Floarida - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Steat Floarida
State of Florida
flagge
wapen
In God We Trust
Ingelsk
, "Us Fertrouwen Pleatse Wy yn God")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting
FL
lân
Feriene Steaten
status (jier)
steat
1845
haadstêd
Tallahassee
grutste stêd
Jacksonvile
offisjele taal
Ingelsk
sifers
ynwennertal
19.893.297
(2014)
befolkingstichtens
136,4 / km²
oerflak
170.304
km²
(17,9%
wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme
de
Sunshine State
tiidsône
UTC
–5 (of –6)
simmertiid
UTC –4 (of –5)
webside
www.myflorida.com
Dizze side giet oer
de Amerikaanske steat Floarida
. Foar oare betsjuttings, sjoch:
Floarida (betsjuttingsside)
Floarida
Ingelsk
Florida
; útspr.: ['flɒɹɪdə], likernôch "
flor
-idde"), offisjeel de
Steat Floarida
(Ingelsk:
State of Florida
), is ien fan 'e fyftich
steaten
dy't mei-inoar de
Feriene Steaten fan Amearika
foarmje. Floarida, fanwegen syn
subtropysk klimaat
byneamd de
Sunshine State
, bestiet fierhinne út it
Floarida-skiereilân
, dat yn it uterste súdeasten fan 'e kontinintale Feriene Steaten leit. Dêropta omfiemet de steat ek de
Florida Panhandle
, oan 'e noardeastkust fan 'e
Golf fan Meksiko
, en de
eilannegroep
de
Florida Keys
. Floarida heart ta de regio fan it
Amerikaanske Suden
. De
haadstêd
is
Tallahassee
, mar de grutste
stêd
is
Jacksonvile
, wylst de grutste
stêdekloft
dy fan
Miami
is. Neffens in skatting út
2014
hie de steat doe 19,9
miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa
befolkingsgrutte
de 3e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei
Kalifornje
en
Teksas
. Oangeande
oerflak
is Floarida mei rom 170.000
km² de 22e steat. Floarida stiet bekend om syn moaie
waar
ferdivedaasjeparken
, lange kustline,
sompen
orkanen
en
romtefeart
Etymology
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De namme fan Floarida komt fan 'e
sechstjinde-iuwske
Spaanske
ûntdekkingsreizger
Juan Ponce de León
, dy't it gebiet by syn earste besyk yn
1513
la Florida
neamde, dat
Spaansk
is foar "bloeiend lân". De offisjele bynamme fan Floarida is de
Sunshine State
("Sinneskynsteat"), fanwegen it moaie
waar
It
strân
fan
Key Biscayne
Geografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Floarida hat in
oerflak
fan 170.304
km², wêrfan't 17,9% út
wetter
bestiet, sadat der 139.820
km² drûch lân oerbliuwt. De steat beslacht foar it grutste part it
Floarida-skiereilân
, dat fan it fêstelân fan
Noard-Amearika
ôf nei it suden ta útstiket en dêrby de
Atlantyske Oseaan
, yn it easten, skiedt fan 'e
Golf fan Meksiko
, yn it westen. It
skiereilân
mjit 721
km fan noard nei súd. Yn it suden wurdt Floarida begrinzge troch de
Strjitte fan Floarida
, dy't de skieding foarmet tusken it skiereilân oan 'e iene kant en it
eilân
Kuba
en de
arsjipel
fan 'e
Bahama's
oan 'e oare kant.
Yn it noardwesten omfiemet de steat Floarida in útstekkend stik lân op it fêstelân fan Noard-Amearika by de noardlike kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns, dat net diel útmakket fan it Floarida-skiereilân. Dat gebiet wurdt de
Florida Panhandle
neamd, it "panhânsel fan Floarida". Dat diel fan 'e steat hat in noardgrins mei de
Amerikaanske steaten
Alabama
en
Georgia
, wylst it skiereilân yn it noarden oan Georgia grinzget. Floarida leit foar it meastepart yn 'e
Eastlike Tiidsône
UTC
–5,
simmertiid
–4), mar it westlike diel fan 'e Panhandle heart ta de
Sintrale Tiidsône
UTC
–6,
simmertiid
–5).
In topografyske lânkaart fan Floarida.
