Nederlân - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Dizze side giet oer
It lân yn
Jeropa
. Foar oare betsjuttings, sjoch:
Nederlân (betsjuttings)
Keninkryk fan de Nederlannen
Koninkrijk der Nederlanden
Biedwurd
Je maintiendrai
"Ik sil hânhave"
Folksliet
Wilhelmus
Haadstêd
Amsterdam
Offisjele taal
Nederlânsk
Offisjele minderheidstaal
Frysk
Ingelsk
Papiamintsk
Steatsfoarm
Konstitúsjonele monargy
- steatshaad
Kening Willem-Alexander
- regearlieder
Rob Jetten
Unôfhinklikheid
1581
Oerflak
41.543 km²
- lân
33.647 km²
- wetter
7.896 km²
Ynwennertal
18.044.027
(jannewaris 2025)
Befolkingstichtens
434 ynwenners/km²
Muntienheid
Euro
(EUR)
Tiidsône
MET
UTC
+1)
simmertiid
MEST
UTC
+2)
Nasjonale feestdei
27 april
Keningsdei
5 maaie
Befrijingsdei
Ynternetdomein
.nl
Telefoan
+31
ISO 3166
NL, NLD, 528
1. Yn
Fryslân
hat it
Frysk
de status fan offisjele taal, lykas it
Nederlânsk
2. Op
Bonêre
Sint-Eustasius
en
Saba
binne benjonken it
Nederlânsk
ek it
Papiamintsk
en it
Ingelsk
offisjele talen.
Nederlân
Nederland
) is in lân yn
Jeropa
, mei 18.044.000 ynwenners yn 2025, en mei in oerflak fan 41.543 km² (wêrfan 7.896 km² wetter). De haadstêd is
Amsterdam
en de kening fan de monargy is sûnt 2013
kening Willem-Alexander
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Skiednis fan Nederlân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Yn de
prehistoarje
hawwe der sûnt de
Iistiid
al jagers libbe yn de hegere gebieten fan it lân. Yn de lêste milenniums foar Kristus kaam dêr lânbou by. De
histoarje
begjint foar Nederlân mei de Romeinen dy't benammen besuden de
Ryn
taholden. Yn harren tiid waarden de earste stêden stifte. De Romeinen rommen it om
400
hinne it fjild foar de
Franken
en
Friezen
dy't mekoar de hearskippij bestriden hawwe oer it midden fan Nederlân. Om
800
hinne behearsket
Karel de Grutte
mei grutte parten fan
Jeropa
ek hiel Nederlân. In ryk fan de Franken waard troch erfopfolging slit; ien fan de gefolgen dêrfan wie dat men yn Nederlân gjin ferwar hie tsjin oanfallen fan de
Wytsingen
Nei
1000
kaam in ein oan dy ynfallen, en gie it yn West-Jeropa sa bêst dat de lokale hearren harren gebiet begûnen út te wreidzjen. Dit late yn de
14e iuw
ta de partijtiid, dy't úteinliks troch de
Habsburgers
einige waard. Sy makken
de Nederlannen
ta in ienheid, dêr't fan
1568
ôf, it noardlike part him ûnôfhinklik fan makke. Dizze
Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
bestie oant de
Frânske tiid
, doe't it lân yn fazen part fan it
Frânske Keizerryk
waard.
Nei de Frânske tiid waard yn
1814
Nederlân in
keninkryk
, earst mei ek de súdlike Nederlannen derby, en mei
Lúksemboarch
yn in
personele uny
, mar úteinlik mei ûngefear de hjoeddeiske grinzen. Yn de
Earste Wrâldkriich
wie Nederlân neutraal, mar troch de oarloch wie de see net feilich, en de hannel en it iten rûnen tebek. Nei de oarloch gie it gau better, oant de
Krisisjierren
. Hjirnei kaam, tagelyk mei it opbetterjen, yn Jeropa it
faksisme
, wat late ta de
Twadde Wrâldkriich
. Yn
1940
waard Nederlân ynnaam troch
Dútslân
, en earst yn
1945
wer befrijd.
Troch de Dútske ynfal yn Nederlân waard dúdlik dat de Nederlânske neutraliteit by ynternasjonale konflikten net altyd feilich te stellen wie. It neutraliteitstinken ferdwûn nei de Twadde Wrâldkriich en Nederlân slute him oan by de
NAFO
. Yn 1951 rjochte Nederlân mei Dútslân, Frankryk, Belgje, Lúksemboarch en Itaalje de
Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel
op (foarrinner fan de
Europeeske Uny
. Yn 1944 waard de
Benelúks
oprjochte, dy't sûnt 1960 de status fan in ekonomyske uny hat.
