Arabysk - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Arabysk
algemien
eigen
namme
اَلْعَرَبِيَّةُ,
al-‘Arabīyyaẗ
lânseigen
yn
Arabyske wrâld
sjoch:
§ Taalstatus
tal
sprekkers
310 miljoen
(2011-2016)
skrift
Arabysk-Perzysk skrift
taalsibskip
taalfamylje
Afro-Aziatysk
Semitysk
Westsemitysk
Middensemitysk
Arabysk
Arabysk
dialekten
ferskaat, sjoch:
§ Dialekten
taalstatus
offisjele status
● 25
lannen
● 1
autonome regio
● grut tal
organisaasjes
sjoch:
§ Taalstatus
erkenning as
minderheidstaal
● 10
lannen
● 1
autonome regio
sjoch:
§ Taalstatus
taalkoades
ISO 639-1
ar
ISO 639-2
ara
ISO 639-3
ara
It
Arabysk
(Arabysk: اَلْعَرَبِيَّةُ, sekuere
transliteraasje
al-‘Arabīyyaẗ
útspr.
: [al ʕara'bi:ja], likernôch: "al-ha-ra-
bii
-ja",
beharkje
; of koartwei: عَرَبِيّ‎, sekure transliteraasje:
‘Arabīj
, útspr.: ['ʕarabi:], likernôch: "
ha
-ra-bii",
beharkje
) is in
Semityske taal
dy't koart nei it begjin fan 'e
Westerske jiertelling
foar it earst ta ûntwikkeling kaam op it
Arabysk Skiereilân
, yn 'e foarm fan it
Aldarabysk
. Dêrút ûntjoech him meitiid it
Klassyk Arabysk
, de
taal
fan 'e
Koraan
, dy't him fan 'e
sânde iuw
ôf mei de
islaam
fersprate oer it
Midden-Easten
en
Noard-Afrika
. Datselde barde mei it
Arabysk-Perzysk skrift
, dêr't it Arabysk mei
skreaun
wurdt. Tsjintwurdich is it Arabysk de of in
offisjele taal
fan 25
lannen
en 1
autonome regio
en ien fan 'e seis offisjele talen fan 'e
Feriene Naasjes
, en genietet it erkenning as
regionale taal
of as
minderheidstaal
yn nochris 10
lannen en 1
autonome regio.
De hjoeddeistige Arabyske
standerttaal
, it
Modern Standertarabysk
, dat yn hege mjitte op it Klassyk Arabysk basearre is, hat eins gjin
memmetaalsprekkers
, mar fungearret ynstee as in oanlearde
twadde taal
en
lingua franca
foar de hiele
Arabyske wrâld
. De
sprektalen
of
dialekten
dy't mei-inoar it Arabyske
dialektkontinuum
foarmje, dat alhiel fan 'e
Atlantyske Oseaan
yn
Marokko
oant de
Arabyske See
yn
Omaan
rint, binne foar in grut part net ûnderling fersteanber, en wurde troch
taalkundigen
dêrom klassifisearre as de
Arabyske talen
. Dy hawwe mei-inoar 310
miljoen memmetaalsprekkers en nochris 110
miljoen
twadde-taalsprekkers
. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld. As de
liturgyske taal
fan 1,8
miljard
moslims
hat it Arabysk ek grutte ynfloed (hân) yn 'e dielen fan 'e
islamityske wrâld
dy't net troch
etnyske
Arabieren
bewenne wurde. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprekke, kinne de Koraan faak wol yn it Arabysk lêze of út 'e holle opsizze.
Taalbesibskip
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk is ien fan 'e
Semityske talen
, dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e gruttere
Afro-Aziatyske
taalfamylje
. Binnen de Semityske talen heart de taal ta de
Middensemityske kloft
fan 'e
Westsemityske talen
. De measte
taalkundigen
ornearje dat it Arabysk binnen de Middensemityske talen mei inkele
nau besibbe
útstoarne talen
en mei de talen dy't út it Arabysk sels fuortkommen binne de
Arabyske talen
foarmet. De Arabyske talen steane binnen de Middensemityske talen op ien hichte mei de
Noardwestsemityske talen
, dêr't û.o. it
Hebriuwsk
en it
Arameesk
ta hearre. Ien fan 'e útsûnderings wat de
konsensus
oangeande dy yndieling oangiet, is de foaroansteande
taalkunde
webside
Ethnologue
, dy't de
Kanaänityske kloft
fan 'e Noardwestsemityske talen mei de Arabyske talen ûnderbringt yn in 'Súdlik Middensemityske' of 'Arabo-Kanaänityske' taalgroep, en it Arameesk en syn ôfstammelingen (de
Arameeske talen
) dêrmei op ien hichte stelt.
De namme fan 'e taal,
al-‘Arabīyyaẗ
, skreaun yn it
Arabysk-Perzysk skrift
Binne de Arabyske talen wurdt, nettsjinsteande de fierhinne gelikense nammen, in skerp ûnderskie makke tusken it
Aldnoardarabysk
en it
Aldarabysk
. It Aldnoardarabysk omfiemet ferskate
talen
of
taalkundige farianten
dy't yn 'e
Aldheid
sprutsen waarden yn 'e
oäzes
fan wat no it noardwesten fan
Saûdy-Araabje
is. Dêrta hearden û.m. it
Hasaïtysk
, it
Dadanitysk
en it
Dûmaïtysk
. It Aldarabysk, dêr't it
Klassyk Arabysk
en alle hjoeddeistige Arabyske sprektalen út fuortkommen binne, wie de sustertaal fan it Aldnoardarabysk.