Floarida is ien fan 'e grutste
Amerikaanske steaten
beëasten de
Mississippy
. It hat mei 2.170
km de langste kustline fan alle Amerikaanske steaten, en allinnich
Alaska
en
Michigan
omfiemje in grutter
wetteroerflak
. Oan 'e
Atlantyske kant
heart de
see
oant 3
seemyl
(5,6
km) út 'e kust by Floarida en oan 'e kant fan 'e
Golf fan Meksiko
oant 9
seemyl (17
km). Floarida hat gjin
bergen
en amper
heuvels
, en is de platste steat fan 'e Feriene Steaten. It heechste punt fan 'e steat is
Britton Hill
, dat op 105
m boppe
seenivo
leit. It leechste punt is it
strân
oan 'e Atlantyske kust.
De súdwestlike útein fan it skiereilân bestiet út in ûnbidich gebiet fan
sompen
, de
Everglades
, wêrfan't likernôch 20% it
Nasjonaal Park De Everglades
foarmet. Yn it súdlike part fan it skiereilân leit ek de
Okeechobee-mar
, ien fan 'e grutste
marren
yn 'e eastlike Feriene Steaten. Oan 'e súdlike útein fan it skiereilân strekt him in keatling fan lytse
eilantsjes
út nei it westsúdwesten ta; dat binne de
Florida Keys
. It wetter dat de eilannen fan 'e súdpunt fan it skiereilân skiedt is de
Floaridabaai
Der binne yn Floarida 7
Yndianereservaten
. Dat binne:
it
Big Cypress Yndianereservaat
it
Brighton Yndianereservaat
it
Fort Pierce Yndianereservaat
it
Hollywood Yndianereservaat
it
Immokalee Yndianereservaat
it
Mikosûky Yndianereservaat
it
Tampa Yndianereservaat
Yndianereservaten
yn Floarida.
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Prekoloniale perioade
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Foarôfgeande oan 'e
kolonisaasje
fan Floarida troch de
Jeropeänen
waard it gebiet bewenne troch
Yndiaanske
folken
dy't no grutdiels ferdwûn binne. Dêrûnder wiene de
Apalatsjy
yn 'e
Florida Panhandle
; de
Timûkûa
yn noardlik en sintraal Floarida; de
Aïs
oan 'e Middenatlantyske kust; de
Tokobaga
yn 'e omkriten fan 'e
Tampabaai
; de
Kalûsa
yn súdwestlik Floarida; en de
Tekwesta
yn it súdeasten. Hjoed de dei is fan dy oarspronklike befolking inkeld noch in lyts groepke Apalatsjy oer, dat trouwens net mear yn Floarida, mar yn
Louisiana
wennet.
St. Augustine
(stifte yn
1565
) is de âldste
stêd
fan Floarida.
De earste Jeropeeske
ûntdekkingsreizger
dy't Floarida oandie (en dy't it gebiet syn namme joech) wie de
Spanjert
Juan Ponce de León
, dy't it skiereilân op
2 april
1513
ûntdiek. Der bestiet in nearne op basearre, mar hartstikkene taai ferhaal dat syn ûntdekking fan Floarida ferbân holden hawwe soe mei in syktocht nei de
Boarne fan 'e Ivige Jonkheid
. Yn
1559
fêstige de Spanjert
Tristán de Luna y Arellano
de earste
blanke
delsetting yn Floarida op 'e kust fan 'e
Florida Panhandle
, mar twa jier letter wie dy delsetting alwer ferlitten. Yn
1565
fêstige
Pedro Menéndez de Avilés
in nije delsetting te
St. Augustine
, oan 'e
Atlantyske kust
, dat sadwaande de âldste stêd fan Floarida is.
Koloniale perioade
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fan dy tiid ôf begûnen de Spanjerts de lânseigen folken fan Floarida ta it
kristendom
te bekearen, mar hja brochten
sykten
mei dêr't de Yndianen gjin
ymmuniteit
tsjin hiene, sadat de befolking fan it skiereilân meitiid slim belune. Underwilens hiene de
Ingelsen
en de
Frânsen
harren eigen koloanjes yn it noarden stifte, sadat de Spaanske macht op it fêstelân fan
Noard-Amearika
beheind waard ta it skiereilân en de Panhandle. Yn
1763
wiksele Spanje syn koloanje Floarida út tsjin weromjefte fan 'e havenstêd
Havana
, op
Kuba
, dy't yn 'e
Sânjierrige Oarloch
troch de
Britten
ferovere wie. Mei de Spanjerts ferlieten ek de measte oerbleaune Yndianen it skiereilân; hja soene úteinlik opgean yn 'e Kubaanske befolking.
