Nederdútsk - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Nederdútsk
algemien
oare
namme(n)
Platdútsk, Nedersaksysk
eigen
namme
Plattdüütsch
lânseigen
yn
Dútslân
Denemark
Poalen
tal
sprekkers
10.000.000 (it
Nedersaksysk
yn
Nederlân
net meirekkene)
skrift
it
Latynske alfabet
taalsibskip
taalfamylje
Yndo-Jeropeesk
Germaansk
Westgermaansk
Súdwestgermaansk
Nederfrankysk-Nedersaksysk
Nedersaksysk
Nedersaksysk
dialekten
Westnederdútsk
Noardsaksysk
Westfaalsk
Eastfaalsk
),
Eastnederdútsk
Marksk-Brandenboarchsk
Meklenboarchsk-Foarpommersk
Middelpommersk
Eastpommersk
Nederprusysk
taalstatus
offisjele status
it Nederdútsk genietet yn
Dútslân
erkenning as minderheidstaal; yn Denemark en Poalen wurdt it net erkend
taalkoades
ISO 639-1
n.f.t.
ISO 639-2
nds
ISO 639-3
nds
It
Nederdútsk
, ek wol
Platdútsk
Leechdútsk
of soms
Nedersaksysk
neamd, is in taal dy't heart ta de
Súdwestgermaanske kloft
fan 'e
Westgermaanske talen
en sprutsen wurdt yn noardlik
Dútslân
, súdlik
Denemark
en noardlik
Poalen
. Fierders wurdt it ek noch sprutsen yn guon ymmigrantemienskippen, benammentlik yn
Kanada
It Nederdútsk wurdt yn
Dútslân
sprutsen troch likernôch tsien miljoen minsken, oftewol 12% fan 'e Dútke befolking. Yn
Denemark
wurdt it heechút troch in pear tûzen minsken sprutsen. It sprekkerstal yn
Poalen
is ûnbekend, mar sil nei gedachten net boppe tsientûzen útkomme. It nau oan it Nederdútsk besibbe
Nedersaksysk
yn noardeastlik
Nederlân
hat 1.616.000 sprekkers.
It Nederdútsk genietet yn
Dútslân
erkenning as minderheidstaal en is yn
1998
troch it Dútske regear opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeesk Ferdrach foar Regionale en Minderheidstalen.
It Nederdútske taalgebiet
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It wurdt sprutsen yn hiel noardlik
Dútslân
, benoarden in frij rjochte, tinkbyldige line fan
Bocholt
, by de
Nederlânske
grins oant
Seelow
, by de
Poalske
grins. De útsûndering dêrop is de Dútske haadstêd
Berlyn
en it gebiet dêr fuort omhinne, dêr't it Nederdútsk al iuwen lyn útstoarn is. Yn it
Rynlân
, tsjin 'e
Nederlânske
grins oan, wurde 3
Nederfrankyske
dialektgroepen sprutsen (it
Limburchsk
, it
Kleverlânsk
en it
Eastberchsk
) dy't soms wol op ien bulte smiten wurde mei de Nederdútske dialekten, mar der eins net ta hearre.
Behalven yn
Dútslân
wurdt it Nederdútsk ek sprutsen yn
Denemark
en
Poalen
. Yn
Denemark
wurdt it yn 'e regio
Noard-Sleeskwyk
sprutsen yn pear doarpen tichteby de Dútske grins. Yn noardlik
Poalen
wurdt it ferspraat yn it noarden fan it lân noch hjir en dêr sprutsen. Foarhinne hearden nammentlik de Dútske gebieten yn wat no noardlik
Poalen
, de
Russyske
provinsje
Kaliningrad
en súdwestlik
Litouwen
binne, ta it Nederdútske taalgebiet. Oan 'e ein fan 'e
Twadde Wrâldoarloch
waard lykwols hast de hiele Dútske befolking fan dy gebieten ferdreaun. Ynklusyf de - net Nederdútsktalige - befolking fan 'e Dútske gebieten yn sintraal en súdlik
Poalen
- gong it dêrby om hast acht miljoen minsken. Der wienen lykwols tsientûzenen
Dútsers
dy't oan 'e deportaasje ûntkamen en hjoed de dei bestiet der yn
Poalen
noch altyd in Dútske minderheid fan hast in heal miljoen minsken. It Nederdútsk wurdt der lykwols allinne noch mar troch guon fan 'e âlderein sprutsen.