Maatskiplik feroare yn de sechtiger jierren gâns. De
ferpyldering
waard fuort nei de oarloch al minder fanselssprekkend. De ledetallen en de ynfloed fan de tsjerke waarden lytser. Troch de massamedia koenen de minsken ienfâldiger te witten komme hoe't minsken yn oare pylders libben en tochten. Mei troch de massamedia en de oangeande demokratisearring waarden de minsken hieltyd selsstanniger en fielden net mear de needsaak om de foarskriften út de eigen pylder te folgjen.
Histoaryske steatsfoarmen fan Nederlân
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1581
1795
Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
1795
1801
Bataafske Republyk
1801
1806
Bataafsk Mienebêst
1806
1810
Keninkryk Hollân
1810
1813
ûnderdiel fan it Keizerryk Frankryk
1813
1815
Soeverein Foarstedom fan de Feriene Nederlannen
1815
1839
Feriene Keninkryk fan de Nederlannen
1839
– hjoed:
Keninkryk fan de Nederlannen
Geografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Kaart fan Nederlân
boarne:
The World Factbook CIA
Nederlân leit yn it noardwesten fan Jeropa en wurdt begrinzge troch de
Noardsee
yn it westen en noarden,
Dútslân
yn it easten, en
Belgje
yn it suden. De lângrinzen binne yn totaal 1027 km lang, de kust hat in langte fan 451 km. Yn it Karibysk gebiet lizze noch trije eilannen dy't ûnderdiel binne fan Nederlân.
Hichte
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Nederlân is foarme as in
rivierdelta
, dy't it heechst is yn it súdeasten, en nei alle kanten omleech rint. It heechste punt fan de Nederlân is de
Mount Scenery
mei 877 meter, it heechste punt fan
de 12 provinsjes
is de
Faalserberch
mei 322 meter. It djipste punt leit yn de
Súdplaspolder
yn de gemeente
Nijtsjerk oan de Isel
, mei 6,76 meter ûnder
Amsterdamsk peil
Grutte parten fan it lân binne ferlern oan en weromwûn op de see. De helte fan it lân is dan ek net heger as in meter boppe seenivo, en in fearn fan it lân leit sels ûnder seenivo. Dat betsjut dat sûnder diken in fearn fan it lân normaal ûnder wetter stean soe, en mear as de helte by elts heech wetter oerspield wurde soe. Ien fan de Nederlânske provinsjes,
Flevolân
bestiet hielendal út polders, en leit kompleet ûnder seenivo. Utsein
Limboarch
hawwe alle oare provinsjes ek lytsere as gruttere stikken lân dy't ûnder seenivo lizze.
Eilannen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Grutte parten fan Nederlân kinne sjoen wurde as eilannen, om't rivieren en fearten der oan alle kanten omhinne rinne. Ek hawwe der tiden west dêr't de see fierder ynkrongen wie en der dêrmei ek mear eilannen yn Nederlân wienen, dy't no wer lânfêst binne. Lykwols hat Nederlân ek no noch sân eilannen yn see: de
waadeilannen
Teksel
Flylân
Skylge
It Gryn
It Amelân
Skiermûntseach
en
Rottum
Yn it súdwesten fan it lân binne de measte grutte eilannen no troch damen ferbûn, mar se wurde al noch as eilannen sjoen:
Goeree-Oerflakkee
Skouwen-Duvelân
Noard-Bevelân
Súd-Bevelân
en
Walcheren
. Tusken dizze grutte eilannen lizze lykwols ek noch in protte lytsere, net oandamme eilannen.
Yn de
Markermar
kinne de eilannen
Pampus
en
Marken
neamd wurde. Yn oare marren en op de rivieren is noch in grut tal oare eilannen te finen.
Sûnt 10 oktober 2010 hat Nederlân trije bysûndere gemeenten yn it Karibysk gebiet derby krigen dy't dêrfoar ûnderdiel wienen fan it
Keninkryk fan de Nederlannen
. Dy trije gemeenten binne de eilannen
Bonêre
Sint Eustaasjes
und
Saba
Rivieren
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Trije Jeropeeske rivieren komme út it suden nei Nederlân, en rinne dêr nei it westen nei de
Noardsee
: de
Ryn
, de
Maas
en de
Skelde
. Nei alle gedachten is dizze rjochtingsferoaring ta stân kaam troch it iis dat ûnder de lêste
iistiid
healwei oer Nederlân lei. De Ryn en de Maas hawwe de râne fan it iis bylâns in mienskiplike delta foarme, mei de
Waal
Merwede
as de
haadstream
yn it midden. De
Isel
, in sydearm fan de Ryn dy't nei it noarden rint, is mooglik de rin fan de Ryn fan foar de iistiid.
