan Jerusalem
Foto's
Opfrege fan "
Kategoryen
Albert Einstein
Dútsk heechlearaar
Dútsk natuerkundige
Dútsk balling
Amerikaansk heechlearaar
Amerikaansk natuerkundige
Winner fan de Nobelpriis foar de Natuerkunde
Dútsk persoan fan Joadsk komôf
Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
Amerikaansk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf
Persoan berne yn 1879
Persoan stoarn yn 1955
Albert Einstein
Nij mêd
US