Dútslân - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Bundesrepublik Deutschland
(dú)
Biedwurd
Einigkeit und Recht und Freiheit
"Ienheid en Rjocht en Frijheid"
Folksliet
Das Lied der Deutschen
Haadstêd
Berlyn
Offisjele taal
Dútsk
Offisjele minderheidstaal
Deensk
Noardfrysk
Sealterfrysk
Sorbysk
Romani
Erkende streektaal
Nederdútsk
Steatsfoarm
Parlemintêre republyk
presidint
Frank-Walter Steinmeier
- regearlieder
Friedrich Merz
Lid fan 'e
CDU
Unôfhinklikheid
1871
Oerflak
357.168 km²
Ynwennertal
83.129.285
(2021)
Befolkingstichtens
232 ynwenners/km²
Muntienheid
Dútske mark
(DEM) (-2002)
euro
(EUR) (2002-)
Tiidsône
MET
UTC
+1)
simmertiid
MEST
UTC
+2)
Nasjonale feestdei
3 oktober
Ynternetdomein
.de
Telefoan
+49
ISO 3166
DE, DEU, 276
Kaart fan Dútslân
Dútslân
, ek wol stavere as
Dútsklân
, offisjeel
Bûnsrepublyk Dútslân
Dútsk
Bundesrepublik Deutschland
), is in lân yn Sintraal-Europa. De
haadstêd
is
Berlyn
en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt
2025
Friedrich Merz
. Dútslân is in federale republyk mei sechstjin
dielsteaten
Bundesländer
). It lân grinzet oan njoggen buorlannen en oan de
Noard-
en
Eastsee
Al sûnt de Aldheid waard it hjoeddeistige suden fan Skandinaavje en it noarden fan Dútslân bewenne troch Germaanske stammen. Sa'n 100 jier f.Kr. makken de
Romeinen
al melding fan in regio mei de namme
Germania
. Mei de delgong fan it
Romeinske Ryk
en it
Grutte Folkeferfarren
fêstigen de Germanen har hieltyd fierder yn Sintraal-Europa. Oan 't begjin fan de 10e iuw ûntstie it
Hillige Roomske Ryk
dat in grut part fan dy Germaanske gebieten omfette. Yn de rin fan de 16e iuw is foaral it noarden fan Dútslân in broeinêst foar de
Reformaasje
. Krekt as it Hillige Roomske Ryk wie it Dútske Bûn (1815–1866) in steatebûn, pas yn 1871 wurdt Dútslân mei de oprjochting fan it
Dútske Keizerryk
in naasje.
Dútslân is sûnt de oprjochting lid fan de
Europeeske Uny
en is ûnderdiel fan de
Eurosône
. Dútslân is ek lid fan de
Feriene Naasjes
NAFO
, de G7 en de G20. Dútslân hat it Kyoto protokol en Schengen akkoard tekene. De ekonomy is de fjirdgrutste fan de wrâld neffens
BYP
en it tredgrutste eksportearjende lân yn 2012. Dútslân is nei ynwennertal it grutste lân fan de
Europeeske Uny
en hat in oerflak fan 356.974 km². It lân hat it tredgrutste oantal ymmigranten fan alle lannen op de wrâld.
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It
Hermannsdenkmal
yn it
Teutoburgerwâld
Sjoch:
Skiednis fan Dútslân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Yn de
prehistoarje
waard it gebiet dat no Dútslân is, bewenne fan
Germanen
en
Kelten
. Ut
Skandinaavje
wei kamen de Germanen yn Dútslân, dy't har mei it
Grutte Folkeferfarren
nei it suden en westen teagen.
Julius Caesar
ferovere
Galje
yn de 1e iuw f.Kr. en makke fan de
Ryn
de grins fan it
Romeinske Ryk
. De Romeinen stiften de stêden
Keulen
en
Trier
It
Hillige Roomske Ryk
wie it earste
Reich
of keninkryk. It begûn mei
Karel de Grutte
, hy wie de earste Frankyske Ryk om it jier
800
hinne. De kroaningen fan de
keizers
fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan
Karel de Grutte
yn
800
. It Hillige Roomske Ryk ûntstie yn 843 mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Verdun en bleau bestean oant
1806
, de tiid fan
Napoleon
It twadde
Reich
begûn mei in ferdrach yn
1871
yn Versailles. It Dútske Ryk kaam byinoar en de basis wie Prusen, útsein
Eastenryk
. Dútslân bleau in ryk mei in ferskate folken foar noch in 50 jier. Dútslân wûn de
Frânsk-Dútske Kriich
mei
Frankryk
yn
1871
, en yn de
Earste Wrâldkriich
sette hja op 'e nij út ein mei in ynfaazje yn Frankryk. De kriich einiget mei it fjochtsjen yn 'e rinfuorgen, fuorgen groeven troch soldaten foar beskermjen. Der wienen in soad soldaten ferstoarn by de beide partijen. De kriich einiget yn
1918
, en de Dútske keizer naait út nei
Nederlân
. Nei de revolúsje einiget it Twadde Reich en wie it begjin fan de demokratyske Weimar Republyk. Nei de kriich wienen der grutte ekonomyske problemen yn Dútslân troch it Ferdrach fan Versailles en de Grutte Depresje oer de gânse wrâld. Nei de ein fan de
Earste Wrâldkriich
waard op 9 novimber 1918 troch de sosjaaldemokratyske politikus Philipp Scheidemann yn Berlyn de republyk útroppen. Fanwege rebûlje yn Berlyn kaam de nasjonale gearkomste yn 1919 foar de earste kear by elkoar yn Weimar, dêr't de namme
Weimarrepublyk
troch ûntstien is.
