Noardfrysk - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Noardfrysk
Eigen namme:
nordfriisk, Nuurđfriisk, nuurdfresk, Noorfriisk, nordfreesk, nordfrasch, nordfräisch, noordfreesch
Sprutsen yn:
Dútslân
Taalgebiet:
De
Kreis
Noard-Fryslân
Dútsk
: Nordfriesland), yn it noardwesten fan 'e dielsteat
Sleeswyk-Holstein
, oan 'e
Noardseekust
fuort besuden de
Deenske
grins, en it ta de
Kreis
Pinneberch
hearrende eilân
Hilgelân
(Helgoland) yn 'e
Dútske Bocht
Tal sprekkers:
15.000 (teljier 1999)
Taalklassifikaasje:
Yndo-Jeropeesk
Germaansk
Westgermaansk
Noardwestgermaansk
Frysk
Noardfrysk
Dialekten:
Sölring
Fering-Öömrang
(ynkl.
Fering
en
Öömrang
),
Hilgelânsk
Hallichfrysk
Wiiringhiirder
Böökinghiirder
(ynkl.
West-Mooringer
en
East-Mooringer
),
Karhiirder
Noarder-Goeshiirder
Middel-Goeshiirder
Suder-Goeshiirder
Alfabet:
Latynske alfabet
Status
Offisjele status:
Noardfrysk hat yn
Dútslân
erkenning as minderheidstaal.
Bibeloersetting:
Gjin (yn
1954
kamen de
Evangeeljes fan Markus
en
Mattéus
yn it Noardfrysk út).
Taalkoades
ISO 639-1:
n.f.t.
ISO 639-2:
gem
ISO 639-3:
frr
It
Noardfrysk
is in taal dy't heart ta de
Noardwestgermaanske kloft
fan 'e
Westgermaanske talen
. Mei it
Westerlauwersk Frysk
en it
Sealterfrysk
foarmet it de
Fryske taalgroep
It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-
Dútslân
, yn it westlike part fan 'e
Kreis
Noard-Fryslân
Dútsk
: Nordfriesland), dy't yn it noardwesten fan 'e dielsteat
Sleeswyk-Holstein
leit en dêr't
Hüsem
de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan 'e
Noardseekust
, fuort besuden de
Deenske
grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek sprutsen op it ta de
Kreis
Pinneberch
hearrende eilân
Hilgelân
(Helgoland), yn 'e midden fan 'e
Dútske Bocht
Tal sprekkers
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Noard-Fryslân
hat sa'n 156.000 ynwenners en
Hilgelân
likernôch 2.000. Dêrfan beskôgje sa'n 60.000 (oftewol sa'n 38%) harsels as
Noardfriezen
. De Noardfryske taal wurdt lykwols mar sprutsen troch sa'n 8.000 oant 10.000 minsken, wat delkomt op likernôch 5,1% oant 6,3% fan 'e befolking. Dêrby moat oantekene wurde dat dat persintaazje op 'e Noardfryske
Waadeilannen
, benammen op
Feer
(Dútsk: Föhr) en
Oomram
(Amrum), folle heger leit. De ferklearring dêrfoar is dat de ôfhandige eilannen lange tiid nochal isolearre west hawwe, sadat de ynfloed fan it
Dútsk
dêr folle lytser wie, en boppedat hat it Noardfrysk op 'e eilannen altyd in hegere status hân as op it fêstelân. It liket in realistysk skatting dat in tredde fan de ynwenners fan Föhr en Amrum noch Frysk prate. Dertsjinoer stiet dat it dialekt fan
Söl
(Sylt) hast útstoarn is (noch mar troch likernôch 1% fan de befolking sprutsen). Dit hat foaral te krijen mei de grutte toerisme-ymmigraasje fan Leechsaksysk- en Heechdútsksprekkers.
Hjoed de dei befine de grutste konsintraasjes Noardfrysksprekkers har op 'e westlike helte fan it eilân
Feer
en op it noardlike part fan it
Noardfryske
fêstelân, yn 'e omkriten fan it twillingdoarp
Risem-Loonham
Dútsk
: Risum-Lindholm). It Noardfrysk wurdt tsjintwurdich eins allinne op 'e eilannen
Söl
Dútsk
: Sylt),
Feer
en
Oomram
, op it fêstelân yn 'e omkriten fan
Risem-Loonham
en mooglik ek op
Hilgelân
noch trochjûn oan 'e bern. Benammen op
Feer
en
Oomram
wurdt it noch wol troch de jongerein ûnderinoar brûkt, al is der troch de âldere generaasjes nochal wat krityk op 'e
Dútske
ynfloeden yn harren Noardfrysk.
