Yn 'e santjinde of mooglik al yn 'e sechstjinde iuw waarden de Arapaho-Gro Wânt, yn 'e mande mei de Sjajinnen, troch de út it easten wei opkringende Odjibwe (Ojibwe) út 'e boskgebieten fan Minnesota en eastlik Manitoba de Grutte Flakten op dreaun. It liket derop de Besawûnena langer as de oare Arapaho yn 'e krite fan 'e Grutte Marren hingjen bleaun binne en pas nei ferrin fan tiid harren sibben folge binne nei de flakten. (De namme Bäsawunena, dy't oer it algemien ynterpretearre wurdt as "folk fan 'e grutte tinten", soe neffens in protte saakkundigen eins "folk fan 'e grutte marren" betsjutte.) Op 'e flakten oankommen libben de Arapaho earst yn 'e noardlike kontreien dy't fan 'e rivier de Súdlike Saskatchewan, yn Kanada, oant yn 'e hjoeddeistige steaten Montana en Wyoming en it westlike diel fan 'e Dakota's rûnen. Meitiid teagen se lykwols nei it súdwesten ta, dêr't se harren wengebiet fêstigen yn wat no de Amerikaanske steaten Wyoming en Kolorado en westlik Kansas en Nebraska binne. Koart nei 1700 kamen se foar it earst oan hynders (earder hiene se geandefoets op bizons jage), en namen se de hynstekultuer fan 'e súdliker Flaktestammen oer, dy't letter sa ferneamd wurde soe troch it literêre en filmsjenre fan 'e western.
Yn 1811 of dêromtrint sleaten de Arapaho in formeel bûnsgenoatskip mei de Sjajinnen (Cheyenne), dat oant hjoed de dei stânhâldt. Tegearre fochten de beide stammen yn it suden fan harren domein, yn 'e krite fan 'e Reade Rivier, tsjin 'e Komansjen (Comanche), Kajowa (Kiowa) en Flakte-Apachen. Dy striid waard yn 1840 beëinige, doe't der in fredesferdrach en sels in ferbûn sletten waard. De bekendste Arapaho-lieder dy't dêrby belutsen wie, wie it opperhaad Lytse Raven. Mei de stipe fan harren nije Kajowa-bûnsmaten wisten de Arapaho doe foar it earst troch te kringen yn 'e Teksaanske Panhandle. Ien Súdlike Arapaho-troep rekke sa nau ferbûn mei de Komantsjen dat se úteinlik de taal fan har bûnsgenoaten oernamen en as de Saria Tʉhka- of "Hûne-iters"-troep yn it Komantsjyske folksferbân opnommen waarden.
Oan 'e noardkant fan harren territoarium bedarren de Arapaho fia harren alliânsje mei de Sjajinnen, dat wer bûnsgenoaten wiene fan 'e Sû (Sioux), yn 'e ynfloedsfear fan dat machtige folk, dat de noardlike Grutte Flakten fierhinne dominearre. Fierders waard der fochten mei hast alle buorfolken: mei de Pâny (Pawnee), Omaha, Osadzje (Osage), Ponka (Ponca) en Kou (Kaw) yn it easten; mei de Krieën (Crow), Swartfuotten (Blackfeet), Gro Wânt (Gros Ventre), Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Flakte-Kry (Plains Cree) en Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe) yn it noarden; mei de Sjosjoanen (Shoshone) en Jût (Ute) yn it westen; en mei de Apachen en inkeld de Navaho (Navajo) en Pueblo-Yndianen yn it suden.

De oarlochshannelings bestiene foar it meastepart út oerfallen op doarpen en fûleindich útfochten skermutselings oer en wer, en wiene ferspraat troch de tiid, dat it wie net altyd oarloch mei eltsenien. Krektoarsom, de Arapaho stiene bekend as trochkrûpte keaplju en ferhannelen fral fleis en hûden (mar ek ealstiennen dêr't se troch ruilhannel mei de stammen fan it Súdwesten oan kommen wiene) mei de Arikara, Mandan en Hidatsa (dy't foar in grut part lânbouwers wiene) foar nôt, pompoenen en beane.