Skiednis fan Dútslân
Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
Besetting troch de Alliëarden
West
en
East-Dútslân
Bûnsrepublyk Dútslân
It "
Tredde Ryk
" wie
Nazy-Dútslân
; fan
1933
oant en mei
1945
Adolf Hitler
wie lieder fan it regear, en mei goedkarring fan it parlemint krige hy op 23 maart 1933 de folsleine macht oer it lân, striidkrêften en regear. Hitler anneksearre
Eastenryk
en
Tsjechje
, mar nei de anneksearring fan
Poalen
bruts 1 septimber 1939 de
Twadde Wrâldkriich
út. Oan it begjin wie de kriich foar Dútslân in súkses, Nazy-Dútslân ferovere in grut part fan Jeropa en de
Sowjetuny
. Nei de
Slach om Stalingrad
stie it der min foar mei it Dútske eastfront, en stadichoan lutsen de Dútsers har fjochtsjendewei werom út it easten. Nei de ynvaazje by
Normandje
D-Day
, waard de kriich op trije fronten fierd tsjin Nazi-Dútslân (west, súd en east). Ridlik gau feroveren de
alliearden
Parys
. In tebeksetter foar de alliearden, en in súkses foar Nazi-Dútslân wie
Market Garden
, lykwols wie der nei de slach tefolle optimisme by de Dútsers, dy't doe noch kânsen seagen om mei it
Ardennenoffensyf
foar in kearpunt yn de kriich te soargjen. Yn de
Slach om Berlyn
binne mear as 300.000 minsken stoarn, ek
Adolf Hitler
holdt it libben net, hy die himsels tekoart op
30 april
1945
. Op 8 maaie
1945
wie de folsleine kapitulaasje fan
Nazi-Dútslân
tekene. Yn july/augustus 1945 waard de Konferinsje fan Potsdam holden, dêr't de oerwinners gear kamen oer de takomst fan Dútslân. Wat it grûngebiet oangiet moasten de gebieten beëasten de rivieren
Oder
en
Neisse
ûnder
Poalsk
bewâld komme. De gebieten yn it westen dy't wilens de kriich aneksearre waarden, it Frânske Elzas-Lotaringen, Belgje krige syn Eastkantons werom. Lúksemboarch en Eastenryk waarden loskeppele fan Dútslân.
Besettingssônes yn 1945
Dútslân waard ferparte oer fjouwer besettingssônes, it noardeasten waard Britsk, súdeasten Amerikaansk, it oan Frankryk oanswettende gebiet Frânsk en it easten waard de Sowjet besettingssône. Berlyn waard ek yn fjouweren dield. It wie de bedoeling dat de fjouwer lannen har eigen paad folgen mar de
Alliearden
begûnen al ridlik gau gear te wurkjen. De spanningen tusken east en west waarden grutter neidat de
Sowjetuny
help foar weropbou yn har sône wegere, yn it westen sette it Marshallplan útein. Op
23 maaie
1949
waard de Bûnsrepublyk oprjochte, it besloech de Frânske, Britske en Amerikaanske besettingssônes. West-Dútslân waard folslein ûnôfhinklik ferklearre op
5 maaie
1955
Bonn
waard de haadstêd. Fjouwer dagen letter, op 9 maaie 1955, waard West-Dútslân
NAFO
-lid. Op
7 oktober
1949
waard de
DDR
oprjochte, Dútslân bestie fan dy dei ôf út east en west. Op 14 maaie 1955, seis dagen neidat West-Dútslân by de NATO kaam, waard East-Dútslân lid fan it
Warsjaupakt
. Yn 1973 waarden East- en West-Dútslân lid fan de Feriene Naasjes. Yn it tiidrek fan 1949 oant 1961 flechten likernôch 3 miljoen minsken fan de DDR nei West-Dútslân. Om dy flechtlingestream te kearen waard yn 1961 de
Berlynske Muorre
boud. Yn 'e simmer en hjerst fan 1989 boaze de flechtlingestream út de DDR wei nei it westen oan, omdat Hongarije op 2 maaie 1989 de grins mei Eastenryk iepene, dêr't in soad ynwenners fan de DDR brûkme fan makken.