It
Nasjonaal Wâld Ocala
De Britten krigen yn
1763
sadwaande in suver leech lân yn 'e hannen. It bleau lykwols net lang leech, mei't de
Seminoalen
, dy't yn
Georgia
ûnder druk stiene fan 'e opmars fan blanke kolonisten, har yn it lêste fearn fan 'e
achttjinde iuw
nei it suden ta ôfsakje lieten en besit namen fan it skiereilân. De Britten dielden Floarida ûnderwilens op yn twa aparte koloanjes:
Britsk East-Floarida
, dat it skiereilân besloech, en
Britsk West-Floarida
, besteande út de
Florida Panhandle
en it gebiet dat no de
Hakke fan Alabama
en de
Hakke fan Mississippy
is. De earste Britske kolonisten wiene ofsieren en soldaten dy't yn 'e
Frânske en Yndiaanske Oarloch
(it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch) fochten hiene. Under oanfitering fan it Britske regear setten har neitiid ek kolonisten út
Súd-Karolina
Georgia
Bermuda
en
Ingelân
sels yn 'e beide koloanjes nei wenjen.
Benammen fanwegen de jonkheid fan 'e beide Floarida-koloanjes en troch it feit dat in grut part fan 'e kolonisten út earder Britsk militêr personeel bestie, hiene East- en West-Floarida part noch diel oan 'e
Amerikaanske Revolúsje
en de dêropfolgjende
Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch
1774
1783
). Ynstee bleaune de beide koloanjes yn dy snuorje in bolwurk fan Britske loyalisten. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, mei in
Amerikaanske
oerwinning yn it foarútsjoch, krige de kolonisaasje fan it gebiet in nije ympuls doe't grutte oantallen loyalisten út 'e súdlike dielen fan 'e
Trettjin Koloanjes
nei East- en West-Floarida ta flechten.
In
Mississippy-alligator
yn 'e
Everglades
Nei ôfrin fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch koene de Feriene Steaten foar in grut part de betingsten foar in fredesferdrach diktearje, en de nije
republyk
woe gjin Britske koloanjes oan syn súdflank hawwe. Dêrfandinne waard by de
Frede fan Versailles
, fan
1783
, regele dat East- en West-Floarida weromjûn wurde moasten oan Spanje. Under it nije Spaanske bewâld waard de ferdieling fan it gebiet yn twa aparte koloanjes fuortset. Feitliks seagen de Spanjerts yn dit twadde Spaanske tiidrek mar amper nei Floarida om, en harren ynfloed yn it gebiet wie tige beheind. Sadwaande ûntjoech Floarida him yn dy tiid ta in taflechtsoard foar ûntsnapte
neger
slaven
en in basis dêr't de Seminoalen oanfallen wei útfierden op 'e Amerikaanske kolonisten yn Georgia. Dat sinnige it Amerikaanske regear alhiel net, dat Spanje waard op yngripen ferge.
Yn dyselde snuorje setten har ek almar mear Amerikaanske kolonisten yn it noarden fan East- en West-Floarida nei wenjen, ek al stie it Spaanske regear dat offisjeel net ta. De Amerikanen fermongen har mei de eardere Britske kolonisten en sa ûntjoech him in 'oarspronklike' blanke befolking dy't bekend kaam te stean as de
Florida Crackers
. Dy lju hiene in bruorke dea oan it Spaanske bestjoer fan it gebiet, wat yn
1810
yn West-Floarida late ta in
rebûlje
en de fêstiging fan 'e saneamde
Republyk West-Floarida
, dy't njoggentich dagen bestie foar't de Spanjerts de opstân delsloegen. Datselde jiers noch waard it westlike part fan Spaansk West-Floarida troch de Amerikaanske presidint
James Madison
by dekreet
anneksearre
as ûnderdiel fan 'e
Louisiana-oankeap
. Yn
1812
waard ek it
Mobile
-distrikt fan West-Floarida troch de Feriene Steaten anneksearre, wêrmei't de
Florida Panhandle
syn hjoeddeistige grinzen krige. Hoewol't de Spanjerts protest oantekenen, wie it it harren skynber net wurdich om der in oarloch om te begjinnen.