Klimaat
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Nederlân hat ûnder ynfloed fan de
Noardsee
in myld seeklimaat. Yn de simmer binne de temperatueren oan 'e kust in bytsje kâlder as yn it binnenlân, yn de winter lizze de temperatueren oan 'e kust justjes heger. It klimaat wurdt beynfloede troch de Midden-Europeeske westewyn.
Neffens de
klimaatklassifikaasje fan Köppen
falt Nederlân yn de yndieling
Cfb.
(tuskenbeiden seeklimaat).
De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 16
°C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 3
°C. De kust hat de measte sinne, mei op sommige plakken sa'n 1600 oeren per jier. De Achterhoeke hat de minste sinne, mei sa'n 1450 oeren yn 't jier. De trochsnee reinfal beslacht sa'n 832,5 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e neisimmer en it begjin fan de hjerst, yn de winter falt it minste reinwetter.
Moanne
Jan
Feb
Maart
Apr
Maaie
Jun
Jul
Aug
Sep
Okt
Nov
Des
Yn 't jier
Heechste temp. ea metten °C
17,2
20,4
25,6
32,2
35,6
38,4
37,1
38,6
35,2
30,1
21,1
17,8
38,6
Maks. trochsneed temp. °C
5,6
6,4
10,0
14,0
18,0
20,4
22,8
22,6
19,1
14,6
9,6
6,1
14,1
Min. trochsneed temp. °C
0,3
0,2
2,3
4,1
7,8
10,5
12,8
12,3
9,9
6,9
3,6
1,0
6,0
Leechste temp. ea metten °C
-27,4
-26,8
-20,7
-9,4
-5,4
-1,2
0,7
1,3
-3,7
-8,5
-14,4
-22,3
-27,4
Reinfal yn mm
69,9
55,8
66,8
42,3
61,9
65,6
81,1
72,9
78,1
82,8
79,8
75,8
832,5
Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1901-2010 yn De Bilt
Demografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Religieuze tsjinstellings yn it jier 1849.
Nederlân hat 18.046.000 ynwenners (2025). Ferlike mei de rest fan Europa is de Nederlânske befolking de lêste oardel iuw relatyf fluch groeid: 3 miljoen yn 1850, 5 miljoen yn 1900, 10 miljoen yn 1950, en 16 miljoen yn it jier 2000 . Ferliking: de Belgyske befolking groeide fan oardel kear sa grut as Nederlân (4,5 miljoen yn 1850) nei rom in tredde lytser (10 miljoen yn 2000). It Sintraal Buro foar de Statistyk ferwachte dat de befolking sil tanimme sil nei in maksimum fan 17,5 miljoen yn 2038, en dat dêrnei it ynwennertal lytser wurde sil.
Mei in befolkingstichtens fan 536 ynwenners/km² (lân, 2025) heart Nederlân by de 30 tichstbefolkste lannen fan de wrâld. Nederlân hat gjin in stêd mei mear as in miljoen ynwenners; wol binne krapoan 30 gemeenten dy't mear as 100.000 ynwenners hawwe. De fjouwer grutste stêden binne Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utrecht, dy't alle fjouwer yn it westen fan it lân lizze. De stêdekloft dêr't dy fjouwer stêden ûnderdiel fan binne wurdt de
Rânestêd
neamd, dêr't sa'n 40
% fan de hiele Nederlânske befolking wennet.
Súd-Hollân is mei mear as trije en in heal miljoen ynwenners de provinsje mei de measte ynwenners, dêrnei komme Noard-Hollân en Noard-Brabân (beide mear as twa miljoen). Yn de lêstneamde provinsje foarmje de fiif stêden fan
BrabantStad
in oare belangrike stedsregio dy't goed is foar 20
% fan de yndustriële produksje fan Nederlân. Yn it easten binne Arnhim-Nymwegen en Twentestad twa lytsere agglomeraasjes, yn it súdeasten leit de stedsregio Súd-Limburch mei de stêden Maastricht, Sittard, Geleen, Heerlen en Kerkrade. Dêrneist binne der ferskate stêden dy't op regionaal nivo in wichtige funksje hawwe, lykas Grins en Ljouwert yn it noarden en Maastricht yn it suden. Yn totaal wennet 82
% fan de Nederlanners yn in stedsgebiet.