Berlynske Muorre
9 novimber
1989 wie de ein fan de Berlynske Muorre, minsken út east en west koenen yn dy twa lannen frij reizgje. Nei de Wiedervereinigung kamen der yn desimber 1990 demokratyske ferkiezings. Yn 1991 waard besletten dat it regear fan Bonn nei
Berlyn
soe, dy ferhuzing wie yn 1999 foltôge. Nei it gearfoegjen fan de twa Dútslannen opponearre it Dútske regear him as grut foarstanner fan in feriene Jeropa. Yn de
Feriene Naasjes
boaze de macht fan Dútslân oan en it lân soe sels graach in eigen sit yn de
Feiligensried
hawwe wolle. Dy ûntwikkelings yn de
Jeropeeske Uny
en de Feriene Naasjes wurde troch oare lannen mei in skalk each besjoen. Nei de werieniging hat de Bundeswehr bydroegen oan ynternasjonale militêre missys yn
Joegoslaavje
en
Afganistan
. De earste kear, nei de
Twadde Wrâldkriich
, wie yn
1999
yn de
Kosovo
-kriich. Yn it ramt fan de terreurbestriding wie Dútslân solidêr mei de
Feriene Naasjes
yn de kriich tsjin it terreur dy't him utere yn de ynvaazje fan
Afganistan
yn
2001
. Nei de ferkiezings fan 2005 slagge it net om in tradisjonele koalysje te foarmen. De kristlik-sosjale koalysje (CDU/CSU en SPD) foarmet in grutte koalysje yn it parlemint mei Angela Merkel (CSU) as kânselier.
Geografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It
Alpengea
yn Beieren
Eilân
Rügen
yn it Noarden
Dútslân wurdt fan it suden nei it noarden hieltyd leger. Yn it suden lizze de Beierske Alpen mei de Zugspitze as heechste punt. Dan komt it middelberchte fan de Swabyske Alpen en de Frankyske Alpen en it Sauerlân en de Harts. Dêrfoarby leit it Noarddútsk leechlân, mei it djipste punt yn Neuendorf yn Sleeswyk-Holstein.
Dútslân wurdt begrinzge troch de
Noardsee
Denemark
en de
Eastsee
yn it noarden,
Poalen
en
Tsjechje
yn it easten.
Eastenryk
en
Switserlân
yn it suden en
Frankryk
Lúksemboarch
Belgje
en
Nederlân
yn it westen.
Eilannen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn de Dútske
Waadsee
lizze de
Fryske eilannen
. De eilannen oan 'e kant fan de
Noardsee
kinne yn twa groepen skifte wurde, de Noard- en Eastfryske eilannen. De Noardfryske eilannen mei de eilannen
Söl
Oomram
Pälweerm
Feer
en de
Halligen
en it
Hilgelân
dat fierder fan de kust ôf leit, hearre by de dielsteat
Sleeswyk-Holstein
. De Eastfryske eilannen
Boarkum
Júst
Nordeneach
Langerëach
Spikereach
en
Wangereach
hearre by
Nedersaksen
. Yn de
Eastsee
lizze by de kust lâns noch in tal eilannen, de grutsten binne
Rügen
en, mei twa brêgen oan de fêstewâl ferbûn, Usedom. De grutste eilannen yn de Dútske marren binne Mainau, Lindau en Reichenau yn de Bodenmar en Herrenchiemsee yn de Chiemmar.
Wetter
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De
Donau
rint fan west nei east troch Súd-Dútslân, en giet dan fierder de grins mei Eastenryk oer. De
Ryn
streamt bylâns de grins mei Switserlân en de grins mei Frankryk, en streamt dan fierder nei it noarden oant dy de grins mei Nederlân oergiet. Yn it leechlân streame de
Iems
, de
Weser
en de
Elbe
nei it noarden en noardwesten nei de Noardsee. Yn Meklenburch-Foarpommeren streame ferskate lytse rivierkes nei de Eastsee. De Neise en Oder foarmje de grins mei Poalen, oant de Oder it lêste stik troch Poalen nei see streamt.
De marren yn Dútslân binne yn 'e lêste iistiid foarme, doe't de gletsjerfallij mei wetter fuld wie. De measte fan dy grutte marren lizze fandatoangeande yn gebieten dy't eartiids mei grutte iismassa's bedutsen wienen, of yn 'e omkriten fan de gletsjers, sa as yn Meklenburch en krekt boppe de
Alpen
. De grutste mar fan Dútslân is de Bodenmar (Dútsk: Bodensee) op de grins mei Switserlân en Eastenryk. De grutste mar dy't hielendal yn Dútslân leit is de Müritz yn Meklenburch-Foarpommeren.