It
Nasjonaal Park de Everglades
Under Amerikaansk bestjoer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Doe't de oanfallen fan 'e
Seminoalen
út Floarida wei op Amerikaanske delsettings yn Georgia oanholden, en der boppedat almar mear
neger
slaven
oer de grins ûntsnapten, begûn it
Amerikaanske Leger
hieltyd faker sels ek ynfallen te dwaan op Spaansk grûngebiet. Yn 'e jierren
1817
1818
fierde it leger ûnder lieding fan generaal
Andrew Jackson
(dy't letter
presidint
wurde soe) in lang oanhâldende kampanje yn Floarida út dy't bekend kaam te stean as de
Earste Seminoalske Oarloch
. Tsjin dy tiid behearsken de Amerikanen yn 'e praktyk it noardlike part fan East-Floarida. De beide koloanjes wiene in lêst wurden foar Spanje, dat der finansjeel it frij net ta hie om kolonisten of troepen te stjoeren. Sadwaande besleat it regear yn
Madrid
om 'e beide koloanjes te ferkeapjen oan 'e Feriene Steaten, in transaksje dy't syn beslach krige yn it
Adams-Onis Ferdrach
. Op
3 maart
1821
waard Floarida sadwaande Amerikaansk grûngebiet. Op
30 maart
1822
foege it Amerikaanske regear de beide koloanjes bestjoerlik gear ta it
Territoarium Floarida
, dat oant
1845
bestean soe.
Tsjin 'e
1820
-er jierren wiene de measte blanke Amerikanen fan miening dat der ferlet wie fan in
deportaasje
fan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan it súdeasten om romte te meitsjen foar
kolonisaasje
fan harren lân troch de blanken. Dy "
Yndiaanske Ferwidering
" betrof de saneamde
Fiif Beskaafde Stammen
fan 'e
Sjeroky
Cherokee
),
Tsjoktou
Choctaw
),
Tsjikkesou
Chickasaw
),
Kriik
Creek
) en
Seminoalen
Seminole
). Yn it ramt fan Floarida gie it inkeld om 'e Seminoalen, dy't hieltyd faker mei blanke kolonisten yn botsing kamen om't dy har samar op Yndiaansk lân nei wenjen setten, en dy't boppedat trochgiene mei it opnimmen yn harren fermidden fan útnaaide negerslaven, de saneamde
Afro-Seminoalen
. Troch de ynfluks fan nije kolonisten nei't Floarida ûnder Amerikaansk bestjoer kommen wie, boazen sokke swierrichheden allinnich noch mar fierder oan.
Osceola
, de lieder fan 'e
Seminoalen
yn 'e
Twadde Seminoalske Oarloch
Yn
1830
naam it
Amerikaanske Kongres
de
Wet op de Yndiaanske Ferwidering
oan, wêrmei't de deportaasjes yn in
wettige
foarm getten waarden. Yn
1832
waard tusken de Amerikaanske oerheid en de Seminoalen it
Ferdrach fan Payne's Landing
sletten, wêrby't de Seminoalen nij lân ûnthjitten waard yn it
Yndiaanske Territoarium
(it lettere
Oklahoma
), bewesten de
Mississippy
. In protte fan harren ferfearen doe ûnder druk fan 'e blanken dêrhinne. Neitiid besocht it Amerikaanske Leger de efterbliuwers mei geweld út Floarida wei te krijen, wat ta de bloedige
Twadde Seminoalske Oarloch
1835
1842
) late, wêrby't de Seminoalen oanfierd waarden troch de snoade kriichslieder
Osceola
. Nei't de Yndianen úteinlik ferslein wiene, waarden sa'n 3.000 Seminoalen en 800 Afro-Seminoalen ôffierd nei it Yndiaanske Territoarium.
In
seeko
mei jong.
De oerwinning fan 'e Amerikanen yn 'e Twadde Seminoalske Oarloch makke de wei frij foar in grutskaliger kolonisaasje fan noardlik Floarida. Sadwaande waard it gebiet op
3 maart
1845
as de 27e steat yn 'e
Amerikaanske Uny
opnommen. Floarida wie doedestiden in
slavesteat
, en yn 'e Panhandle en it uterste noarden fan it skiereilân ûntstiene grutte
katoenplantaazjes
. Wat fierder oft de kolonisten har yn it skiereilân ôfsakje lieten, wat faker oft hja lykwols wer yn konflikt kamen mei de oerbleaune Seminoalen. Op 'e nij griep it leger yn, wat late ta de
Tredde Seminoalske Oarloch
1855
1858
), dy't op 'e nij resultearre yn in deportaasje fan hûnderten Seminoalen nei it Yndiaanske Territoarium. Hûnderten oaren loeken har lykwols werom yn it
sompelân
fan 'e Everglades, yn 'e punt fan it skiereilân, dêr't se oant yn 'e
tweintichste iuw
feilich wiene foar de Amerikanen.
