Arameesk - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Arameesk
algemien
eigen
namme
ܐܪܡܝܐ,
Arāmāyā
lânseigen
yn
Irak
Iraan
Israel
Jordaanje
Libanon
Palestina
Syrje
Turkije
tal
sprekkers
Arameesk sels:
Arameeske talen
: 1,2 miljoen
skrift
hist.
ferskaat; no
Syrysk skrift
taalsibskip
taalfamylje
Afro-Aziatysk
Semitysk
Westsemitysk
Middensemitysk
Noardwestsemitysk
Aramoïde
Arameesk
Arameesk
dialekten
sjoch:
Arameeske talen
taalstatus
offisjele status
gjint
erkenning as
minderheidstaal
net as sadanich; wol
beskate
Arameeske talen
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3
It
Arameesk
Aldarameesk
: 𐤀𐤓𐤌𐤉𐤀;
Klassyk Arameesk
: 𐡀𐡓𐡌𐡉𐡀;
Joadsk Babyloanysk-Arameesk
: אַרָמָיָא;
Syrysk
: ܐܪܡܝܐ;
transliterearre
nei it
Latynske alfabet
Arāmāyā
) is in no
útstoarne
taal
dy't foarhinne yn 'e
Fruchtbere Healmoanne
fan it
Midden-Easten
sprutsen waard. Hy heart ta de
Noardwestlike kloft
fan 'e
Semityske talen
, dy't sels wer ûnderdiel útmeitsje fan 'e
Afro-Aziatyske
taalfamylje
. It Arameesk wie it naust
besibbe
oan û.m. it
Hebriuwsk
en it
Fenisysk
. De
skiednis
fan 'e taal giet teminsten werom oant
1200 f.Kr.
Fan 'e
tsiende iuw f.Kr.
ôf is it Arameesk
skriftlik
oerlevere, wêrnei't it him yn 'e tiid fan it
Nijassyryske Ryk
, yn 'e earste helte fan it
earste milennium f.Kr.
, ûntwikkele ta in
lingua franca
yn it hiele
Heine Easten
. It wie ien fan 'e talen dêr't de
Bibel
yn skreaun waard. Geandewei de twadde helte fan it
earste milennium f.Kr.
begûn de taal útinoar te fallen, wêrby't de ûnderskate
dialekten
har ûntjoegen ta de
Arameeske talen
dy't no ek noch sprutsen wurde.
Taalbesibskip
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arameesk heart ta de
Semityske talen
, in
taalgroep
dy't sels wer ûnderbrocht wurde moat by de gruttere
Afro-Aziatyske
taalfamylje
. Binnen de Semityske talen heart it Arameesk ta de
Middensemityske groep
fan 'e
Westsemityske taalkloft
. Dêr wer binnen wurdt it troch de measte
taalkundigen
ta de
Noardwestsemityske talen
rekkene, mei de
Kanaänityske talen
(û.m. it
Hebriuwsk
en it
Fenisysk
). Ien fan 'e útsûnderings wat dy yndieling oangiet, is de foaroansteande
taalkunde
webside
Ethnologue
, dy't de Kanaänityske talen mei de
Arabyske talen
ûnderbringt yn in 'Súdlik Middensemityske' of 'Arabo-Kanaänityske' taalgroep, en it Arameesk en syn ôfstammelingen (de
Arameeske talen
) dêrmei op ien hichte stelt.
De namme fan it Arameesk (
Arāmāyā
) yn it
Syrysk skrift
It
Samalysk
en de ûnbekende taal fan 'e
Deir Alla-ynskripsje
binne identifisearre as talen dy't bûten it eigentlike Arameesk falle, mar dêr wol in protte oerienkomsten mei fertoane. Se kinne dêrom mooglik mei it Arameesk yn in '
Aramoïde taalgroep
' pleatst wurde.
Taalgebiet
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan it Arameesk wie beheind ta it lân
Aram
, dat rûchwei it
suden
besloech fan wat no
Syrje
is, mei as sintrum de
stêd
Damaskus
. Yn 'e earste helte fan it
earste milennium f.Kr.
fersprate de taal him ûnder ynfloed fan it
Nijassyryske Ryk
oer frijwol de hiele
Fruchtbere Healmoanne
fan it
Midden-Easten
. Sadwaande kinne
Syrje
Libanon
Israel
Palestina
Jordaanje
Irak
, súdeastlik
Turkije
en westlik
Iraan
as it heitelân fan it Arameesk beskôge wurde.
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Periodisearring
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De skiednis fan it Arameesk falt útinoar yn trije tiidrekken:
Aldarameesk
1100 f.Kr.