Polityk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Dútslân is sûnt 1949 in demokratysk-parlemintêre bûnssteat. De grûnwet waard kundich makke op 23 maaie 1949. De grûnwet kin troch in twatredde mearderheid yn 'e bûnsdei en bûnsrie feroare wurde. De lêste feroaring wie yn 2006. Guon artikelen, dêr't de grûnslach fan de grûnwet yn omskreaun is, kinne net feroare wurde. Dútslân hat 16 dielsteaten (Bundesländer) (sûnt 1990, dêrfoar wie it East- en West-Dútslân). De bûnssteat is it machtichst ("Bundesrecht bricht Landesrecht"), mar de dielsteaten hawwe ek aardich wat foech. De federaasje nimt bûtenlânske saken en definsje foar har noed.
Dútslân hat algemien stimrjocht (sûnt 1918) fan 18 jier ôf (soms ek fan 16 jier ôf foar de regionale ferkiezings), en hat in twakeamersysteem. De bûnsdei hat op syn minst 598 leden, en wurdt alle fjouwer jierren troch it folk keazen. Yn it kiessysteem fan de Bûnsdei is der in mearderheids en distriktenstelsel. By de ferkiezings is der in kiesdrompel fan fiif persint. De bûnsrie hat 69 leden, dat binne de fertsjintwurdigers en dielsteatregearen (net fan de dielsteatbefolking). Baden-Wuertemberch, Beieren, Nedersaksen en Noardryn-Westfalen hawwe seis stimmen, Hessen hat fiif, Berlyn, Brandenburch, Rynlân-Palts, Saksen, Saksen-Anhalt, Sleeswyk-Holstein en Tueringen hawwe elk fjouwer, Bremen, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren en it Saarlân hawwe trije stimmen. Der moat sa stimd wurde, dat net in lid stimt, mar it bûnslân. Dat wol sizze, dat as Hessen foar 'A' stimt, kar 'A' fiif stimmen hat. Federale wetten dy't mei it foech fan de dielsteaten te krijen hawwe, of saken dy't de dielsteaten dwaan moatte, moatte earst troch de bûnsrie goedkard wurde. De dielsteaten hawwe in eigen grûnwet, regear en parlemint. De dielsteatparleminten wurde yn fjouwer dielsteaten nei fjouwer jier keazen, yn de oare tolve dielsteaten bart dat alle fiif jierren. It haad fan de steat, de Bûnspresidint, is der om de steat te fertsjintwurdigjen en wurdt alle fjouwer jierren troch de Bûnsgearkomste keazen. De Bûnspresidint kin mar ien kear op 'e nij keazen wurde. De bûnskânselier is it haad fan it regear, en dy beskiedet de rjochtlinen fan de polityk. De kânselier wurdt troch de Bûnsdei, nei in útstel fan de presidint, keazen. Hy/hja wurdt, krekt as syn ministers, troch de presidint beneamd.
Sûnt 1949 binne de wichtichste nasjonale partijen yn Dútslân de
CDU
, de
SPD
. De
FDP
Linkspartei
en
Bündnis 90/Die Grünen
binne trochstrings opposysjepartijen dy't út en troch koalysjes foarme mei de CDU of SPD.
Militêr
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Dútske namme
Fryske namme
Tal soldaten
Heer
lânmacht
115.147
Marine
marine
25.000
Luftwaffe
loftmacht
62.700
Zentraler Sanitätsdienst
sintrale medyske tsjinst
17,690
Streitkräftebasis
stypjende ienheid
47.713
It leger fan Dútslân, de
Bundeswehr
, hat ferskate ûnderdielen lykas
Heer
(lânmacht),
Marine
(marine),
Luftwaffe
(loftmacht),
Zentraler Sanitätsdienst
(sintrale medyske tsjinst) en
Streitkräftebasis
(stypjende ienheid). It tsjinstplichtsysteem is net sa dat eltse man fan 18 jier tsjinstplicht dwaan moat. Op 3 jannewaris 2011 waard de lêste ljochting tsjinstplichtigen oproppen. It Dútske leger giet oer op in leger dat allinnich noch mar út beropsmilitêren en frijwilligers bestiet.
Der is noch altiten in soarte fan tsjinstplicht mar dat kin ek
Zivildienst
(rûch oerset as boargertsjinst) wêze, of frijwilliger by in brânwacht of it Reade Krús. Yn 2003 besleinen de militêre útjeften 1.5% fan it
BYP
Dielsteaten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Dielsteaten fan Dútslân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Dielsteaten fan Dútslân.