Fan 'e 1850-er jierren ôf wiene der út en troch skermutselings tusken Arapaho-krigers en de Amerikanen, feroarsake troch de almar fierder geande kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de blanken. Yn novimber 1864 waard it freedsume doarp fan it Súdlik Sjajinske opperhaad Swarte Tsjettel, dy't in freon fan 'e Amerikanen wie, op ferriedlike wize oanfallen en útmoarde troch de territoriale milysje fan Kolorado, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington, wêrby't tusken de 150 en 200 Yndianen omkamen, meast froulju en bern. Ek guon Súdlike Arapaho dy't op dat stuit yn it doarp taholden (it opperhaad Lofterhân ynbegrepen), waarden slachtoffer fan dit Bloedbad fan Sand Creek.

Dy slachting feroarsake grutte ûnrêst en lulkens ûnder de Sjajinnen en de Arapaho, en joech de oanset ta de saneamde Kolorado-oarloch. Krigers fan 'e Oglala- en Brulee-substammen fan 'e Lakota-Sû kamen del út it noarden om har by de Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho te jaan, wêrnei't dy Yndiaanske koälysje de Amerikanen nederlagen tabrocht yn jannewaris 1865, yn 'e Slach by Julesburg, yn febrewaris fan dat jier, yn 'e Slach by Mud Springs, en yn july, yn 'e Slach by Platte Bridge. Under generaal Patrick E. Connor syn Powderrivierekspedysje, yn augustus 1865, waard yn 'e Slach oan de Tongue in Arapaho-doarp ferovere en útmoarde wylst de measte krigers op jacht wiene. Yn septimber namen de Arapaho wraak troch in ploech lânmjitters te deadzjen yn wat bekend kommen is te stean as it Sawyers-gefjocht.
Foar de Noardlike Arapaho gie de Kolorado-oarloch fan 1864-1865 frijwol naadleas oer yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ûnder lieding fan it Oglala-opperhaad Reade Wolk focht om foar te kommen dat it Amerikaanske leger in rige forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. Yn dy oarloch wiene de Arapaho û.m. belutsen by it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen. Dat wie de grutste Amerikaanske nederlaach op 'e Grutte Flakten oant doe ta. De Oarloch fan Reade Wolk einige yn in oerwinning foar de Yndianen, dy't by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, grutte stikken lân taparte krigen.
Underwilens wiene der yn Kansas, Oklahoma en Teksas nei it Bloedbad fan Sand Creek fijannichheden útbrutsen tusken de Amerikanen en in alliânsje fan Súdlike Arapaho, Súdlike Sjajinnen, Komansjen, Kajowa en Flakte-Apachen. De oarlochssitewaasje yn it suden einige fierhinne mei de ûndertekening fan it Ferdrach fan Medicine Lodge, yn oktober 1867, wêrby't de Súdlike Arapaho in reservaat yn it westen fan it doetiidske Yndiaanske Territoarium (it tsjinwurdige Oklahoma) tawiisd waard. In minderheid fan 'e Súdlike Arapaho en Súdlike Sjajinnen (fan dy lêsten benammentlik de Hûnskrigers), wie op dat ferdrach tsjin en focht noch jierrenlang troch. De lêste grutskalige slach tusken de Arapaho en de Amerikanen wie de Slach by Summit Springs, fan july 1869, wêrby't de tsjinstanners fan it Ferdrach fan Medicine Lodge troch de Amerikanen útskeakele waarden as militêre macht fan betsjutting.

Yn 1876-1877 waard op 'e noardlike flakten noch de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 útfochten, mar de dielname fan 'e Noardlike Arapaho dêroan wie net grut. Dat wie benammentlik te tankjen (of te witen) oan opperhaden lykas Swarte Koallen, dy't ûnder eagen sjoen hie dat de ûngelikense striid tsjin 'e blanken net mei de wapens wûn wurde koe, en dêrom út alle macht besocht om it de Arapaho-krigers te ûntpraten om har yn dit konflikt wer by har Sjajinske en Lakota-bûnsmaten fan âlds te jaan. It meast ferneamde en teffens wichtichste treffen fan 'e Grutte Sû-Oarloch wie de Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske 7de Kavaleryrezjimint fan generaal George Armstrong Custer fierhinne ferdylgen.