Taalgebiet
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It oarspronklike taalgebiet fan it Arabysk besloech it noardlike part fan it
Arabysk Skiereilân
. Mei de fersprieding fan 'e
islaam
, fan 'e
sânde iuw
ôf, wreide it taalgebiet him lykwols út oer it hiele
Midden-Easten
en
Noard-Afrika
. Tsjintwurdich omfettet it taalgebiet fan it Arabysk it hiele of frijwol it hiele grûngebiet fan 'e Middeneastlike
lannen en territoaria
Bachrein
, de
Feriene Arabyske Emiraten
Jemen
Jordaanje
Katar
Koeweit
Libanon
Omaan
Palestina
en
Saûdy-Araabje
. Dêr komme inkeld hiel lytse en fersprate
enklaves
fan 'e sprekkers fan oare talen foar. Datselde jildt foar
Irak
en
Syrje
, mar dy beide lannen omfiemje ek in grutte (Irak) oant oansjenlike (Syrje)
Koerdysktalige
regio yn it noarden. Arabysktalige
minderheden
komme foar yn
Iran
(benammen de súdwestlike regio
Kûzestan
),
Israel
(benammen yn it noarden, om
Nazaret
hinne),
Turkije
(yn it súdeasten) en yn ien doarp op
Syprus
De fersprieding fan
memmetaalsprekkers
fan it Arabysk. Yn it dûnkerblau gebiet foarmje dy de mearderheid fan 'e
befolking
, en yn it ljochtblau gebiet in
minderheid
Yn
Noard-Afrika
is
Egypte
frijwol hielendal Arabysktalich, útsein inkele
minderheidstaalgebieten
yn it suden (
Nubysk
), súdeasten (
Bedja
) en westen (
Siwaansk
). It
Koptysk
is in
deade taal
, dy't inkeld noch yn gebrûk is as
tsjerketaal
fan 'e
Koptysk-Otterdokse Tsjerke
Sûdaan
is ek fierhinne Arabysktalich, mei hjir en dêr in oars-talich
minderheidsgebiet
Lybje
Tuneezje
Algerije
en
Marokko
binne foar it meastepart Arabysktalich, mar mei hjir en dêr oansjenlike
Berberske
minderheden, dy't harren
eigen talen
sprekke (bgl. it
Tûarek
Kabylsk
en
Riffynsk
). De
Westlike Sahara
is hielendal Arabysktalich. Yn
Mauretaanje
sprekt men yn it grutste part fan it lân Arabysk, mar dat lân omfiemet oan 'e súdlike râne ek in gebiet dêr't
Afrikaanske talen
sprutsen wurde. Arabysksprekkende minderheden libje yn
Spanje
(de enklaves
Ceuta
en
Melilla
Senegal
Maly
Niger
, de noardeastpunt fan
Nigearia
Tsjaad
Súd-Sûdaan
Eritreä
Dzjibûty
Somalilân
Somaalje
en oan 'e noardlike rânen fan 'e
Demokratyske Republyk Kongo
en
Oeganda
en de
Swahilykust
fan
Kenia
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Taalsitewaasje op it Arabysk Skiereilân yn 'e Aldheid
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn 'e
Aldheid
waard op it
Arabysk Skiereilân
in wiid ferskaat oan
Semityske talen
sprutsen. Yn it súdwestlike diel (westlik
Jemen
) spriek men de (no
útstoarne
Aldsúdarabyske talen
, lykas
Sabeysk
Mineysk
en
Hadramautysk
. Eastlik dêrfan, yn wat no eastlik Jemen en
Omaan
is, spriek men foarâlderlike foarmen fan wat no de
Súdarabyske talen
binne. Aldsúdarabysk en Súdarabysk binne ferskillende
taalgroepen
en moatte net betize wurde. Beide groepen wiene/binne
nauwer besibbe
oan 'e
Etiopyske talen
as oan it Arabysk.
Yn it noardwesten waarden yn 'e
oäzes
foarmen fan it
Aldnoardarabysk
sprutsen, in oerkoepeljende beneaming foar taalfarianten lykas
Hasaïtysk
Dadanitysk
en
Dûmaïtysk
. Dy soene ûnderling ûnfersteanber mei it Aldarabysk west hawwe. In grut part fan 'e arguminten dêrfoar wie basearre op 'e foarm fan it
beskaat lidwurd
, in
foarheakke
h-
. Nij taalkundich ûndersyk hat lykwols like út te wizen dat de foarheakke
h-
in
argaïsme
wie ynstee fan in mienskiplike taalynnovaasje, wat betsjut dat it in skaaimerk is dat ûngaadlik is om
taalklassifikaasje
op te basearjen. De
hypoteze
fan in selsstannige Aldnoardarabyske taalgroep is dêrtroch op losse skroeven kommen te stean, hoewol net wjerlein. Yn deselde krite waard ek it
Temanitysk
sprutsen, mar dat wurdt no by de
Noardwestsemityske talen
yndield. Guon oare oäzetalen, lykas
Hismaysk
en
Safaïtysk
, en ek it
Nabateesk-Arabysk
fan 'e
Nabateeërs
yn wat no
Jordaanje
is, fertoane safolle oerienkomsten mei it Arabysk dat se as (ôfwikende) foarmen fan it Aldarabysk sjoen wurde.
In ynskripsje yn it
Safaïtysk
Aldarabysk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Taalkundigen binne fan tinken dat it
Aldarabysk
, de âldst bekende foarm fan it Arabysk, om it begjin fan 'e
Westerske jiertelling
hinne foar it earst ta ûntwikkeling kaam yn it westlik sintrale part fan it
Arabysk Skiereilân
. Foarhinne ferkearde men yn 'e ûnderstelling dat it âldste
skriftlik
oerlevere fragmint fan it Aldarabysk ien inkele ynskripsje yn it
Sabeysk skrift
wie út
Karjat al-Fâ
, yn it suden fan wat no
Saûdy-Araabje
is, datearjend út 'e
earste iuw
. Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de taal fan dy ynskripsje net dielnimt oan ferskate krúsjale ynnovaasjes fan 'e
Arabyske talen
. It tinken is dêrom no dat de ûnbekende taal fan dizze ynskripsje it bêste reklassifisearre wurde kin as in selsstannige taal binnen de
Middensemityske talen
De âldst oerlevere Aldarabyske tekst wurdt dêrom no foarme troch trije regels
poëzij
yn
Nabateesk skrift
út omtrint
125
, skreaun troch in man dy't Garm’allāhe hiet en oantroffen yn
Avdat
, yn wat no
Israel
is. Dêrnei duorret it mear as twa
iuwen
ear't de twadde Aldarabyske tekst opdûkt, yn 'e foarm fan 'e saneamde
Namara-ynskripsje
: it
grêfskrift
fan 'e
Lachmidyske
kening Mar ‘al-Qays bar ‘Amro, út
328
, fûn by
Namara
, yn
Syrje
. Tusken de
fjirde
en de
sechsde iuw
ûntjoech it Nabateesk skrift him ta in werkenbere foarm fan wat letter it
Arabysk-Perzyske skrift
neamd wurde soe. Fierders binne der ynskripsjes yn in stippele
skrift
fan santjin
letters
út 'e
sechsde iuw
, dy't oantroffen binne op ferskate plakken yn Syrje. It âldste
papyrus
yn it Arabysk datearret fan
643
, en is beskreaun mei stippen yn it moderne 28-letterige Arabyske skrift. De taal fan dy papyrus wurdt troch taalkundigen oantsjut as
Koranysk Arabysk
, in foarm dy't him ûnderskate fan it
Klassyk Arabysk
Taalûntwikkelings ûnder ynfloed fan it ûntstean fan 'e islaam
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Koranysk Arabysk ûntjoech him fan 'e iere
sechsde iuw
ôf út it
Aldhidjazysk
, de foarm fan Aldarabysk dy't sprutsen waard yn 'e
Hidjas
-regio yn it westen fan it Arabysk Skiereilân, dêr't stêden as
Mekka
en
Medina
leine. It wie dêr dat fan
610
ôf de
profeet
Mohammed
fizioenen
krige dy't ta de fêstiging fan 'e
islaam
as
wrâldgodstsjinst
liede soene. Hy lei syn
iepenbierings
fêst yn 'e
Koraan
, dy't de basis foar it Klassyk Arabysk foarme, de islamityske standerttaal dy't yn 'e
achtste
en
njoggende iuw
ta stân kaam. It is dúdlik dat de
stavering
fan 'e Koraan en oare iere islamityske teksten eins net ûntwurpen waard foar it Klassyk Arabysk, mar foar in
argayske
foarm fan Aldhidjazysk.