200 (n.Kr.)
Midarameesk
200
1200
Nijarameesk
1200
– no
Beskriuwing
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Histoarysk
en oarspronklik wie it Arameesk de
memmetaal
fan 'e
Arameeërs
, in
Semitysk folk
dat him om
1200 f.Kr.
yn it noardlike part fan 'e
Levant
en by de bopperin fan 'e
rivier
de
Tigris
lâns nei wenjen sette. Tsjin
1000 f.Kr.
hiene de Arameeërs yn dy kontreien en yn súdeastlik
Anatoalje
en oan 'e súdwestlike râne fan
Mesopotaamje
in hiele rige
stêdsteaten
stifte, wêrfan't de wichtichste
Aram-Damaskus
wie. Fan 'e earste helte fan 'e
tsiende iuw
ôf is it Arameesk yn
skriftlike
foarm oerlevere.
Hebriuwsk
(l.) en Arameesk (rj.) yn in
Joadske Bibel
út
1299
yn 'e
Bodleian Library
Yn 'e tiid fan it
Nijassyryske Ryk
911
605 f.Kr.
) waarden de Arameeske steatsjes ferovere troch de
Assyrjers
. Mar ynstee dat de Arameeërs doe it
Akkadysk
, de
offisjele taal
fan it Nijassyryske Ryk, oernamen, wurke de ferovering fan Aram as in katalysator foar de fersprieding fan it Arameesk troch it Nijassyryske Ryk. Koart nei
750 f.Kr.
krige it Arameesk in offisjele status yn it ryk. Under ynfloed fan 'e Assyrjers fersprate de taal him nei de súdlike Levant, Mesopotaamje en Anatoalje. Dêrby ferkrong it Arameesk net inkeld it
Eastsemityske
Akkadysk, mar ek oare
Noardwestsemityske talen
, lykas it
Fenisysk
Ammonitysk
Moäbitysk
en
Edomitysk
Nei de fal fan it Nijassyryske Ryk yn
605 f.Kr.
waard it Arameesk ek de
bestjoerstaal
yn it dêropfolgjende
Nijbabyloanyske Ryk
. Tsjin dy tiid wie it Akkadysk as
sprektaal
nei alle gedachten al
útstoarn
, hoewol't it noch iuwenlang yn gebrûk bleau as
literêre
en
liturgyske taal
. Doe't yn
539 f.Kr.
it Nijbabyloanyske Ryk ûnder fuotten helle waard troch it
Achaimenidyske
Perzyske Ryk
, wist it Arameesk ek binnen dat nije steatsferbân syn posysje te behâlden: om
500 f.Kr.
hinne joech kening
Darius I
it
Klassyk Arameesk
of Ryksarameesk in offisjele status. It tinken mank
histoarisy
is dat it gebrûk fan ien inkele offisjele taal, dy't yn it grutste part fan it gebiet al sprutsen waard, it foar de Perzen in stik makliker makke om harren ûnbidige, multy-
etnyske
ryk
byinoar te hâlden. It Arameesk ûndergie yn dy tiid in beskate
Perzyske
ynfloed, mar it oefene sels ek ynfloed út op 'e ûntwikkeling fan 'e ûnderskate
Iraanske talen
, lykas it
Midperzysk
Partysk
en
Sogdysk
Sa berikte it Arameesk syn hichtepunt yn 'e twadde helte fan it
earste milennium f.Kr.
, doe't it sprutsen waard yn wat no
Syrje
Libanon
Israel
Palestina
Jordaanje
, it
Sinaï-skiereilân
, súdeastlik
Turkije
Irak
Koeweit
Bachrein
Katar
, noardeastlik
Saûdy-Araabje
, en westlik
Iraan
is. Foar de
hannel
en oarsoartige
kommunikaasje
tusken sprekkers fan ferskillende
memmetalen
waard it Arameesk de
lingua franca
dy't yn it hiele
Midden-Easten
brûkt waard, oant yn
Egypte
yn it westen en
Ynje
yn it easten ta. Tsjin dy tiid hie it ek it taaie
Hebriuwsk
werom witten te kringen, en waard it, yn 'e foarm fan
Bibelsk Arameesk
, brûkt om stikken fan 'e
Tenach
, de
joadske
Bibel
, te skriuwen (om persiis te wêzen: dielen fan 'e bibelboeken
Daniël
en
Ezra
).