Nederlân hat troch de iuwwen hinne in aardich wat ymmigraasje hân. Neffens de sifers fan it CBS fan 1 jannewaris 2005 is 80,9 fan% de befolking Nederlânsk, 2,4 Yndonesysk, 2,4 Dútsk, 2,2 Turksk, 2,0 Surinaamsk, 1,9 Marokkaansk, 0,8 Antilliaansk en Arubaans en 6,0
% oars. Yn it tiidrek 1845-1860 en de earste 20 jier nei 1945 binne ek relatyf grutte oantallen Nederlanners emigrearre, benammen nei de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Súd-afrika en Nij-seelân.
Sûnt 2005 binne de Friezen erkend as nasjonale minderheid ûnder it
Ramtferdrach oangeande de Beskerming fan Nasjonale Minderheden
De offisjele lânstaal is it Nederlânsk. Regionaal binne it
Frysk
Ingelsk
en
Papiamintsk
amtlike talen. It Frysk is yn de provinsje Fryslân in offisjele taal. Op it eilân
Bonêre
is it Papiamintsk in offisjele taal, en op de eilannen Saba en Sint Eastatius is it Ingelsk in offisjele taal. De offisjele talen wurde regionaal brûkt yn it iepenbier bestjoer, en as fiertaal op ferskate skoallen.
Yn it jier 2008 wie 42 persint fan de Nederlânske befolking net leauwich. Fan de minsken dy't wol leauwich binne wie 29 persint katolyk, 9 persint herfoarme, 6 persint protestantsk en 4 persint reformearre. Sa'n 4 persint fan de befolking is moslim, it boedisme wurdt troch krapoan 1 persint fan de befolking oanhongen. It hindoeïsme is justsjes lytser as it boedisme, en it tal leauwigen dat ûnder it joadendom falt is minder as in heale persint.
Grutste stêden
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Grutste stêden fan Nederlân
Amsterdam
Rotterdam
Plak
Stêd
Provinsje
Ynwennertal
De Haach
Utert
Amsterdam
Noard-Hollân
905.000
Rotterdam
Súd-Hollân
652.000
De Haach
Súd-Hollân
548.000
Utert
Utert
359.000
Eindhoven
Noard-Brabân
236.000
Grins
Grinslân
233.000
Tilburch
Noard-Brabân
222.000
Almeare
Flevolân
215.000
Breda
Noard-Brabân
184.000
10
Nymwegen
Gelderlân
177.000
De ynwennertallen binne oernommen fan it CBS (sifers 2021), Amsterdam april 2022
Polityk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Binnenhôf yn De Haach is it sintrum fan de Nederlânske polityk.
Sjoch:
Polityk yn Nederlân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
It Nederlânske parlemint, de
wetjouwende macht
, is part oer twa keamers, de Earste Keamer (75 sitten) en de Twadde Keamer (150 sitten). De steatsfoarm is in konstitúsjonele monargy mei in parlemintêre demokrasy. Alhoewol't de haadstêd Amsterdam is, hat De Haach de funksje fan regearingsstêd. De
útfierende macht
is yn hannen fan de kening en it kabinet (sûnt 2026 it
kabinet-Jetten
). De
rjochterlike macht
is yn hannen fan de rjochters en offisieren fan jústysje.
Partijen yn de Twadde Keamer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De neikommende politike partijen binne sûnt de
ferkiezings fan 2025
yn de
Twadde Keamer
fertsjinwurdige:
26
26
22
20
18
D66
PVV
VVD
GL
PvdA
CDA
JA21
FVD
BBB
DENK
SGP
PvdD
CU
SP
50+
Volt
Ynternasjonale gearwurking
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Nederlân is in oprjochtingslid fan de
Benelúks
1944
), de
Feriene Naasjes
1945
), de
Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
1949
), de
Rie fan Jeropa
1949
) en de
Jeropeeske Uny
1957
).
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De tolve provinsjes
De earste laach fan bestjoer is it parlemint yn
De Haach
. It twadde bestjoerlike nivo leit by de
provinsjes
Fryslân
Ljouwert
Grinslân
Grins
Drinte
Assen
Oerisel
Swol
Gelderlân
Arnhim
Utert
Utert
Flevolân
Lelystêd
Noard-Hollân
Haarlim
Súd-Hollân
De Haach
Seelân
Middelburch
Noard-Brabân
De Bosk
Limburch
Maastricht
Sjoch:
Provinsjes fan Nederlân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
De tredde bestjoerslaach is de gemeente, der binne meiïnoar 342 gemeenten (2024). It tal gemeenten feroaret lykwols hurd troch gemeentlike weryndielings.