In
Koraan
yn it
Aldhidjazysk
, út 'e
7e iuw
Mooglik wie dat de ynterdialektale en ynterkommunale fariant fan it Aldarabysk dy't oan 'e ein fan 'e pre-
islamityske
tiid op it Arabysk Skiereilân opkaam en troch
hannel
ta in
lingua franca
waard. Dy taalfariant sette syn parallelle bestean fuort oant lang nei't it
literêre
Arabysk standerdisearre wie, en waard as skreaune taal it meast brûkt foar Arabysktalige
joadsk
kristlike
teksten
. Sa waarden oerâlde taalskaaimerken yn libben holden dy't út it Klassyk Arabysk al lang eliminearre wiene. Taalkundigen tsjutte dizze taalfariant oan as
Midarabysk
, mar it liket der mear op dat it eins in frijwol ûnferoare fuortsetting wie fan it Aldhidjazysk fan foar de opkomst fan 'e islaam wie.
Tsjin 'e ein fan 'e
sechsde iuw
hie him, benammen op basis fan 'e
bedoeynske
dialekten fan 'e
Nêzjd
(it sintrale diel fan it Arabysk Skiereilân), in yntertribale "
poëtyske
sprektaal" ûntjûn. Dat wie it begjinstadium fan it
Klassyk Arabysk
, dat himsels dúdlik ûnderskate fan 'e sprutsen foarmen fan it Aldarabysk. Om't it Aldarabysk yn 'e earste iuw fan 'e islaam foar de mearderheid fan 'e Arabyske
dichters
en
skriuwers
de
memmetaal
wie, kin men yn harren teksten, dy't oerlevere binne yn kopiëarre
manuskripten
út folle lettere tiden, noch net-standerdisearre eleminten weromfine yn 'e
morfology
en
grammatika
. Tsjin 'e
achtste iuw
wie
kennis
fan it Klassyk Arabysk in essinsjeel betingst wurden om foarút te kommen yn 'e islamityske wrâld. De standerdisearring fan it Klassyk Arabysk waard oan 'e ein fan 'e
achtste iuw
foltôge. De earste alomfiemjende beskriuwing fan 'e
standerttaal
Al-Kitāb
fan
Sibawehi
, ferskynde om dyselde tiid hinne. De skriuwer basearre dat wurk yn it foarste plak op in korpus fan dichterlike teksten, dy't er oanfolle mei Koraangebrûk en bedoeynske ynformanten, dy't er beskôge as de betrouberste sprekkers fan geef Arabysk.
Midsiuwske ynfloed
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn 'e
Midsiuwen
wie it Arabysk yn
Jeropa
in wichtige
kultuerdrager
, benammen op it mêd fan
filosofy
wiskunde
natuerkunde
en oare foarmen fan 'e
wittenskip
. Fan gefolgen namen in protte Jeropeeske talen Arabyske
lienwurden
op, lykas "
admiraal
", "
algebra
", "
alkohol
" en "
sifer
". De grutste ynfloed oefene it Arabysk út op it
Spaansk
en yn wat mindere mjitte op it
Portegeesk
en it
Katalaansk
, sawol fanwegen de neite fan it
Ibearysk Skiereilân
ta de
Arabyske wrâld
, as om't it Ibearysk Skiereilân fan
711
oant
1492
ûnderdiel fan 'e Arabyske wrâld wie. It
Sisyljaansk
omfettet sa'n 500 lienwurden út it Arabysk, wêrfan't in protte
lânboukundige
termen binne; dat is in beërf fan 'e Arabyske oerhearsking fan it
eilân
út 'e tiid fan it
Emiraat Sisylje
, dat fan
831
oant
1091
bestie. It
Malteesk
, de nasjonale taal fan
Malta
, is eins in taal dy't ôfstammet fan it Arabysk, en dy't yn dyselde snuorje op Malta plante is. Op 'e
Balkan
omfetsje ferskate talen, benammen it
Gryksk
Bulgaarsk
Bosnysk
en
Albaneesk
, ek in oansjenlik tal lienwurden út it Arabysk, dy't se oernommen hawwe fia it
Turksk
In side út in
Midsiuwske
Koraan
út
Moarsk-Andalûsje
Ek yn oare dielen fan 'e wrâld hat it Arabysk grutte ynfloed útoefene op oare talen. Dêrby giet it benammen om talen fan
islamityske
folken, lykas it
Perzysk
en it nau besibbe
Tadzjyksk
; it
Turksk
Koerdysk
en
Azerbeidzjaansk
; de
Berbertalen
fan
Noard-Afrika
; it
Nubysk
fan súdlik
Egypte
; it
Hausa
fan noardlik
Nigearia
; it
Somalysk
fan 'e
Hoarn fan Afrika
; de
Turkske talen
fan
Sintraal-Aazje
, lykas it
Kazachsk
Turkmeensk
Kirgizysk
en
Oezbeeksk
; op it
Yndyske subkontinint
it
Pataansk
Oerdû
Sindy
Kasjmiersk
Pûndjaabsk
Hindy
Bingaalsk
Assameesk
en
Orissaansk
; yn
Súdeast-Aazje
it
Maleisk
Yndonezysk
en ferskate lytsere talen, lykas it
Atjeesk
; en fierders it
Maledivysk
en de talen fan
kristlike
lannen dy't oan 'e islamityske wrâld grinzgje, lykas it
Armeensk
en it
Tagalok
fan 'e
Filipinen
Hjoeddeistige foarmen fan it Arabysk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Taalkundige
Charles A. Ferguson
skreau yn
1959
yn syn ynfloedrike wurk
The Arabic Koine
dat de hjoeddeistige
Arabyske talen
(of dialekten) allegearre fuortkommen wêze soene út ien inkele
militêre
sprektaal
dy't ûntstie yn it tiidrek fan 'e grutte islamityske feroverings. Dy teory waard lange tiid akseptearre, mar kaam yn 'e
ienentweintichste iuw
ûnder fjoer te lizzen.