De dialekten fan it Nederdútsk foarmje ien
taalkontinuum
mei de
Nedersaksyske
dialekten fan noardeastlik
Nederlân
. Dêrom wurde alle dialekten fan 'e
Feluwe
oant 'e
Poalske
grins beskôge as hearrend ta ien taal, ek al bestiet der gjin standerdisearre foarm fan. Yn
Dútslân
wurdt dy taal Nederdútsk of Platdútsk neamd en yn
Nederlân
Nedersaksysk
Der bestiet lykwols in frij grut - en tsjintwurdich fluch groeiend - ferskil tusken it Nederdútsk en it
Nedersaksysk
, want wylst it Nederdútsk ûnder druk fan it
Dútsk
stiet en hieltyd mear eigenskippen út dy taal oernimt, hat it
Nedersaksysk
te krijen mei de sterke ynfloed fan it
Nederlânsk
, dy't it in oare kant útdriuwt. Sokke ferskillen binne benammen werom te finen as men sjocht nei de ûntliening fan nije wurden en nei de stavering - sa hat it Nederdútsk de saneamde
Großschreibung
(it skriuwen fan haadwurden mei haadletters) oernommen fan it
Dútsk
, wylst dat ferskynsel yn 'e stavering fan 'e
Nedersaksyske
dialekten fan
Nederlân
nearne foarkomt.
Wat de sprekkers sels oangiet, hawwe de Nedersaksysktaligen yn
Nederlân
der oer it algemien gjin muoite mei om oan te nimmen dat yn noardlik
Dútslân
itselde soarte dialekten sprutsen wurdt. Oarsom wol it lykwols de measte
Nederdútsers
net oan dat harren taal trochrint op Nederlânsk grûngebiet. Yn dit ferbân moat fernijd wurde dat yn Jeropeesk ferbân sawol it Nederdútsk (yn it
Ingelsk
Low German
) as it
Nedersaksysk
(yn it
Ingelsk
Low Saxon
) erkenning as minderheidstaal genietet, mar sûnder dat se mei safolle wurden as ien taal erkend wurde.
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It hjoeddeiske en it eardere Nederdútsk-Nedersaksyske taalgebiet.
It Nederdútsk is ûntstien út it Aldsaksysk, dat yn it earste milennium nei Kristus sprutsen waard. Dy taal is oerlevere fan 'e njoggende iuw ôf, útsein in doopûnthjit út 'e achtste iuw, dêr't de ôf te swarren heidenske goaden mei namme yn neamd wurde: "
(...) end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuôden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint (...)
" ("(...) en ik fesaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, Doanar en Woadan en Saksnot, en al dy duvels dy't harren genoaten binne (...)").
De wichtichste Aldsaksyske tekst is de
Heliand
("Heilân"), in yn 'e midden fan 'e njoggende iuw skreaun epos oer it libben en de lear fan
Jezus Kristus
, dêr't 5.983 rigels yn stêfrym fan bewarre bleaun binne. In oare Aldsaksyske tekst út 'e njoggende iuw is de
Genesis
, dy't bestiet út trije fragminten mei teksten út ûnder mear it earste Bibelboek (
Genesis
), yn 337 stêfrymrigels.
Op it Aldsaksyske Tiidrek (750-1150) folge it Midnederdútske Tiidrek (1150-1600). Yn dy snuorje fûn de útwreiding fan it Nederdútske taalgebiet by de
Eastseekust
lâns nei it easten ta plak, dêr't de ynheemske Slavyske en Baltyske befolking foar in grut part by ferkrongen of assimilearre waard. Oan dy kolonisaasje namen ek lju út 'e
Nederlannen
diel en sels hjoed de dei noch kinne der
Nederlânske
ynfloeden weromfûn wurde yn fral it
Marksk-Brandenboarchske
dialekt.