Tsjin
1860
hie Floarida goed 140.000 ynwenners, wêrfan't 44% út negerslaven bestie. De steat skate him op
10 jannewaris
1861
as trêde
Súdlike steat
(nei
Súd-Karolina
en
Mississippy
) fan 'e Feriene Steaten ôf en wie op
8 febrewaris
ien fan 'e oprjochtsjende leden fan 'e
Konfederearre Steaten fan Amearika
. Under de dêropfolgjende
Amerikaanske Boargeroarloch
1861
1865
) levere Floarida 15.000 soldaten oan it Konfederearre leger, dy't oer it algemien bûten de eigen steat ynset waarden. De grutste militêre treffens yn Floarida sels fûnen oan 'e ein fan 'e oarloch plak, doe't de striid foar de Konfederaasje eins al ferlern wie. Likegoed einigen de
Slach by Olustee
en de
Slach by Natural Bridge
beide yn in Konfederearre oerwinning.
De
Slach by Olustee
1864
), yn 'e
Amerikaanske Boargeroarloch
Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Floarida op
25 juny
1868
wer yn 'e Amerikaanske Uny opnommen. Nei't it
Tiidrek fan de Weropbou
yn
1876
einige, kamen de
blanke
Demokraten
yn it Parlemint fan Floarida wer oan 'e macht. Hoewol't hja de befrijing fan 'e slaven dy't oan 'e ein fan 'e oarloch trochfierd wie, net weromdraaie koene, slagge it harren al om 'e boargerrjochten fan 'e
swarten
te beheinen mei de nije
steatsgrûnwet
dy't yn
1885
oannommen waard en amendeminten oan dy grûnwet fan
1885
oant
1889
. Troch betingsten te ferbinen oan û.m. it
stimrjocht
(lykas de eask dat kiezers lêze en skriuwe kinne moasten) waarden hast alle swarten en it grutste part fan 'e earme blanken
polityk
bûtenspul set.
Under de
Afro-Amerikaanske Folksferhuzing
teagen tusken
1910
en
1940
sa'n 40.000
Afro-Amerikanen
út Floarida wei, om efterstelling en rasiaal geweld efter har te litten en in better bestean te sykjen yn 'e
yndustrystêden
fan it Noarden. Wetlike
diskriminaasje
en ynstitúsjonalisearre
rasisme
holden yn Floarida oan oant it Amerikaanske federale regear der yn 'e
1960
-er jierren it near op lei ûnder druk fan 'e
Amerikaanske Boargerrjochtebeweging
It âlde Steatskapitoal fan Floarida yn
Tallahassee
, datearjend út
1845
, mei dêrefter de moderne kapitoaltoer yn oanbou (
1976
).
Oant de midden fan 'e
tweintichste iuw
wie Floarida de tinst befolke steat fan it
Amerikaanske Suden
. Yn 'e
1920
-er jierren, doe't
ekonomyske
wolfeart foar it earst op relatyf grutte skaal
toerisme
mooglik makke, ûnderfûn Floarida fanwegen syn waarme
klimaat
in perioade fan yngeande lânûntwikkeling, dy't late ta de
Florideeske lân-
boom
fan de 1920-er jierren
. Ferwuostgjende
orkanen
yn
1926
en
1928
, folge troch de
Grutte Depresje
, makke dêr in ein oan, en de ekonomy klaude pas wer by de wâl op troch de militêre útjeften ûnder de
Twadde Wrâldoarloch
. Doe't der yn 'e
1950
-er jierren betelbere
airconditioning
beskikber kaam, begûn Floarida him te ûntjaan ta in earsten
fakânsjegebiet
en in gaadlik wenplak foar
pensionado's
. Migraasje fan lju dy't har wurk kwytrekke wiene yn 'e Amerikaanske
stielyndustry
liet de steatsbefolking yn 'e
1970
-er jierren noch flugger groeie. Tsjintwurdich hat Floarida mei krapoan 20 miljoen ynwenners de op twa nei grutste befolking fan alle Amerikaanske steaten.
Bestjoer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Floarida bestiet bestjoerlik út 67
countys
, al telle guon boarnen der mar 66 om't
Duval County
konsolidearre
is mei de
stêd
Jacksonvile
. De
steatshaadstêd
Tallahassee
, leit yn
Leon County
, yn it noarden fan 'e steat, dat diel útmakket fan 'e
Florida Panhandle
. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Floarida bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de
gûverneur
. De
wetjaande macht
is yn 'e hannen fan it
Parlemint fan Floarida
, dat bestiet út 'e Steatssenaat, mei 40 sitten, en it Steatshûs fan Offurdigen, mei 120 sitten. Yn 'e
Amerikaanske Senaat
wurdt Floarida, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2
senators
. Yn it
Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
hat Floarida 27 sitten.