Achmed al-Djallad
sloech yn
2009
foar dat der teminsten twa dúdlik ûnderskate soarten Arabysk bestiene oan 'e foarjûn fan 'e feroverings: in noardlik dialekt en in sintraal dialekt. De moderne Arabyske talen soene neffens him fuortkommen wêze út 'e nije kontaktsitewaasje mei sprekkers fan oare talen út 'e ferovere gebieten. Men kin dan tinke oan
Arameesk
yn 'e
Fruchtbere Healmoanne
Egyptysk
en
Gryksk
yn
Egypte
en de
Berbertalen
en mooglik
Latyn
en
Fandaalsk
yn 'e
Magreb
. Neffens Al-Djallad soene de hjoeddeistige Arabyske talen ferskate lagen fan
substraat
en
ûntliening
befetsje, dy't se op ferskillende mominten yn har ûntwikkeling opnommen hawwe soene.
Skoalbern
yn
Bachrein
leare op
skoalle
it
Modern Standertarabysk
In trêde teory, fan
Kees Versteegh
, wol hawwe dat de moderne Arabyske talen fuortkamen út in proses fan
pidginisearring
, troch kontakten tusken Arabysksprekkers en de oars-talige oerwûne folken. Pidginisearring en in dêropfolgjende proses fan
kreolisearring
soe in goede ferklearring wêze foar de
morfology
en
fonology
fan 'e moderne Arabyske talen, dy't yn ferhâlding ta dy fan it Klassyk Arabysk sterk ferienfâldige is. Yn elts gefal hiene de yn 'e
alfde
en
tolfde iuw
yn
Moarsk-Andalûsje
ûntwikkele
zadjal
- en
mûwasjah
-foarmen fan
poëzij
grutte ynfloed op 'e ûntwikkeling fan it
Andalûsysk-Arabysk
en it
Magrebbynsk-Arabysk
Oan it begjin fan 'e
njoggentjinde iuw
waarden ûnder ynfloed fan 'e
Yndustriële Revolúsje
en it
Jeropeeske
kolonialisme
de earste
drukparsen
foar it Arabysk ûntwurpen en yn gebrûk nommen, lykas yn
1819
troch
Mohammed Ali fan Egypte
. Dêrtroch waard de oant dy tiid gongbere stadige en beheinde fersprieding en konsumpsje fan Arabysktalige
literatuer
en oare
publikaasjes
op dramatyske wize feroare. Oan it begjin fan 'e
tweintichste iuw
fûn der yn 'e hiele
Arabyske wrâld
in
kulturele
renêssânse plak, dy't bekend stiet as de
Nachda
. Dêrby waarden ferskate
taalakademys
foar it Arabysk oprjochte nei foarbyld fan 'e
Académie Française
, te begjinnen mei de
Arabyske Akademy fan Damaskus
, yn
1918
. De nije akademys leine har derop ta om it Arabyske
leksikon
oan te passen oan 'e moderne tiid, in proses dêr't de moderne Arabyske
standerttaal
út fuortkaam dy't
Westerske
taalkundigen oantsjutte as it
Modern Standertarabysk
. (Arabysktaligen sels meitsje ornaris gjin ûnderskie tusken it Klassyk Arabysk en it Modern Standertarabysk.)
In foarbyld fan dy oanpassing fan it Arabysk oan 'e moderne tiid is it jaan fan in nije betsjutting oan in wurd út it Klassyk Arabysk (in proses dat bekendstiet as
tawlīd
of "tâliid"). It wurd
al-hatif
wie bgl. yn it Klassyk Arabysk in term foar immen waans
stim
men wol hearre koe, mar dy't men sels net sjen koe. Yn it Modern Standertarabysk krige dat wurd de nije, bykommende betsjutting fan "
tillefoan
".
Taalstatus
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk is in
offisjele taal
yn 25
lannen
, yn 1
autonome regio
en fan in grut tal
ynternasjonale organisaasjes
. It genietet erkenning as
regionale taal
of as
minderheidstaal
yn 10 lannen en 1 autonome regio.
Arabysk as iennichste offisjele taal
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk is de iennichste (of iennichste lanlike)
offisjele taal
fan 'e folgjende gebieten en organisaasjes.
ûnôfhinklike lannen
Bachrein
Egypte
de
Feriene Arabyske Emiraten
Jemen
Jordaanje
Katar
Koeweit
Lybje
Mauretaanje
Omaan
Saûdy-Araabje
Syrje
Tuneezje
lannen mei beheinde erkenning
Palestina
ynternasjonale organisaasjes (in seleksje)
de
Arabyske Liga
de
Gearwurkingsried fan de Golf
(GCC)
de
Ried foar Arabyske Ekonomyske Ienheid
(CAEU)
Arabysk ko-offisjeel mei 1 oare taal
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk is ko-offisjeel mei 1 oare
offisjele taal
yn 'e folgjende gebieten en organisaasjes.
ûnôfhinklike lannen
Algerije
Dzjibûty
Irak
Libanon
(de oare taal hat in legere wetlike status as it Arabysk)
Marokko
Sûdaan
Tsjaad
lannen mei beheinde erkenning
de
Westlike Sahara
ynternasjonale organisaasjes
de
Uny fan de Arabysk Magreb
(UMA)
Arabysk ko-offisjeel mei 2 oare talen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk is ko-offisjeel mei 2 oare
offisjele talen
yn 'e folgjende gebieten en organisaasjes.
ûnôfhinklike lannen
de
Komoaren
Eritreä
lannen mei beheinde erkenning
Somalilân
subnasjonale regio's
Sansibar
ynternasjonale organisaasjes
Organisaasje foar Islamityske Geawurking
(OIC)
Arabysk ko-offisjeel mei 3 oare talen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk is ko-offisjeel mei 3 oare
offisjele talen
yn 'e folgjende gebieten en organisaasjes.