De 16 dielsteaten (
Bundesländer
, iental:
Bundesland
) binne:
Baden-Wuertemberch
Baden-Württemberg
Beieren
Bayern
Berlyn
Berlin
Brandenburch
Brandenburg
Bremen
Hamburch
Hamburg
Hessen
Meklenburch-Foarpommeren
Mecklenburg-Vorpommern
Nedersaksen
Niedersachsen
Noardryn-Westfalen
Nordrhein-Westfalen
Rynlân-Palts
Rheinland-Pfalz
Saarlân
Saarland
Saksen
Sachsen
Saksen-Anhalt
Sachsen-Anhalt
Sleeswyk-Holstein
Schleswig-Holstein
Tueringen
Thüringen
Demografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Dútslân hat 83,2 miljoen ynwenners wêrfan 38,8% net religieus is. Mei 27,2% (22,6 miljoen) op 31-12-2019 is it Roomsk-katolike leauwen it grutste leauwen, dêr't de oanhingers fan foar it meastepart yn it westen en suden wenje. Hast 24,9% an de befolking (20,7 miljoen) is protestant, dy wenje benammen yn it noarden.
It tal minsken dat sneins yn 'e tsjerke sit is 4,4 persint (2006) by de katoliken en sa'n oardel persint (2005) by de protestantske tsjerke. Yn Dútslân is in lytse Joadske mienskip mei 0,2 miljoen en likernôch 3,3 miljoen moslims.
Mear as de helte fan de befolking yn it gebiet dat eartiids East-Dútslân wie en yn 'e dielsteat Hamburch leaut net.
De katolike en protestantske tsjerken en de synagogen krije jild fan de steat. Suver alle ynwenners fan it lân prate Dútsk. Utsein de
Denen
en
Friezen
yn Sleeswyk-Holstein, de Friezen yn it
Sealterlân
East-Fryslân
) de
Sorben
yn East-Dútslân (Brandenburch en Saksen), en de
sigeuners
ferspraat oer it hiele lân. Dy folksgroepen hawwe op Jeropeesk en Dútsk nivo erkenning as taalminderheid en
nasjonale minderheid
Oan it begjin fan de santiger jierren hawwe miljoenen gastwurkers út oare lannen wei har nei wenjen set yn Dútslân. Meiïnoar binne der 7 miljoen bûtenlanners, dêr't it tal Dútsers mei op 82,5 miljoen komt. De grutste ymmigrantetalen binne it
Arabysk
, Koerdysk (0,3%) en it Turksk (1,8%).
Der wenje ek Dútsers yn oare lannen, benammen yn East Jeropa, dy groepen hjitte
Folksdútsers
, dy't sûnt de midskiuwen al nei it bûtenlân tsjogge. Dy groepen hawwe noch hieltyd de Dútske kultuer en prate Dútsk. Yn guon East Jeropeeske lannen binne dy erkend as nasjonale minderheid.
Stêden
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
List fan grutste stêden yn Dútslân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Grutste stêden fan Dútslân
Berlyn
Hamburch
Plak
Stêd
Dielsteat
Ynwennertal
München
Keulen
Berlyn
Berlyn
3.510.000
Hamburch
Hamburch
1.810.000
München
Beieren
1.380.000
Keulen
Noardryn-Westfalen
1.020.000
Frankfurt am Main
Hessen
700.000
Stuttgart
Baden-Wuertemberch
600.000
Düsseldorf
Noardryn-Westfalen
590.000
Dortmund
Noardryn-Westfalen
580.000
Essen
Noardryn-Westfalen
570.000
10
Bremen
Bremen
550.000
Oare grutte stêden yn Dútslân binne:
Bonn
Chemnitz
Darmstadt
Dresden
Duisburg
Erfurt
Flensburch
Freiburg im Breisgau
Fulda
Gelsenkirchen
Hannover
Jena
Karlsruhe
Kassel
Kiel
Koblenz
Leipzig
Lübeck
Ludwigshafen
Mainz
Mannheim
- -
Neurenberch
Nürnberg
) -
Oberhausen
Aldenburch
Osnabrück
Saarbrücken
Stuttgart
Trier
Wiesbaden
Ekonomy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Frankfurt
is it finansjele sintrum fan Dútslân
Dútslân hat de grutste nasjonale ekonomy yn
Jeropa
, en is de op twa nei grutste fan de wrâld. Sûnt de
18e iuw
is Dútslân in lân dat de motor fan Jeropa west hat, mei nije ûntjouwingen by de roes. De eksport fan guod fan Dútslân nei oare lannen is ien fan de redenen fan de wolfeart. Dútslân is it grutste eksportlân mei 1.327 triljoen euro oan eksportearre saken yn 2007 en de hannelbalâns wie 268 miljard euro yn 'e plus.