In lansearring fan 'e
Space Shuttle
op it
Kennedy Space Center
, oan 'e eastkust fan Floarida.
It politike lânskip fan Floarida wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske
politike partijen
, de
Demokratyske Partij
en de
Republikeinske Partij
. Alle oare partijen spylje net mear as in marzjinale rol. Floarida wurdt yn 'e Amerikaanske
polityk
beskôge as in
swingsteat
, mei't noch de Republikeinen, noch de Demokraten der in grutte oermacht hawwe. Hoewol't it grutste part fan it Florideeske elektoraat út registrearre Demokraten bestiet, hat de steat sûnt
1952
by alle presidintsferkiezings yn mearderheid foar de Republikeinske kandidaat stimd, útsein yn
1964
1976
en
1996
. De presidintsferkiezings fan
2000
wiene in spesjaal gefal, doe't de stimmen fan Floarida yn it
Amerikaanske Kieskolleezje
nei de Republikeinske kandidaat
George W. Bush
giene, mar letter bliken die dat de Demokratyske kandidaat
Al Gore
yn Floarida de measte stimmen krigen hie en eins presidint wurde moatten hie.
Ekonomy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn
2010
bedroech it
bruto steatsprodukt
fan Floarida $748 miljard (it op trije nei heechste fan alle
Amerikaanske steaten
). Per lid fan 'e befolking komt dat del op $39.563. De grutste bydrage oan 'e
ekonomy
fan Floarida wurdt levere troch de
tsjinstesektor
, wêrfan't it
toerisme
, it
bank
- en
fersekeringswêzen
, de
transportbrâns
en de oerheid it foarnaamste plak ynnimme.
Strân
toerisme
yn
South Beach
It wichtichst foar de steatsekonomy is it
toerisme
, dat mei 60 miljoen besikers fan bûten de steat op jierlikse basis it grutste oandiel oan it bruto steatsprodukt bydraacht. De toeristen komme yn it foarste plak ôf op it moaie
waar
, de
sinneskyn
en de
strannen
yn 'e
Sunshine State
. Mar ek de
ferdivedaasjeparken
spylje in grutte rol by it oanlûken fan
fakânsjegongers
Disney World
, yn
Orlando
, slacht yn dat ramt foar master op, mei 50 miljoen besikers jiers. Oare wichtige ferdivedaasjeparken binne it
filmtemapark
Universal Orlando Resort
(fan 'e
Universal Studios
) en it
dolfinarium
Seaworld
, beide ek yn Orlando, en 'e
Busch Gardens
yn
Tampa
. Floarida is fierders ien fan 'e populêrste steaten foar jonge Amerikaanske studinten om harren
spring break
-fakânsje troch te bringen. Foarhinne wie de wichtichste
spring break
-bestimming yn 'e Feriene Steaten
Fort Lauderdale
, yn súdlik Floarida, mar tsjintwurdich is dat
Panama City Beach
, oan 'e kust fan 'e
Florida Panhandle
De
lânbou
is noch altyd de op ien nei grutste sektor fan 'e Florideeske ekonomy. Fral de
túnbou
, benammen fan
sinesapels
grapefruits
tangerinen
en oare
sitrusfruchten
, nimt in tige wichtich plak yn. Oare agraryske produkten fan belang binne
sûkerreid
ierdbeien
tomaten
en
selderij
. De
fiskerij
(sawol kommersjele fiskerij as
sportfiskerij
) brocht yn
2009
$6 miljard op en bea wurkgelegenheid oan 60.000 minsken.
It Kastiel fan
Jiskepûster
yn it
ferdivedaasjepark
Disney World
, yn
Orlando
Op it mêd fan 'e
yndustry
produsearret Floarida benammen
technologyske
en
biomedyske produkten
Orlando
is in sintrum fan 'e
loft
- en
romtefeartyndustry
, en de Amerikaanske romtefeartorganisaasje
NASA
ûnderhâldt op it
skiereilantsje
Cape Kennedy
(foarhinne Cape Canaveral) ien fan 'e wichtichste romtefeartbases fan 'e Feriene Steaten (it
Kennedy Space Center
).
Demografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Neffens in offisjele rûzing troch it
Amerikaanske Folkstellingsburo
(op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske
folkstelling
fan
2010
) hie Floarida yn
2014
19.893.297 ynwenners, wat in groei fan 5,8% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn
2010
. De
befolkingstichtens
wie yn
2014
136,4 minsken de km². De grutste
stêd
fan 'e steat is
Jacksonvile
, mei 843.000 ynwenners yn
2011
. Oare gruttere stêden binne:
Miami
(418.000),
Tampa
(353.000),
St. Petersburg
(256.000),
Orlando
(255.000),
Hialeah
(233.000),
Tallahassee
(186.000) en
Fort Lauderdale
(172.000). De grutste
stêdekloft
is dy fan
Miami
, mei sa'n 5,8 miljoen ynwenners. Dêr meitsje in protte lytsere stêden diel fan út, lykas
Fort Lauderdale
Hialeah
West Palm Beach
Boca Raton
Miami Beach
North Miami
en
South Miami
Befolkingstichtens
yn Floarida.
Mei't in protte begoedige Amerikanen út 'e grutte stêden oan 'e noardeastkust (
New York
Philadelphia
Baltimore
Washington, D.C.
, ensfh.) nei Floarida ferhúzje as se mei pinsjoen geane, hat Floarida it heechste persintaazje fan ynwenners yn 'e leeftydskategory boppe de 65 jier fan alle Amerikaanske steaten, nammentlik 17%. Yn
2008
wie likernôch twatrêde part fan 'e Florideeske befolking bûten de steat berne, wat ek it heechste persintaazje is fan alle Amerikaanske steaten. Yn
2010
makken
yllegale ymmigranten
5,7% fan 'e befolking fan Floarida út, mei in totaal oantal fan nei skatting 675.000 minsken.
Etnisiteit
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske
folkstelling
fan
2010
wie de
etnyske
opbou fan 'e
befolking
fan Floarida doe sa: 57,9%
blanken
; 22,5%
Latino's
; 16,0%
swarten
; 2,4%
Aziaten
; 0,4%
Yndianen
; 0,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.
De
skyline
fan
Miami
Blanke
Floridezen binne fierhinne fan
Noardwestjeropeeske
orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen
Dútsers
(12,0% fan 'e totale steatsbefolking),
Ieren
(10,7%),
Ingelsen
(8,8%),
Angelsaksyske Amerikanen
(6,9%),
Italjanen
(6,6%),
Poalen
(2,8%),
Frânsen
(2,7%),
Skotten
(1,8%),
Ulstersen
(1,6%),
Russen
(1,3%),
Nederlanners
(1,3%) en
Sweden
(0,9%).
De
Latino-mienskip
bestiet yn Floarida benammen út
Kubanen
(6,5% fan 'e totale steatsbefolking), folge troch
Portorikanen
(4,5%),
Meksikanen
(3,3%),
Kolombianen
(1,6%),
Dominikanen
(0,9%),
Nikaragûanen
(0,7%) en
Hondoerezen
(0,6%). De Kubanen binne benammen konsintrearre yn it suden fan it skiereilân, yn 'e
stêdekloft
fan
Miami
, wylst de Portorikanen benammen yn
Orlando
en
Tampa
wenje.
Utsjoch op it sintrum fan
Orlando
By de
Afro-Amerikanen
is ek de grutte
Haïtiaanske mienskip
yn Floarida meiteld, dy't mei 379.000 leden 2,0% fan 'e befolking fan 'e steat útmakket. Floarida omfiemet fierders 2
federaal erkende Yndianestammen
, nammentlik:
● de
Mikosûky Stamme fan Yndianen fan Floarida
● de
Seminoalske Stamme fan Floarida
De Mikosûky Stamme hat in eigen
reservaat
yn súdlik Floarida; de oare seis federale Yndianereservaten yn 'e steat binne allegear fan 'e Seminoalske Stamme. Der binne yn Floarida gjin
stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo
Taal
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De
offisjele taal
fan Floarida is sûnt
1988
it
Ingelsk
(foartiid wie der gjin offisjele taal fêstlein) Neffens gegevens út
2013
wie it Ingelsk doe foar 73% fan 'e befolking de
memmetaal
. Der wurde yn 'e steat mear as twahûndert oare
talen
sprutsen, mar dêrfan is it
Spaansk
fierwei it wichtichst, mei't dat foar 20% fan 'e befolking de memmetaal is. Op it trêde plak komt it
Haïtiaansk-Kreoalsk
, mei 2% fan 'e befolking.