In
9e-iuwsk
Syrysk
manuskript
yn it
Syrysk skrift
De
ferovering fan it Achaimenidyske Ryk
troch
Aleksander de Grutte
yn
330 f.Kr.
makke net fuortendaliks in ein oan 'e hegemony fan it Arameesk, mar foarme dêr wol it begjin fan. It
Seleusidyske Ryk
, dat nei de
dea
fan Aleksander troch syn opfolgers yn it
Midden-Easten
stifte waard, fierde it
Gryksk
yn as bestjoerstaal, en mei dêrtroch rekke it mei it Arameesk yn 'e
Hellenistyske Tiid
stadichoan yn it neigean. Geandewei de
trêde iuw f.Kr.
ferkrong it Gryksk it Arameesk as de
lingua franca
yn 'e noardlike Levant, Mesopotaamje en Egypte. Yn wat no
Jordaanje
is, wie it
Nabateesk
, in
Arameeske taal
, lykwols de offisjele taal fan it keninkryk
Petra
200
106 f.Kr.
), hoewol't de memmetaal fan 'e
befolking
eins
Nabateesk-Arabysk
wie, in foarm fan
Aldarabysk
Oare oplibbings fan foarmen fan it Arameesk fûnen plak yn
Palestina
, dêr't it Arameesk de offisjele bestjoerstaal wie fan it
Hasmoneeske Keninkryk Judeä
142
37 f.Kr.
), yn noardlik
Mesopotaamje
, dêr't it
Hatreensk
de taal wie fan 'e
stêdsteat
Hatra
100 f.Kr.
240
), en yn
Syrje
, dêr't it
Palmyreensk
de taal wie fan 'e stêdsteat
Palmyra
44 f.Kr.
274
). Om it begjin fan 'e
Westerske jiertelling
hinne wie it Arameesk fierders de
taal fan Jezus
, dy't it
Galileeske
dialekt
fan it
Joadsk Palestynsk-Arameesk
as memmetaal spriek.
In
11e-iuwsk
boek
yn it
Syrysk skrift
Fuort nei it begjin fan 'e
Westerske jiertelling
wiene dy taal en it
Joadsk Babyloanysk-Arameesk
de wichtichste talen dêr't de
Talmoed
yn skreaun waard, wylst it
Klassyk Mandeesk
de oarspronklike taal fan 'e
mandeïstyske
religy
en it
Samaritaansk-Arameesk
de
liturgyske taal
fan it
samaritanisme
wie. Underwilens ûntwikkele it
Syrysk
him ta ien fan 'e wichtichste talen binnen it
Syrysk-otterdokse
en
nestoriaanske
kristendom
, wylst it
Kristlik Palestynsk-Arameesk
in selde posysje krige yn 'e
Melkityske Gryksk-katolike
mienskip
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De hjoeddeistige
Arameeske talen
falle útinoar yn in westlike en in eastlike kloft. Fan 'e
Westarameeske talen
is net folle mear oer, útsein it
Westarameesk
of Westlik Nijarameesk, dat noch sprutsen wurdt troch in lytse
minderheid
yn 'e
doarpen
Maälûla
Al-Sarcha
en
Djûb'adin
, oan 'e
Syryske
kant fan it
Anty-Libanonberchtme
De
Eastarameeske talen
omfetsje ûnder mear it
Arameesk-Assyrysk
mei 587.000 oant 829.000 sprekkers, it
Galdeesk
mei 242.000 sprekkers en it
Toerojo
mei 103.000 sprekkers. Oan 'e oare kant is it
Soerjojo
of
Mlaḥsô
, dat it naust oan it Toerjojo
besibbe
is, yn
1998
útstoarn
, wylst de
Mandeesk
hjoed de dei noch mar troch sa'n 5.000 minsken sprutsen wurdt, ek al telle de
Mandeeërs
as
etnyske groep
wol 70.000 minsken. In grut part fan 'e sprekkers fan 'e Arameeske talen libbet net mear yn it Midden-Easten, mar om utens yn 'e
Westerske wrâld
, as ûnderdiel fan 'e
diaspora
. De
Judeo-Arameeske talen
wurde tsjintwurdich hast inkeld noch yn
Israel
sprutsen.
De
letters
fan it
Syrysk skrift
Skrift
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arameesk is altyf
fan rjochts nei lofts
skreaun. It ierste
skrift
dêr't it Arameesk gebrûk fan makke, wie basearre op it
Fenisysk skrift
. Meitiid ûntjoech it Ararmeesk in karakteristike 'fjouwerkantige' skriuwstyl. De âlde
Israeliten
namen dat oer om harren eigen taal dermei te skriuwen, en sadwaande stiet dat skrift hjoed de dei better bekend as it
Hebriuwsk skrift
. Eigen foarmen fan dat skrift ûntjoegen har yn
Petra
(it
Nabateesk skrift
) en
Palmyra
(it
Palmyreensk skrift
).