ûnôfhinklike lannen
Somaalje
(2 fan 'e oare talen hawwe in legere wetlike status as it Arabysk)
ynternasjonale organisaasjes
Interpol
de
Mienskip fan Sahel-Saharaanske Steaten
Arabysk ko-offisjeel mei 5 oare talen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk is ko-offisjeel mei 5 oare
offisjele talen
yn 'e folgjende organisaasjes.
de
Afrikaanske Uny
de
Feriene Naasjes
Arabysk erkend as regionale taal of minderheidstaal
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk genietet erkenning as
regionale taal
of as
minderheidstaal
yn 'e folgjende lannen en regio's:
ûnôfhinklike lannen
Brûnei
: erkend as taal foar
religieus
ûnderrjocht
Iraan
grûnwetlik
erkend as regionale taal
(dy kêst fan 'e grûnwet is lykwols nea ymplemintearre)
Israel
: erkend as "taal mei in bysûndere lanlike status"
Maly
Moarsk-Arabysk
is erkend as ien fan 'nasjonale talen' (dy't in legere wetlike status hawwe as de offisjele taal, it
Frânsk
Niger
: erkend as ien fan 'nasjonale talen' (dy't in legere wetlike status hawwe as de offisjele taal, it Frânsk)
Pakistan
: grûnwetlik erkend as religieuze taal fan 'e
moslims
Senegal
: Moarsk-Arabysk is erkend as ien fan 'nasjonale talen (dy't in legere wetlike status hawwe as de offisjele taal, it Frânsk)
Syprus
Syprioatysk Maronitysk-Arabysk
is erkend as minderheidstaal
Súd-Afrika
: grûnwetlik erkend as (in foar
religieuze
doelen brûkte) minderheidstaal
Tadzjikistan
: grûnwetlik erkend as minderheidstaal
subnasjonale regio's
Autonome Regio Koerdistan
(Irak): erkend as minderheidstaal
Tal sprekkers
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk yn 'e sin fan 'e
standerttaal
, it
Modern Standertarabysk
, is in
deade taal
sûnder
memmetaalsprekkers
, dy't inkeld sprutsen wurdt as in op 'e
skoalle
oanlearde
twadde taal
en
lingua franca
. De hjoeddeistige
Arabyske talen
of dialekten hiene lykwols anno
2018
mei-inoar 310
miljoen memmetaalsprekkers. Dêr kamen nochris 110
miljoen
twadde-taalsprekkers
by, sadat it totaal tal Arabysksprekkers om 'e 420
miljoen hinne leit. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld, nei it
Mandarynsk
Spaansk
Ingelsk
en
Hindy
In
kalligrafist
fan it
Arabysk-Perzysk skrift
oan it wurk.
Skrift
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Arabysk-Perzysk skrift
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
It Arabysk wurdt skreaun yn it
Arabysk-Perzysk skrift
, dat fia it
Nabateesk skrift
weromgiet op it
Arameesk skrift
, dat wer basearre wie op it
Fenisysk skrift
. It Arabysk-Perzysk skrift wurdt skreaun
fan rjochts nei lofts
. It is net inkeld yn gebrûk foar it Arabysk, mar ek foar oare talen dy't sprutsen wurde troch
islamityske
folken
, lykas
Perzysk
Pataansk
en
Oerdû
Tradisjoneel
binne der in stikmannich ferskillen tusken it Arabysk-Perzyske skrift sa't dat brûkt wurdt yn 'e
Magreb
en sa't it brûkt wurdt yn it
Midden-Easten
. De Magrebbynske ferzje is lykwols yn ûnbrûk rekke, útsein foar
kalligrafy
en wat de
sifertekens
oangiet. Dat binne deselde sifertekens dy't ek yn 'e
Westerske wrâld
brûkt wurde, wylst yn it Midden-Easten sifers hiel oars skreaun wurde. It Arabysk-Perzyske skrift hat fierders ferskate skriuwstilen wêrûnder
thuluth
muhaqqaq
tawqi
rayhan
en fral
nasch
, dat de styl is dy't troch
drukparsen
en op
kompjûters
brûkt wurdt, en
ruq‘aẗ
, de foarm dy't ornaris foar hânskreaune
briefkerij
brûkt wurdt.
Oarspronklik bestie it Arabysk-Perzysk skrift allinnich út
letters
rasm
) sûnder
diakrityske tekens
muqaṯ
). Dy waarden letter tafoege sadat lêzers letters útinoar hâlde koene lykas ب (b), ت (t) en ث (stimleaze th), en ح (ḥ; yn 'e kiel útspr. stimleaze h-klank), ج (dj), خ (ḫ; ch fan "berch"). Om't it Arabysk-Perzysk skrift in
konsonanteskrift
is, waarden de
fokalen
earst hielendal net skreaun. Uteinlik waard in systeem ûntwikkele om mei ekstra diakrityske tekens (
taškil
en
harakat
) de fokaalwearden fan
wurdlidden
oan te jaan. Dêrby moat oantekene wurde dat dat systeem lang net altyd brûkt wurdt. It Arabysk-Perzyske skrift sa't dat no bestiet, waard yn
786
fêstlein troch
Chalil ibn Achmed al-Farahidi
. Oars as yn 'e
Westerske wrâld
is yn 'e
Arabyske wrâld
kalligrafy
net fierhinne yn ûnbrûk rekke; ynstee wurdt it dêr noch altyd as ien fan 'e grutste
keunstfoarmen
sjoen, en kalligrafisten steane yn heech oansjen.
De
flagge
fan 'e
Arabyske Liga
mei yn 'e midden in moai foarbyld fan Arabyske
kalligrafy
Taaleigenskippen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Lienwurden
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arabysk hat yn syn skiednis in protte ynfloed op oare talen útoefene, mar it hat ek sels ynfloeden fan oare talen ûndergien. Sa oefene yn 'e pre-islamityske tiid it
Arameesk
in sterke ynfloed op it Arabysk út, mei't dat yn 'e Aldheid yn it Midden-Easten iuwenlang it wichtichste middel foar
kommunikaasje
tusken sprekkers fan ferskillende talen wie. Foar
religieuze
termen ûntliende it Arabysk letter in protte oan it
Geëz
, de taal fan it
Aksûmityske Ryk
yn 'e
Hoarn fan Afrika
, en yn mindere mjitte oan it
Hebriuwsk
. Fierders komme in protte
kulturele
politike
en ek religieuze Arabyske wurden út 'e
Iraanske talen
(benammen it
Midperzysk
, it
Partysk
en it
Nijperzysk
) en út it
Hellenistysk-Gryksk
. Yn 'e moderne tiid komme lienwurden yn it Arabysk benammen út it
Frânsk
en it
Ingelsk
It wurd مدينة,
madīnaẗ
, yn 'e measte Westerske talen oernommen as '
medina
', dat "
binnenstêd
" of "
stedsplein
" betsjut, is bgl. fan Arameeske of Hebriuwske oarsprong, fan מדינה, dat "steat" betsjut. It wurd جزيرة,
ǧazīraẗ
(faak minder sekuer
transliterearre
as
jazirah
of
jazeera
), dat "eilân" betsjut, komt fan ܓܙܝܪܗ,
gazīra
, in wurd út
Syrysk
, dat in dochtertaal fan it Arameesk is. En لازورد,
lāzaward
, de namme fan 'e
ealstien
lapis lazûly
", komt fan it Perzyske لاژورد,
lājvard
. Dat wurd is letter wer út it Arabysk liend troch in protte Westerske talen:
azur
yn it
Frânsk
azul
yn it
Portegeesk
en
Spaansk
azuur
yn it
Nederlânsk
en "azuer" yn it
Frysk
Fonology
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fokalen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It
Modern Standertarabysk
hat seis
fokalen
. Der binne trije koarte: [a] (a fan "lam"), [i] (y fan "wyt") en [u] (û fan "rûch"), mei dêropta trije lange: [a:] (aa fan "laad"), [i:] (ii fan "wiid") en [u:] (û fan "sûch"). Fierders binne der twa
twaklanken
: [aw] (liket op â fan "lân" niigjend nei au fan "lau") en [aj] (liket op ai fan "laitsje" mei in
Wâldfryske
útspraak).