Yn dy slach fochten neffens ien ferhaal mar fiif Arapaho-krigers mei, te witten de Noardlike Arapaho Giele Earn, Giele Mich, Lofterhân en Wetterman en de Súdlike Arapaho Wolwittende Man (ek wol bekend as Grien Gers). Hja wiene der fiifresom op útgien om 'e Sjosjoanen te oerfallen, mar waarden finzen nommen troch in grutte groep Lakota, dy't har foar ferkenners fan it Amerikaanske leger holden. It Sjajinske opperhaad Twa Moannen koe har lykwols werom, sadat se wer frijlitten waarden. Dy nacht bleaune se oer yn it grutte doarp fan 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen oan 'e Little Bighorn, dat de oare deis ûnferwachts oanfallen waard troch Custer en syn troepen. En sa fochten dy fiif mannen doe mei, wêrby't Wetterman nei eigen sizzen sa foaroan wie yn 'e striid dat er Custer stjerren seach. Nei't it skynt skeat Lofterhân yn 'e striid by fersin in Lakota dea dy't er oanseach foar in Arikara-ferkenner fan it Amerikaanske leger, wat de relaasjes tusken de fiif Arapaho en har gasthearen gjin goed die. Nei ôfrin fan 'e slach waarden se dêrom mar stil wei en kearden se werom nei har eigen folk by Fort Robinson, yn Nebraska. Neffens in oar ferslach focht der teminsten noch ien oare Arapaho mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn, nammentlik it froulike kriichsopperhaad Tsjeppe Noas.

Nei ôfrin fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't de Noardlike Arapaho al har lân oan kolonisaasje troch de blanken ferlearen, waarden se by de Eastlike Sjosjoanen yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming pleatst. De Súdlike Arapaho hiene al yn 1867 in reservaat krigen yn westlik Oklahoma, it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat, dat se dielden mei de Súdlike Sjajinnen. Under de Wet-Dawes waard yn 1892 lykwols alle reservaatlân dat net yndividueel eigendom wie, frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken. Mei de Wet-Curtis fan 1898 waarden alle Yndiaanske regearings yn Oklahoma opheft foarôfgeande oan it opnimmen yn 'e Amerikaanske Uny fan dat gebiet as in folweardige steat. Offisjeel hiet it dat Oklahoma oars sa'n soad reservaten hawwe soe, dat it ûnregearber wurde soe, mar eins wie it in ordinêr besykjen om 'e Yndianen te assimilearjen.
Yn 'e tweintichste iuw kaam Washington werom fan dat belied, mar tsjin dy tiid wie Oklahoma al in soevereine steat, en koe it nasjonaal regear Oklahoma net mear twinge om dy soevereiniteit werom te jaan oan 'e Yndianen. Likegoed besocht men manearen te finen om it wer wat goed te meitsjen, en in wichtige stap op dy wei wie it oannimmen fan 'e Oklahoma-Yndiaanske Wolwêzenswet fan 1936, dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre. Oan dy gebieten waarden tenei beskate foardielen takend dy't ek oan noch besteande reservaten tafoelen. As gefolch fan dizze wet koe yn 1937 de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma oprjochte wurde, sûnder reservaat, mar mei as juridyske lânbasis it eardere Sjajinne- en Arapaho-reservaat. Underwilens wie yn 1906, op lêst fan it Amerikaanske Kongres, in diel fan it Wind River Reservaat ôfpakt foar blanke kolonisaasje, en dêr ûntjoech him it stedsje Riverton. Mear as in iuw hold de tsierderij oer de status fan dat gebiet oan, oant yn desimber 2013 it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken, yn gearwurking mei beskate oare oerheidsorganen, kedize dat Riverton ûnderdiel fan it reservaat foarme (yn 2014 focht de steat Wyoming dit beslút by de rjochter oan).