Sjoch:
List fan Nederlânske gemeenten
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Militêr
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Struktuer
De Nederlânske definsje hat in
lânmacht
loftmacht
marine
en marresjausse.
Mankracht
Yn 2008 wienen der 3.950.825 Nederlânske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 3.233.773 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 105.735.
Budzjet
Militêr budzjet $9,4 miljard (2004).
Persintaazje fan it BYP 1,6
% (2004).
Kultuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sport
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fuotbal
is de meast populêre sport yn Nederlân. De
KNFB
is de organisaasje dy’t yn Nederlân de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. In oare populêre sport is it
reedriden
mei eveneminten lykas de
Alvestêdetocht
. De oarsprong fan it
kuorbal
leit yn Nederlân, krekt as de Fryske sporten
fierljeppen
en
keatsen
. Yn 1900 die Nederlân foar it earst mei oan de
Olympyske Spullen
Literatuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De Nederlânske oersetting fan de bibel wie yn
1637
klear. Yn de tiid fan de
Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
wie
Joost van den Vondel
de meast ferneamde dichter fan de
Nederlânske
taal. De trije belangrykste skriuwers foar de Nederlânske literatuer yn de twadde helte fan de
20e iuw
wienen
Harry Mulisch
Willem Frederik Hermans
und
Gerard Reve
Gysbert Japiks
hat foar de Fryske
renêssânse
tige wichtich west. Yn de 19e iuw waard de
Fryske literatuer
beskieden troch de
bruorren Halbertsma
. De Fryske bibeloersetting (âlde en nije testamint) wie yn 1943 klear.
Rink van der Velde
is ien fan de bêst ferkeapjende skriuwers fan de 20e iuw.
Ekonomy & ynfrastruktuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
BYP
per persoan is
39.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3% lânbou, 21% yndustry en 76% tsjinsten.
Transport
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Wichtichste havens binne Amsterdam, IJmuiden, Rotterdam, Terneuzen, Flissingen,
Harns
en
Delfsyl
. Amsterdam (Schiphol) hat it grutste fleanfjild fan Nederlân, oare grutte fleanfjilden binne dy fan Grins (Eelde), Eindhoven, Rotterdam en Maastrich (Maastricht-Aachen Airport). De maksimum snelheid op de
autodyk
is 130 km/h.
Nederlân hat (2006):
134.981 km ferhurde dyk.
2.797 km spoardyk.
6.211 km farwetter.
Boarnen, noaten en referinsjes
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Bevolkingsontwikkeling; maand en jaar
, StatLine - CBS
Online Browsing Platform - Netherlands.
International Organization for Standardization
. Rieplachte op 3 maart 2018.
Aktuele wrâldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen
, sjoen op 3 juny 2013.
waargemiddelden
en
ekstremen
(1971-2000)
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Netherlands
fan
Wikimedia Commons
Provinsjes fan Nederlân
Drinte
Flevolân
Fryslân
Gelderlân
Grinslân
Limburch
Noard-Brabân
Noard-Hollân
Oerisel
Seelân
Súd-Hollân
Utert
Jeropeeske Uny
Lidsteaten
Belgje
Bulgarije
Denemark
Dútslân
Eastenryk
Estlân
Finlân
Frankryk
Grikelân
Hongarije
Ierlân
Itaalje
Kroaasje
Letlân
Litouwen
Lúksemboarch
Malta
Nederlân
Poalen
Portegal
Roemeenje
Syprus
Sloveenje
Slowakije
Spanje
Sweden
Tsjechje
Ultraperifeare regio's
Frankryk:
Frânsk-Guyana
Gûadelûp
Majot
Martinyk
Reünion
Sint-Marten
Portegal:
Azoaren
Madeara
Spanje:
Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten
Albaanje
Bosnje
Georgje
Moldaavje
Montenegro
Noard-Masedoanje
Oekraïne
Servje
Turkije
Opfrege fan "
Kategoryen
Nederlân
Lân yn Jeropa
Eigner fan Skiermûntseach
Keninkryk
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1581
Bestjoerlike ienheid opheft yn 1810
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1813
Nederlân
Nij mêd
US