klank (
IPA
útspraak
sekuere
transliteraasje
likernôge
transliteraasje
[a]
a fan "lam"
[a:]
aa fan "laad"
aa
[i]
y fan "wyt"
i of y
[i:]
ii fan "wiid"
ii
[u]
û fan "rûch"
[u:]
û fan "sûch"
[aw]
â fan "lân" niigjend nei au fan "lau"
aw
â of au
[aj]
ai fan "laitsje"
Wâldfryske
útspr.)
ay
ai
De measte hjoeddeistige
Arabyske talen
hawwe deselde trije koarte fokalen en deselde beide twaklanken, mar fiif lange fokalen: [a:], [i:] en [u:] mei dêropta [e:] (ee fan "leed") en [o:] (oo fan "rook"). De
útspraak
fan 'e fokalen ferskilt fan sprektaal ta sprektaal, mar oer it algemien kin steld wurde dat de [a] en [a:] út it Modern Standertarabysk yn 'e measte Arabyske talen oerhingje ta [æ] (de klank fan it
Ingelske
hat
), resp. [æ:] (de klank fan it Ingelsk
sad
), of ta [ɛ] (e fan "lek"), resp. [ɛ:] (ê fan "dêr"). As se folgje op
faryngale
(yn 'e kiel útsprutsen)
konsonanten
wurdt dy útspraak lykwols troch de foarm fan 'e
mûle
ûnmooglik makke en bliuwe se [a], resp. [a:].
It Arabyske wurd
Allāh
("
God
") yn it
Arabysk-Perzysk skrift
Konsonanten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It
Modern Standertarabysk
omfettet 28 ûnderskate
konsonanten
. De [b], [d], [f], [j], [k], [m], [n], [r], [s], [t] en [z] binne bekend om't dy ek yn it
Frysk
foarkomme. Oare bekende klanken binne [ʃ] (sj fan "sjippe"), [w] (w fan "skowe") en ʤ (dzj fan "siedzje"). De Arabyske [l] skaait krekt as de Fryske l gauris út nei in
tsjûke l
[ɫ], bgl. yn it wurd الله,
Allāh
Fierders binne der de [x] (ch fan "berch") en [ɣ] (g fan "bûge"), dy't ek wol fierder nei de
kiel
ta útsprutsen wurde kinne, as [χ], resp. [ʁ]. De Arabyske h is eins de
stimhawwende glottale frikatyf
[ɦ], oftewol in oerdreaun útsprutsen h-klank. Ek bekend binne [θ], de
stimleaze th
(lykas yn it
Ingelske
thin
) en [ð], de
stimhawwende th
(lykas yn it Ingelske
this
).
De [q] is in yn 'e kiel útsprutsen k-klank, en de [ʔ] is de
glottisslach
, oftewol de klank tusken de beide gelikense lûden yn wurden as "Aäron" en "koöperaasje". Fierders hat it Arabysk noch seis konsonanten dy't foar Frysksprekkers folslein ûnbekend binne. Dêrby giet it om [ħ], in yn 'e kiel útsprutsen stimleaze h-klank, [ʕ], in yn 'e kiel útsprutsen stimhawwende h-klank en fjouwer saneamde
emfatyske konsonanten
, dy't mei klam yn 'e kiel útsprutsen wurde: [dˁ], [ðˁ], [sˁ] en [tˁ].
klank
IPA
útspraak
sekuere
transliteraasje
DMG-Umschrift
likernôge
transliteraasje
(bas. op
Fryske stavering
[b]
b fan "bêd"
[d]
d fan "dan"
[dˁ]
mei grutte klam yn 'e kiel útspr. d-klank
[ð]
stimhawwende th fan
this
[ðˁ]
mei grutte klam yn 'e kiel útspr. stimhawwende th
[f]
f fan "fak"
[ɣ] ~ [ʁ]
g fan "bûge"
[ɦ]
oerdreaun útspr. h-klank
[ħ]
yn 'e kiel útspr. stimleaze h-klank
[ʕ]
yn 'e kiel útspr. stimhawwende h-klank
ʿ of ‘
[j]
j fan "jas"
[k]
k fan "kat"
[l] ~ [ɫ]
l fan "lân"
[m]
m fan "mem"
[n]
n fan "net"
[q]
yn 'e kiel útspr. k-klank
[r]
r fan "rok"
[s]
s fan "sin"
[sˁ]
mei grutte klam yn 'e kiel útspr. s-klank
[ʃ]
sj fan "sjippe"
sj
[t]
t fan "tik"
[tˁ]
mei grutte klam yn 'e kiel útspr. t-klank
stomme letter
wurdeinige h of —
[θ]
stimleaze th fan
thin
[w]
w fan "skowe"
[x] ~ [χ]
ch fan "berch"
ch
[z]
z fan "wêze"
[ʤ]
zj fan "bagaazje" /
dzj fan "siedzje"/
dj fan "djoer"
dj of dzj
[ʔ]
glottisslach
: klank tusken gelikense lûden yn "koöperaasje"
ʾ of ’
N.B.: de klanken [ɡ] (g fan "goed") en p (fan "pet") komme yn 'e Arabyske standerttaal net foar (en de p ûntbrekt ek yn alle sprektalen).