De
roomske
Katedraal fan 'e
Hillige Marije
, yn
Miami
Godstsjinst
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Op it mêd fan
godstsjinst
bestie yn
2008
76% fan 'e befolking fan Floarida út
kristenen
, wêrûnder 49%
protestanten
, 26%
roomsen
en 1%
eastersk-otterdoksen
. De grutste protestantske denominaasjes wiene de
Súdlike Baptistekonvinsje
en de
Feriene Metodistyske Tsjerke
. De
Florida Panhandle
en it noarden fan it
Floarida-skiereilân
meitsje diel út fan 'e
Bibelgurdle
, dêr't it meastepart fan 'e befolking
fûnemintalistyske
foarmen it
kristendom
oanhinget.
Ateïsten
en
agnosten
foarmje 16% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne, yn folchoarder fan grutte: it
joadendom
(3%); de
islaam
(1%); it
boedisme
(0,5%); en it
hindoeïsme
(0,5%). De oanhingers fan alle oare godstsjinsten mei-inoar foarmje 3% fan 'e befolking.
In satellytbyld út
1992
: de
orkaan Andrew
komt de kant fan Floarida út.
Klimaat
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It noardlike twatrêde part fan Floarida hat in fochtich
subtropysk klimaat
, wylst de súdein fan it skiereilân in
tropysk
klimaat
hat. Yn it suden bestiet der sadwaande gjin wier ferskil tusken de fjouwer
jiertiden
. De
temperatuer
leit by 't
simmer
oerdeis trochinoar om 'e 32-34
°C hinne, mar it fielt waarmer oan om't de
luchtfochtichheid
yn Floarida sa heech is. Floarida hat it waarmste
waar
fan alle
Amerikaanske steaten
. It hat de bynamme fan
Sunshine State
("Sinneskynsteat"), om't it grutste part fan 'e steat jiers tusken de 2.800 en 3.200 oeren
sinneskyn
kriget. Rekôrtemperatueren wiene 43
°C, op
29 juny
1931
yn
Monticello
, en –19
°C op
13 febrewaris
1899
te
Tallahassee
Snie
falt der selden yn Floarida. Wol hat de steat tusken begjin
juny
en ein
novimber
gauris te krijen mei
orkanen
, dy't yn 'e regel òf út it
Karibysk Gebiet
wei oer de breedte fan it skiereilân hinne raze nei de
Golf fan Meksiko
ta, òf ôfbûge nei it noarden en by de
Atlantyske kust
lâns skeare. Tusken
1851
en
2006
waard Floarida troffen troch 114 orkanen, wêrfan't 37 swiere orkanen wiene. Oant de
orkaan Katrina
yn
2005
by de stêd
New Orleans
, yn
Louisiana
, oan lân kaam, wie de
orkaan Andrew
, dy't yn
augustus
1992
Floarida trof, mei mear as $25 miljard oan skea de kostberste
natoerramp
út 'e Amerikaanske skiednis. De op ien nei swierste orkaan út 'e skiednis fan Floarida wie de
orkaan Wilma
, dêr't de steat yn
oktober
2004
troch troffen waard. Begjin
septimber
2017
rjochte
orkaan Irma
op 'e
Florida Keys
op plakken in frijwol folslein ferwuostging oan, wylst súdlike dielen fan it
Floarida-skiereilân
swiere skea oprûnen. Yn û.m. de stêden
Miami
en
Jacksonville
ûntstie in protte skea net troch de
wyn
, mar troch de mei de orkaan mank geande
stoarmfloed
Keppelings om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
(in)
Offisjele webside fan it regear fan Floarida
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:
References
, op dizze side
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Florida
fan
Wikimedia Commons
Feriene Steaten
steaten
Alabama
Alaska
Arizona
Arkansas
Delaware
Fermont
Firginia
Floarida
Georgia
Hawaï
Idaho
Illinois
Indiana
Iowa
Kalifornje
Kansas
Kentucky
Kolorado
Konettikut
Louisiana
Maine
Marylân
Massachusetts
Michigan
Minnesota
Mississippy
Missoery
Montana
Nebraska
Nevada
Nij-Hampshire
New York
Nij-Jersey
Nij-Meksiko
Noard-Dakota
Noard-Karolina
Ohio
Oklahoma
Oregon
Pennsylvania
Rhode Island
Súd-Dakota
Súd-Karolina
Teksas
Tennessee
Utah
Washington
West-Firginia
Wyoming
Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen
Amerikaansk-Samoä
Gûam
Noardlike Marianen
Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
Opfrege fan "
Kategoryen
Floarida
Steat yn de Feriene Steaten
Steat yn de Konfederearre Steaten fan Amearika
Histoaryske Britske koloanje
Histoaryske Spaanske koloanje
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1845
Bestjoerlike ienheid opheft yn 1861
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1868
Suden (Feriene Steaten)
Floarida
Nij mêd