De eksport fan Dútslân nei lannen fan de Jeropeeske Uny wie 736 miljard euro yn 2007. Meïnoar eksportearre Dútslân yn 2007 foar 969 miljard euro oan guod oer de hiele wrâld. It wichtichste Dútske eksportguod yn 2007:
Auto's en autodielen
181 miljard
Masinen
139 miljard
Gemyske produkten
128 miljard
De
tsjinstesektor
smyt likernôch 70% fan it
Bruto Ynlânsk Produkt
op, de yndustry 29,1 persint en de lânbou 0,9%. Gâns produkten komme fan yngenieurs, lykas auto's, masines, metaal, en gemysk guod. Dútslân is lieder op it mêd fan duorsume enerzjy technology. De grutste, jierlikse, ynternasjonale hannels eveneminten en kongressen wurde yn stêden as Hannover, Frankfurt and Berlyn holden.
Dútslân wie yn 2007 it grutste eksportlân fan guod
Fan de grutste bedriuwen fan de wrâld dy't by in oandielenmerk ynskreaun binne, hawwe neffens Fortune Global 500, de 37 bedriuwen mei de grutste omset har haadkertier yn Dútslân. De tsien grutsten binne Daimler, Volkswagen, Allianz (bedriuw mei de measte winst), Siemens, Deutsche Bank (bedriuw mei de twadmeaste winst), E.ON, Deutsche Post, Deutsche Telekom, Metro en BASF.
De Deutsche Post, Robert Bosch en Edeka binne de grutste wurkjouwers.
Wrâldferneamde bedriuwen binne Mercedes Benz,
SAP AG
, BMW, adidas,
Audi
, Porsche en Nivea.
Dútslân is in sterk foarstanner fan Jeropeeske ekonomyske en politike yntegraasje, en it kommersjele belied wurdt fierhinne beskieden troch oerienkomsten mei lidsteaten fan de
Jeropeeske Uny
(JU) en de wetjouwing fan JU mienskiplike merk. Dútslân hat de mienskiplike Jeropeeske munt, de
euro
, dy't yn it plak kaam fan 'e
Dútske mark
. It Jeropeeske monetêre belied komt fan de
Jeropeeske Sintrale Bank
, dy't yn
Frankfurt am Main
fêstige is. It modernisearjen en yntegrearjen fan de ekonomy yn East-Dútslân bliuwt in dreech proses en duorret oant 2019, alle jierren giet der sa'n $80 biljoen nei East-Dútslân. Der is in delgong fan wurkleazens, en it tal wurkleazen yn novimber 2007 wie 8,1%.
It persint wurkleazen yn it gebiet dat oant 1990 West-Dútslân wie is 6.7% en yn it gebiet dat oant 1990 East-Dútslân wie binne dat 13.4%.
Ynfrastruktuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De haven fan
Hamboarch
is de twadgrutste fan Jeropa en njoggengrutste fan 'e wrâld
Yn 2002 wie Dútslân nûmer fiif op 'e list fan lannen dy't it measte enerzjy ferbrûke, en twa-tredde part dêrfan wie ymportearre. Yn itselde jier wie Dútslân de grutste Jeropeeske ferbrûker fan elektrisiteit; it elektrisiteitsferbrûk yn dat jier wie 512.9 kilowatt yn it oere. It Dútske regear komt mei inisjativen wat duorsume enerzjy oangiet, hja wolle dat duorsume enerzjy yn 2050 50% fan de totale streamfoarsjenning beslacht. Yn 2000 wie der in oerienkomst fan it regear dêr't yn stie dat der yn 2021 gjin nuklêre sintrales mear yn Dútslân wêze meie.
Yn
2006
besloech duorsume enerzjy mar 1.3% fan de totale streamfoarsjenning.
Omdat Dútslân op in sintraal plak yn
Jeropa
leit is it in lân fan belang wat transport oanbelanget. Dútslân hat in drok transport netwurk dat ek noch fan dizze tiid is. De Dútske
sneldiken
(Autobahn) is it tredgrutste sneldikenetwurk fan 'e wrâld der binne op de measte plakken gjin faasjebeheinings.
De meast wichtige stêden fan Dútslân binne ferbûn mei in faasjetrein. De
InterCityExpress
of
ICE
rydt ek nei oare lannen. De faasje fan de trein is tusken de 160
km/h en 300
km/h. De
Deutsche Bahn
stiet noed foar de ICE dy't om it healoere, oere of oardeloare by de stasjon delrydt.