Yn it Modern Standertarabysk hat de letter
jīm
(ج) de wearde [ʤ] (dzj fan "siedzje"), mar yn 'e hjoeddeistige Arabyske sprektalen wurdt dyselde klank op ferskate manearen útsprutsen. De útspraak [ʤ] komt fral foar yn noardlik
Algerije
Irak
en it meastepart fan it
Arabysk Skiereilân
, mar mei yn beskate posysjes as
allofoan
[ʒ] (zj fan "bagaazje"). Yn 'e
Levant
en it grutste part fan 'e
Magreb
seit men altyd fan [ʒ], wylst yn
Egypte
en beskate kriten fan
Jemen
en
Omaan
de útspraak [ɡ] (g fan "goed") is. Yn oare regio's fan
Jemen
, en ek yn in grut part fan
Sûdaan
, seit men ynstee [ɡʲ] (gj fan "gjin") of [ɟ] (dj fan "djoer"), dat eins de oarspronklik útspraak fan dizze klank yn it
Klassyk Arabysk
wie.
De saneamde Blauwe
Koraan
, in
manuskript
út 'e
9e
of de
10e iuw
, skreaun yn 'e
Magrebbynske
foarm fan it
Arabysk-Perzysk skrift
De stimleaze th [θ] (th fan
thin
) wurdt yn guon sprektalen útsprutsen as [s] (s fan "sin"), wylst er yn 'e Magreb soms ek reälisearre wurdt as [ʦ] (ts fan "tsiis"). Fierders wurde yn in protte sprektalen de
faryngale
[ħ] en [ʕ] noch fierder nei efteren yn 'e kiel útsprutsen as de
epiglottale
[ʜ] resp. [ʢ].
De
emfatyske konsonant
[dˁ] waard yn it Klassyk Arabysk eins útsprutsen as [ɮˁ] (in faryngalisearre
stimhawwende alveolêre laterale frikatyf
) of mooglik as [dɮˁ] (in faryngalisearre stimhawwende alveolêre laterale affrikaat), mar yn elts gefal in tige seldsume klank. Yn 'e
Midsiuwen
neamden de
Arabieren
harren taal dêrom ek wol
luġat al-ḍād
, "de taal fan 'e
ḍād
" (
ḍād
is de namme fan dy letter). Se mienden nammentlik dat dy klank unyk wie foar harren taal; eins komt er lykwols ek foar yn inkele lytsere
Semityske talen
, lykas it
Súdarabyske
Machrysk
. De
ḍād
[dˁ] (skreaun as ض) en de oare trije
faryngalisearre
konsonanten fan it Arabysk,
ẓa’
[ðˁ] (ظ),
ṣād
[sˁ] (ص) en
ṭa’
[tˁ] (ط), komme fuort út 'e
Proto-Semityske
ejektive konsonanten
[d’], [ð’], [s’], resp. [t’], dy't foar yn 'e mûle mei ekstra krêft útsprutsen waarden. Yn 'e hjoeddeistige Arabyske talen fertoane se sawol
faryngalisaasje
as útinoar rinnende mjitten fan
felarisaasje
Fierders komt yn it Arabysk ek it ferskynsel
geminaasje
foar, wêrby't konsonanten twa kear sa lang útsprutsen wurde as normaal. Dat ferskil kin betsjuttingsûnderskiedend wêze. De oanwêzigens fan sokke lange konsonanten wurdt yn it Arabysk-Perzyske skrift oanjûn mei in
diakritysk teken
dat in
šaddaẗ
of sjadda(h) hjit (ferlykje قبل,
qabila
, "hy stimde ta", en قبّل,
qabbala
, "hy tute"). Yn 'e
transliteraasje
wurdt dit ferskynsel werjûn troch ferdûbeling fan 'e konsonanten (bgl. bb, dd, ensfh.).
Foarbylden fan 'e wurking fan it systeem fan
triliterale wurdstammen
yn it Arabysk.
Grammatika
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Krekt as by oare
Semityske talen
is yn it Arabysk de
grammatika
basearre op saneamde
triliterale stammen
. Dat binne patroanen fan
wurden
dy't besteane út trije
konsonanten
, oanfolle mei
fokaalwikselings
foarheaksels
en
efterheaksels
om se te
ferbûgen
. It Arabyske wurd foar "ik skreau" wurdt bgl. gearstald út 'e triliterale wurdstam
k-t-b
("skriuwe"), mei it fokaalpatroan
-a-a-
en it efterheaksel
-tu
, dat de
earste persoan inkeltal
yn 'e
doetiid
oanjout, dus "ik …de".
Sa komt it wurd
katabtu
ta stân, dat "ik skreau" betsjut. De earste persoan inkeltal yn 'e doetiid fan oare
tiidwurden
hat ornaris itselde patroan, mar mei in oare triliterale stam, lykas
qara’tu
("ik lies"),
akaltu
("ik iet"),
ḏahabtu
("ik gie"). Oare farianten binne ek mooglik, lykas
šaribtu
("ik dronk"),
qultu
("ik sei") en
takallamtu
("ik spriek"), wêrby't it subpatroan om 'e doetiid oan te jaan oars is, mar it efterheaksel
-tu
, dat de earste persoan inkeltal werjout, itselde bliuwt.