In nijer,
kursyf
skrift foar it skriuwen fan it Arameesk ûntwikkele him letter yn
kristlike
mienskippen
foar it
Syrysk
, in
Eastarameeske taalfoarm
. Dat kaam dêrom bekend te stean as it
Syrysk skrift
, al wurdt it tsjintwurdich ek gauris oantsjut as Arameesk skrift. In yn hege mjitte oanpaste foarm dêrfan, it
Mandeesk skrift
, wurdt brûkt foar it skriuwen fan it
Mandeesk
(dat ek in Eastarameeske taal is). It
Toerojo
(ek in Eastarameeske taal), wurdt soms skreaun mei it
Latynske alfabet
Taaleigenskippen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fonology
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fokalen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Arameesk beskikt oer acht
fokalen
[a], a fan "lam"
[ɑ], in nei in o fan "hok" niigjende a, lykas yn 'e
Hollânske
útspraak
fan "bak"
[ɛ], e fan "lek"
[e], ee fan "leed", mar koarter oanholden
[i], y fan "wyt"
[ɔ], o fan "hok"
[o], o fan "bok"
[u], û fan "rûch"
It liket derop dat de [ɑ] en [ɔ] allinnich foarkamen as
allofoan
of
dialektyske
fariant fan [a], resp. [ɛ]. Der wiene fierders twa
twaklanken
: [ei] (ee fan "leed" folge troch y fan "wyt") en [au] (au fan "lau"). Yn in protte dialekten ferskode de útspraak fan 'e twaklanken meitiid nei [e:] (ee fan "leed"), resp. [o:] (oo fan "rook").
Konsonanten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fierders beskikte it Arameesk oer 28
konsonanten
[b], [d], [f], [h], [k], [j], [l], [m], [n], [p], [r], [s], [t], [v] en [z] binne bekend om't se ek yn it
Frysk
foarkomme. Oare bekende klanken binne [ɡ] (de g fan "goed"), [ɣ] (de g fan "bûge"), [ʃ] (sj fan "sjippe"), [w] (de w fan "skowe") en [x] (ch fan "berch"). Fierders hie it Arameesk:
[θ], de
stimleaze th
, lykas yn it
Ingelske
thin
[ð], de
stimhawwende th
, lykas yn it Ingelske
this
[q], in yn 'e
kiel
útsprutsen k-klank
[ħ], in yn 'e kiel útsprutsen stimleaze h-klank
[ʕ], in yn 'e kiel útsprutsen stimhawwende h-klank
[ʔ], de
glottisslach
, oftewol de klank tusken de beide gelikense lûden yn wurden as "Aäron" en "koöperaasje"
[sˁ], in s-klank folge troch in lichte stimhawwende yn 'e kiel útsprutsen h
[tˁ], in t-klank folge troch in lichte stimhawwende yn 'e kiel útsprutsen h
Ferliking
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Hjirûnder in tabel mei ferlikings fan it
Aldarameesk
mei it modern
Westarameesk
en it modern
Eastarameesk
Frysk
Aldarameesk
modern
Westarameesk
modern
Eastarameesk
"ien"
ḵad
ha
ga
"twa"
tərēn
trɛ
tre
"trije"
təlata
tloṯo
tlaṯa
"fjouwer"
arrəbə’a
arb’o
arba
"fiif"
ḵamməša
hamšo
gamša
"seis"
šita
ɛšto
ɛšta
"sân"
šibə’a
šow’o
šowa
"acht"
təmannəya
tmɛnyo
tmanya
"njoggen"
tišə’a
tɛš’o
tiša
"tsien"
asər
‘asro
ɛsra
Keppeling om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
(in)
Beskriuwing fan it Arameesk op
Ethnologue
(in)
(ned)
Artikels oer it Arameesk yn it Ingelsk en Nederlânsk
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:
Notes
en
References
, op dizze side
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Aramaic language
fan
Wikimedia Commons
Opfrege fan "
Kategoryen
Arameesk
Arameeske talen
Utstoarne taal
Taal yn Irak
Taal yn Iran
Taal yn Israel
Taal yn Jordaanje
Taal yn Koeweit
Taal yn Libanon
Taal yn Palestina
Taal yn Saûdy-Araabje
Taal yn Syrje
Taal yn Turkije
Arameesk
Nij mêd
US