Yn dyselde tiid, om
1200
hinne, ûntjoech der him ek in Nederdútske standertskriuw- en -sprektaal dy't benammentlik basearre wie op it dialekt fan 'e havenstêd
Lübeck
, oan 'e
Eastsee
, dat yn dy tiid it machtichste lid fan 'e tige ynfloedrike
Hânse
wie. In pear iuwen lang wie it Midnederdútsk de dominante taal yn noardlik
Dútslân
en it
Noard-
en
Eastseegebiet
fan 'e
Grinslân
oant
Estlân
en fan
Berlyn
oant
Stockholm
. Healwei de sechstjinde iuw rekke dy taal lykwols yn it neigean, tagelyk mei it ferdwinen fan 'e Lübecker hannelsmacht. De genedeklap kaam troch de ynfiering fan it lutheranisme yn 'e Noarddútske steaten yn dyselde tiid; de Bibeloersetting fan
Luther
wie nammentlik yn it
Meisnysk
skreaun, in
Middeldútsk
dialekt.
It begjin fan it Nijnederdútske Tiidrek (fan
1600
ôf) waard karakterisearre troch it mar sporadysk mear foarkommen fan it brûken fan it Nederdútsk af skriuwtaal. Nei
1700
waard it frijwol hielendal net mear skreaun. Yn 'e grutte stêden kaam sels it gebrûk as sprektaal ûnder druk te stean. Yn
Berlyn
, dat him krekt yn dizze tiid ta in wichtich regearingssintrum ûntjoech, stoar it hielendal út, wylst him yn oare grutte stêden, lykas
Hamboarch
Lübeck
en
Bremen
, ûnder de hegere klassen it saneamde
Missingsk
ûntjoech, dat in mingfoarm fan Heech- en Nederdútsk wie. Pas yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw begûn men it Nederdútsk wer te skriuwen.
Klaus Groth
wurdt sjoen as ien fan de grûnlizzers fan De Nederdútske lietratuer.
Ferskillen mei it Dútsk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De grutste ferskillen tusken it
Dútsk
en it Nederdútsk binne feroarsake trochdat it Nederdútsk gjin part hân hat oan 'e saneamde twadde of
Heechdútske klankferskowing
. Foarbylden fan 'e dêrtroch ûntstien ferskillen binne opnommen yn 'e ûndersteande tabel.
wurd
Dútsk
Nederdútsk
"ik"
ich
ik
"molke"
Milch
Melk
"meitsje"
machen
maken
"twa"
zwei
twee
"sâlt"
Salz
Solt
"doarp"
Dorf
Dorp
"dat"
das
dat
"wetter"
Wasser
Water
"panne"
Pfanne
Pann(e)
Fierders is opfallend dat der yn it Nederdútsk - oars as yn it
Dútsk
- mar twa lidwurden foarkomme. Ferlykje ûndersteande foarbylden:
oersetting
Dútsk
Nederdútsk
"de man"
der Mann
de Mann
"de frou"
die Frau
de Fro, Fru
"it bern"
das Kind
dat Kind
Tal sprekkers
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Dútslân
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Neffens ûndersyk fan it
Institut für Niederdeutsche Sprache
út 2016, is der by de ferskillende leeftydskategoryen sprake fan in rêde delgeande trend. 50,7% fan leeftydskategory âlder as 80 jier koe it Nederdútsk noch "goed" of "hiel goed" prate, by de leeftydskategory jonger as 20 jier koe 0,8% "goed" of "hiel goed" Plat prate. By dy jonge kategory koe 6,8% "ridlik" Plat prate, 21,1% koe "in pear wurden" en 71,3% koe "hielendal net" Plat prate.
Nederlân
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Neffens ûndersyk fan it ûndersyksburo ITS fan de
Radboud Universiteit Nijmegen
út 2011, útfierd troch dr.
Geert Driessen
, lit deselde trend as yn Dútslân sjen. 15% fan de âlden mei bern koenen Nedersaksysk prate. Fan de heiten prate winliken 2% Nedersaksysk mei de bern en fan de memmen prate 1% Nedersaksysk mei de bern. 1% fan de bern joech oan Nedersaksysk mei broerkes, suskes en freonen te praten.
Dialekten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Nederdútsk bestiet út twa grutte dialektkloften, it
Westnederdútsk
en it
Eastnederdútsk
, dy't elts opboud binne út ferskate lytsere dialektgroepen.