Op dy wize kinne fan 'e triliterale stam
k-t-b
withoefolle wurden ôflaat wurde troch ferskillende fokaalpatroanen en foar- en/of efterheaksels ta te passen:
أَكْتُبُ,
’aktubu
– "ik skriuw"
كَتَبْتُ,
katabtu
– "ik skreau"
أُكَتِّبُ,
’ukattibu
– "ik haw (wat) skreaun"
كَتَّبْتُ,
kattabtu
– "ik hie (wat) skreaun"
أُكَاتِبُ,
’ukātibu
– "ik skriuw
(korrespondearje)
(mei immen)"
كَاتَبْتُ,
kātabtu
– "ik skreau
(korrespondearje)
(mei immen)"
أُكْتِبُ,
’uktibu
– "ik skriuw foar"
أَكْتَبْتُ,
’aktabtu
– "ik skreau foar"
أَكْتَتِبُ,
’aktatibu
– "ik skriuw my yn"
اِكْتَتَبْتُ,
iktatabtu
– "ik skreau my yn"
نَتَكَتِبُ,
natakātabu
– "we skriuwe
(korrespondearje)
mei-inoar"
تَكَاتَبْنَا,
takātabnā
– "we skreaune
(korrespondearren)
mei-inoar"
كُتِبَ,
kutiba
– "it wie skreaun"
أُكْتِبَ,
’uktiba
– "it wie foarskreaun"
مَكْتُوبٌ,
maktūbun
– "skreaun"
مُكْتَبٌ,
muktabun
– "foarskreaun"
كِتَابٌ,
kitābun
– "boek"
كُتُبٌ,
kutubun
– "boeken"
كَاتِبٌ,
kātibun
– "skriuwer"
كُتَّابٌ,
kuttābun
– "skriuwers"
مَكْتَبٌ,
maktabun
– "buro
(skriuwtafel)
" of "kantoar"
مَكْتَبَةٌ,
maktabatun
– "bibleteek" of "boekhannel"
Dialekten (of talen)
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De moderne Arabyske talen of dialekten (begrinzgings by benadering):
██
1:
Moarsk
██
2:
Marokkaansk
██
3:
Saharaansk
██
4:
Algerynsk
██
5:
Tunezysk
██
6:
Libysk
██
7:
Egyptysk
██
8:
Eastegyptysk
██
9:
Saïdysk
██
10:
Tsjadysk
██
11:
Sûdaneesk
██
12:
Sûdaneesk-Kreoalsk
██
13:
Nêzjdysk
██
14:
Súdlevantynsk
██
15:
Noardlevantynsk
██
16:
Noardmesopotamysk
██
17:
Mesopotamysk
██
18:
Golfarabysk
██
19:
Baharna
██
20:
Hidjazysk
██
21:
Sjihysk
██
22:
Omaansk
██
23:
Dofaarsk
██
24:
Sanaänitysk
██
25:
Taïzzysk-Adenitysk
██
26:
Hadramautysk
██
27:
Oezbeeksk-Arabysk
██
28:
Tadzjyksk-Arabysk
██
29:
Syprioatysk
██
30:
Malteesk
██
31:
Nûby-Arabysk
Sjoch:
Arabyske talen
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
De hjoeddeistige
Arabyske talen
wurde troch
Arabieren
ornaris as
dialekten
oantsjut, mar
taalkundigen
sjogge se yn 'e regel as selsstannige
talen
, mei't se faak net ûnderling fersteanber binne. Fan in
taalkundich
perspektyf út wurdt gauris steld dat de Arabyske talen krekt likefolle faninoar ferskille as de
Romaanske talen
Frânsk
Spaansk
Portegeesk
Italjaansk
Roemeensk
Katalaansk
Oksitaansk
, ensfh.). De fraach oft it Arabysk ien taal mei in protte ferskillende dialekten is, of in taalgroep besteande út ferskate tsientallen selsstannige talen, hat in
politike
lading en leit dêrom gefoelich. It soe ferlike wurde kinne mei lyksoartige kwestjes dy't besteane om it
Sineesk
hinne, om it
Hindy
en
Oerdû
hinne, en om 'e nasjonale fariëtetien hinne dy't fuortkommen binne út it
Servo-Kroätysk
Servysk
Kroätysk
Bosnysk
en
Montenegrynsk
). Mar wylst sprekkers fan it Hindy en it Oerdû, of fan it Servysk en it Kroätysk, úthâlde dat se inoar net ferstean kinne, wylst se dat wól kinne, beweare sprekkers fan it Arabysk dat se inoar wól ferstean kinne wylst dat nèt sa is.
Fan in
etnyske
Arabier
fan lykfol hokker
nasjonaliteit
dy't in beskate mjitte fan
taalûnderwiis
genoaten hat, mei oannommen wurde dat er sawol syn
memmetaal
sprekt, ien fan 'e hjoeddeistige Arabyske sprektalen, as it
Modern Standertarabysk
, dat er op
skoalle
as
twadde taal
oanleard hat. As Arabieren dy't ferskillende Arabyske sprektalen as memmetaal hawwe, mei-inoar yn
petear
reitsje, bgl. in
Marokkaan
en in
Libanees
, moatte se dêrfoar harren taflecht nimme ta it Modern Standertarabysk, om't se inoar oars net ferstean kinne. Dêrby moat oantekene wurde dat Arabysksprekkers harren bekendheid mei oare Arabyske talen faak ferbetterje troch it harkjen nei
muzyk
of it sjen fan
films
yn dy taal. Om't de measte Arabyske films fan âlds yn
Egypte
makke wurde, binne lju yn 'e hiele
Arabyske wrâld
bekend mei it
Egyptysk-Arabysk
, de taal dy't yn
Kaïro
sprutsen wurdt.
De Arabyske talen falle útinoar yn trije grutte groepen: it
Magrebbynsk-Arabysk
fan 'e
Magreb
, it
Nilo-Egyptysk-Arabysk
fan
Egypte
Sûdaan
en dielen fan
Súd-Sûdaan
en de eastlike
Sahara
, en it
Middeneastlik-Arabysk
fan it
Midden-Easten
. Dêrby steane it Middeneastlik-Arabysk en it Nilo-Egyptysk-Arabysk tichter byinoar as by it Magrebbynsk-Arabysk; dy beide groepen foarmje sadwaande it
Masjrikynsk-Arabysk
Magreb
is Arabysk foar "westen" en
Masjrik
betsjut "easten"). De ferskillen tusken de Arabyske talen binne alteast foar in part werom te fieren op it ferskillende
substraat
: de talen dy't al sprutsen waarden yn dat spesifike gebiet foar't se ferkrongen waarden troch it Arabysk. Foar in grut part fan 'e
Fruchtbere Healmoanne
gie dêrby om it
Arameesk
, yn it
Egypte
om it
Koptysk
, yn 'e
Magreb
om 'e
Berbertalen
en yn it suden fan it
Arabysk Skiereilân
om 'e
Súdarabyske talen
Sjoch ek
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Arabysk-Perzysk skrift
Keppelings om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
(in)
Beskriuwing fan it Arabysk op
Ethnologue
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:
References
, op dizze side
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Arabic language
fan
Wikimedia Commons
Opfrege fan "
Kategoryen
Arabysk
Arabyske talen
Westsemityske talen
Taal yn Algerije
Taal yn Bachrein
Taal yn Dzjibûty
Taal yn Egypte
Taal yn Eritreä
Taal yn de Feriene Arabyske Emiraten
Taal yn Irak
Taal yn Iran
Taal yn Israel
Taal yn Jemen
Taal yn Jordaanje
Taal yn Katar
Taal yn Koeweit
Taal yn de Komoaren
Taal yn Libanon
Taal yn Lybje
Taal yn Maly
Taal yn Marokko
Taal yn Mauretaanje
Taal yn Niger
Taal yn Oman
Taal yn Palestina
Taal yn Saûdy-Araabje
Taal yn Syrje
Taal yn Somaalje
Taal yn Spanje
Taal yn Súd-Afrika
Taal yn Sûdan
Taal yn Tadzjikistan
Taal yn Tsjaad
Taal yn Tuneezje
Taal yn Turkije
Taal yn de Westlike Sahara
Arabysk
Nij mêd