Mienskip
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Feestdagen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De nasjonale feestdei is de
Dei fan de Dútske ienheid
op 3 oktober. It is de iennichste feestdei dy't troch de steat Dútslân fêstlein is. Alle oare feestdagen wurde keazen troch de dielsteaten fan Dútslân. Der binne acht oare dagen dy't yn alle dielsteaten fierd wurde: kristlike feestdagen: goede freed, peaskemoandei, Himelfearstdei, Pinkstermoandei en de twa krystdagen; oare net kristlike feestdagen binne nijjier en Dei fan de arbeid. De feestdagen en de sneins wurde yn Dútslân „Tage der Arbeitsruhe und der seelischen Erhebung“ neamd.
Sport
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De meast populêre sport yn Dútslân is
fuotbal
. Mear as seis miljoen leden en 170.000 klups binne oansletten by de
Deutscher Fußball-Bund
(Dútske Fuotbal Bûn). De heechste difyzje fan it Dútsk fuotbal hjit de
Bundesliga
Media
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Regionale omroppen
Namme
Ofkoarting
Dielsteaten
Bayerischer Rundfunk
BR
Beieren
Hessischer Rundfunk
hr
Hessen
Mitteldeutscher Rundfunk
MDR
Saksen
Saksen-Anhalt
en
Tueringen
Norddeutscher Rundfunk
NDR
Hamboarch
Meklenburch-Foarpommeren
Nedersaksen
en
Sleeswyk-Holstein
Radio Bremen
RB
Bremen
Rundfunk Berlin-Brandenburg
RBB
Berlyn
en
Brandenburch
Saarländischer Rundfunk
SR
Saarlân
Südwestrundfunk
SWR
Baden-Wuertemberch
en
Rynlân-Palts
Westdeutscher Rundfunk
WDR
Noardryn-Westfalen
Kommersjele stjoerders
De bekendste kommersjele tillefyzjestjoerders binne ProSiebenSat.1 Media AG, de RTL Group, MTV Networks Deutschland en NBC Universal Deutschland. Dêrnjonken binne der ek stjoerders wêrfoar apart betelle wurde moat, bygelyks Premiere en arena.
Kranten
Der is in ryk ferskaat oan kranten yn Dútslân, de meast lêzen deiblêden binne de Bild, de Frankfurter Allgemeine Zeitung en de Süddeutsche Zeitung. Der Spiegel en Focus binne de meast bekende wykblêden.
Kultuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Algemien
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De skiednis fan de Dútske kultuer rint in hiel ein fierder werom as it bestean fan Dútslân as politike ienheid. Op kultureel mêd is de Dútske kultuer nau ferbûn mei de
Dútske taal
. Rûchwei nei 1800 feroaret it begryp Dútske kultuer, it is dan ferbûn mei it Dútske steatsgebiet. Sa is it mooglik dat minsken dy't yn har tiid bydroegen hawwe oan de Dútske kultuer fan bûten de hjoeddeiske Dútske lânsgrinzen komme, mar likegoed ûnderdiel binne fan de Dútske kultuer. In soad Dútsers om utens, soms om politike of religieuze redenen flechte, binne nau ferbûn mei de Dútske kultuer. In tal foarbylden binne
Albert Einstein
Karl Marx
en
Friedrich Engels
. It oansjen fan de Dútske kultuer waard slim tamtearre troch de
Twadde Wrâldkriich
en de
Holocaust
. Hjoed wurdt de Dútske taal en kultuer yn de wrâld op 128 lokaasjes fertsjinwurdige troch it Goethe-Institut.
Filosofy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Friedrich Nietzsche
, 1882
De measte ferneamde Dútske filosofen binne Nikolaus von Kues, Gottfried Wilhelm Leibniz, Immanuel Kant, Georg Wilhelm Friedrich Hegel,
Karl Marx
, Arthur Schopenhauer,
Friedrich Nietzsche
en Martin Heidegger. Bekende Dútske filosofyske streamingen binne it Dútske Idealisme en it troch Karl Marx en Friedrich Engels ûntworpen Marxisme. De saneamde Frankfurter Skoalle fan Theodor Adorno en Max Horkheimer kaam yn de 20e iuw mei de Krityske Teory. Jürgen Habermas wie harren opfolger en is ien fan de ferneamdste filosofen op 'e wrâld.
Keunst
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Ien fan de ferneamdste keunstners út de
renêssânse
is
Albrecht Dürer
Peter Paul Rubens
is berne yn
Siegen
, mar ferhuze letter nei Antwerpen.
Literatuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Dútske literatuer
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
De Dútske literatuer begjint al yn de
midsiuwen
, in foarbyld dêrfan is Walther von der Vogelweide. De measte ferneamde histoaryske Dútske skriuwers binne
Johann Wolfgang Goethe
Friedrich Schiller
en de
Bruorren Grimm
. De Dútske winners fan de
Nobelpriis foar de Literatuer
wienen
Theodor Mommsen
(1902),
Paul Heyse
(1910),
Gerhart Hauptmann
(1912),
Thomas Mann
(1929),
Hermann Hesse
(1946),
Heinrich Böll
(1972) en
Günter Grass
(1999).