Sa bestiet it
Westnederdútsk
út it
Noardsaksysk
, it
Westfaalsk
en it
Eastfaalsk
. It
Noardsaksysk
, dat by de
Noardseekust
lâns sprutsen wurdt, wurdt bûten
Dútslân
ek wol Noardnedersaksysk neamd, mar om't der in Dútske dielsteat bestiet mei de namme
Nedersaksen
en it
Noardsaksysk
ek yn
Sleeswyk-Holstein
Hamboarch
en
Bremen
sprutsen wurdt, kin dy beneaming betiizjend wurkje. It
Westfaalsk
wurdt eastlik fan 'e
Nederlânske
grins sprutsen en it
Eastfaalsk
yn sintraal noardlik
Dútslân
It
Eastnederdútsk
bestiet út fiif dialekten. It
Meklenboarchsk-Foarpommersk
wurdt yn 'e dielsteat
Meklenboarch-Foarpommeren
, oan 'e
Eastseekust
, sprutsen en it
Marksk-Brandenboarchsk
yn it gebiet om 'e Dútske haadstêd
Berlyn
hinne. De trije oare dialekten, it
Middelpommersk
, it
Eastpommersk
en it
Nederprusysk
, waarden foarhinne sprutsen yn 'e Dútske gebieten yn wat no noardlik
Poalen
, de
Russyske
provinsje
Kaliningrad
en súdwestlik
Litouwen
binne. Tsjintwurdich wurde se miskien noch troch wat âldere minsken yn
Poalen
sprutsen, mar wurde se fral libben holden troch de mienskippen fan 'e ferdreaune
Dútsers
yn
Dútslân
In gefal apart is it
Minnistedútsk
, dat him fan 'e sechstjinde iuw ôf ûnder Nederdútske kolonistemienskippen yn
Poalen
en letter
Ruslân
ûntjoech. Fan
1874
ôf ûntflechten dy minnisten
Ruslân
, sadat harren taal op 't heden it meast sprutsen wurdt yn
Noard-
en
Súd-Amearika
, mar ek noch wol yn
Sibearje
en de
Sintraalaziatyske
republiken. It
Minnistedútsk
wurdt soms rekkene as in dialekt fan it
Nederprusysk
, mar tsjintwurdich wurdt it troch taalkundigen hieltyd faker as in ôfsûnderlike taal beskôge.
De Nederdútske dialektgroepen.
De folsleine dialektyndieling fan it Nederdútsk en it
Nedersaksysk
is as folget (de dialektgroepen yn
Nederlân
binne
fet
werjûn):
Westnederdútsk
Eastfaalsk
Elbe-Eastfaalsk
Göttingsk-Grubenhaachsk
Haadeastfaalsk
(Breunswyksk-Hannoveraansk)
Heide-Eastfaalsk
Noardsaksysk
Breemsk-Aldenboarchsk
Eastfrysk
Grinslânsk
Kollumerlânsk
Nordhannoversch
Holsteinsk
Iemslânsk
Sleeswyksk
Dithmarsch
Westfaalsk
Middendrintsk
Súddrintsk
Feluwsk
Geldersk-Oeriselsk
Meunsterlânsk
Noardlik Westfaalsk
Súdlik Westfaalsk
Twintsk
Twintsk-Greefskipsk
Eastnederdútsk
Eastpommersk
Bublitzysk
Eastefterpommersk
Pommerelsk
Westefterpommersk
Marksk-Brandenboarchsk
Noardmarksk
Súdmarksk
Meklenboarchsk-Foarpommersk
Foarpommersk
Meklenboarchsk
Strelitzysk
Wendlânsk
Middelpommersk
Nederprusysk
Minnistedútsk
Keppelings om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Plattmakers wurdboek
Drents wurdboek
List van Nederdútske wurdboeken
Podcasts en videos
Streektaal-Organisatie in het Nedersaksisch Taalgebied
Institut für niederdeutsche Sprache e.V.
Nederdútsk nijsprogram
Boarnen, noaten en referinsjes
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Adler, A, Christiane, E, Goltz, Kleene, A & Plewnia, A. 2016.
Status und Gebrauch des Niederdeutschen
. Bremen: Institut für Niederdeutsche Sprache/Institut für Deutsche Sprache
Driessen, G. 2011.
Ontwikkelingen in het gebruik van Fries, streektalen en dialecten in de periode 1995-2011
Nijmegen: ITS, Radboud Universiteit Nijmegen
Opfrege fan "
Kategoryen
Nederdútsk
Westgermaanske talen
Dútsk dialekt
Taal yn Dútslân
Taal yn Denemark
Taal yn Poalen
Taal yn Litouwen
Taal yn East-Fryslân
Taal yn Noard-Fryslân
Nederdútsk
Nij mêd
US