Muzyk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Op it mêd fan muzyk hat de Dútske kultuer in ryk ferline mei mannen as
Johann Sebastian Bach
Ludwig van Beethoven
Richard Wagner
en
Wolfgang Amadeus Mozart
. Hjoed binne
Herbert Grönemeyer
Nena
Tokio Hotel
en
Rammstein
net allinnich yn Dútslân, mar ek yn in hiel soad oare lannen bekend.
Iten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Weißwurst
mei Brezel en swiete moster.
Yn Dútslân is der in wiidweidich oanbod oan regionale itensprodukten. Yn Noard-Dútslân wurde de jirpels op ferskillende manieren klearmakke. Yn it suden ite se faak Knödel, Spätzle en Nudeln (soarte fan pasta). Regionale spesjaliteiten binne Weißwurst (Beieren), Frankfurter Kranz (Hessen), Bratwurst (Noard-Beieren en Tueringen), Schwenkbraten (Saarlân), Maultaschen (Baden-Wuertemberch), Schwarzwälder Kirschtorte (Baden-Wuertemberch), Thüringer Rostbratwurst (Tueringen) en Saumagen (Rynlân-Palts).
Wat it drinken oangiet is Dútslân bekend om syn ferskaat oan biersoarten. Yn it Súdwesten binne de wyngerden, it dan ek yn 'e reden dat der neist bier ek faak wyn dronken wurdt. In twadde útsûndering is
East-Fryslân
, dêr't benammen in soad tee dronken wurdt en dêr't sprake is fan in teekultuer.
Sa as ek yn oare lannen fan de Jeropeeske Uny jildt foar Dútslân de trend dat minsken hieltyd minder de tradisjonele drege kost en wat mear lichtere fetearm ite.
Yn de Dútske regio's binne der ferskate brea- en woarstsoarten. Tradisjoneel is it waarme miel middeis en de jûns in breamiel. De dei begjint trochstrings mei in moarnsbrochje mei in stik bôle of Brötchen/Semmeln, belein mei tsiis of skinke mar ek wol ris wat swiets (hunich, jam ensfh.) en dêrby faak in sean aai. By it moarnsbrochje wurdt ornaris kofje (yn Noard-Dútslân tee) of molke dronken.
Keppeling om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Wikiwurdboek: Dútslân
– betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons: Dútslân
– foto, fideo en harktriemmen
Wikimedia-atlas: Dútslân
– geografyske en histoaryske kaarten
www.deutschland.de it elektroanyske portaal foar Dútslân
Dútsk/Ingelsk
germany.info - ynformaasje oer Dútslân
Ingelsk
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Sifers fan www.destatis.de
Religionszugehörigkeiten 2019
Spiegel special nr.5/2008 side 15
Global 500 Germany
, CNN Money.
Ingelsk
Global 500 Biggest Employers
, CNN Money.
Ingelsk
The 100 Top Brands 2006
, Businessweek.
Ingelsk
Arbeitslosenzahl unter 3,5 Millionen gesunken
Tagesschau.
Dútsk
Germany split over green energy
, BBC, 13 gersmoanne 2007
Geschäftsbericht 2006 der Deutschen Bahn AG
, Deutsche Bahn, 2007,
19 wynmoanne
Dútslân
Baden-Wuertemberch
Beieren
Berlyn
Brandenburch
Bremen
Hamburch
Hessen
Meklenburch-Foarpommeren
Nedersaksen
Noardryn-Westfalen
Rynlân-Palts
Saarlân
Saksen
Saksen-Anhalt
Sleeswyk-Holstein
Tueringen
Jeropeeske Uny
Lidsteaten
Belgje
Bulgarije
Denemark
Dútslân
Eastenryk
Estlân
Finlân
Frankryk
Grikelân
Hongarije
Ierlân
Itaalje
Kroaasje
Letlân
Litouwen
Lúksemboarch
Malta
Nederlân
Poalen
Portegal
Roemeenje
Syprus
Sloveenje
Slowakije
Spanje
Sweden
Tsjechje
Ultraperifeare regio's
Frankryk:
Frânsk-Guyana
Gûadelûp
Majot
Martinyk
Reünion
Sint-Marten
Portegal:
Azoaren
Madeara
Spanje:
Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten
Albaanje
Bosnje
Georgje
Moldaavje
Montenegro
Noard-Masedoanje
Oekraïne
Servje
Turkije
Opfrege fan "
Kategoryen
Dútslân
Lân yn Jeropa
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1871
Bestjoerlike ienheid opheft yn 1945
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1949
Republyk
Dútslân
Nij mêd
US