Under de boppeneamde 8.000 oant 10.000 Noardfrysktaligen yn
Noard-Fryslân
binne sa'n 1.000 lju dy't it Noardfrysk as twadde taal troch kursussen of selsstúdzje oanleard hawwe. Nochris sa'n 20.000 ynwenners fan
Noard-Fryslân
sizze (in dialekt fan) it Noardfrysk ferstean te kinnen, mar net te sprekken. Bûten
Noard-Fryslân
wenje nei alle gedachten noch ferskate tûzenen Noardfrysktaligen ûnder de
Noardfriezen
om utens yn
Sleeswyk-Holstein
en de rest fan
Dútslân
en ûnder de Noardfryske emigranten yn 'e
Feriene Steaten
(benammen yn 'e steaten
New York (steat)
en
Kalifornje
),
Kanada
en guon
Latynsk Amerikaanske lannen
. It totale oantal Noardfrysksprekkers leit sadwaande wierskynlik om 'e 15.000 hinne.
De lokaasje fan it Noardfryske taalgebiet yn Dútslân.
Oarspronklik wie it Noardfryske taalgebiet folle grutter, mar troch de iuwen hinne is it hieltyd fierder ynkrompen, foar in grut part troch de opmars fan it
Nederdútsk
yn eardere tiden en dy fan it
Dútsk
yn 'e lêste iuw. Sa stoar it Noardfrysk troch it opkringen fan it
Nederdútsk
al om
1500
hinne út op it grutte skiereilân
Eiderstedt
, dat besuden fan it echte
Noard-Fryslân
leit, mar dat wol ta de tsjintwurdige
Kreis
Noard-Fryslân
heart.
De ynwenners fan Noard-Fryslân dy't Noardfrysk sprekke en dy't harsels as Noardfriezen beskôgje ôfset tsjin 'e folsleine befolking fan 'e
Kreis
Healwei de njoggentjinde iuw wienen der yn
Noard-Fryslân
noch mear as 30.000 Noardfrysktaligen, dy't yn frijwol alle doarpen de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Yn it
Ynterbellum
(de perioade tusken de beide Wrâldoarloggen) wie it tal Noardfrysksprekkers al weromrûn nei sa'n 15.000. Lykwols wie dat doe noch altyd ien trêde fan 'e befolking fan
Noard-Fryslân
en yn guon doarpen wienen de Noardfrysktaligen noch altyd yn 'e mearderheid.
Om oan te jaan hoe't de taalferhâldings ferskoden it folgjende foarbyld. Yn it doarp
Rornees
Dútsk
: Rodenäs), tsjin 'e
Deenske
grins oan, spruts yn
1905
60% fan 'e minsken Noardfrysk, 20%
Deensk
en 20%
Dútsk
of
Nederdútsk
; yn
1975
wie dat feroare yn 70%
Dútsk
of
Nederdútsk
, 19% Noardfrysk en 11%
Deensk
. Dêrby moat opmurken wurde dat yn dat lêste jier der ûnder de minsken fan boppe de fyftich jier noch in mearderheid fan Noardfrysktaligen bestie, wylst fan 'e jongeren ûnder de tweintich jier minder as 3% it Noardfrysk noch machtich wie.
It Noardfrysk giet trouwens net allinne efterút kwa oantal sprekkers, mar ek wat syn kwaliteit oanbelanget, want it stiet ûnder tige sterke druk fan it
Dútsk
. Krekt troch de lytse fermiddens dêr't de ferskillende dialekten noch yn sprutsen wurde, geane de feroarings troch de Dútske ynfloed tige hurd.
Der binne hjir en dar ek wat optimistyskere lûden te hearjen: mûglik wurdt it "haaddialekt", it
Mooring
, troch in tanommen bewustwêzen fan de regionale identiteit troch de jongeren wer wat mear praat as troch de minsken fan middelde leaftiid. Itselde wurdt jildt foar de dialekten fan Föhr en Amrum (de hast identieke dialekten
Fering
en
Öömrang
). De takomst sil útwize moatte hoe grut dizze ynfloed wêze sil.
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Skiednis fan it Noardfrysk
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
It Noardfrysk hat in plak op de Noardfryske eilannen krigen om
800
hinne, doe't de eilannen troch in weach fan Friezen fan it suden út kolonisearre waarden. It fêste lân waard lykwols nei alle gedachten earst Frysktalich yn in nije weach om
1100
hinne. It grutste Frysktalige eilân,
Strân
is yn
1634
fuortspield, wat in dúdlike ynfloed hân hat op de posysje fan it Noardfrysk. De ierst bekende tekst yn it Noardfrysk is in oersetting fan 'e kategismus fan
Luther
út likernôch
1600
. Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw kamen der mear Noardfryske teksten. Yn de
20e iuw
krige de taal in eigen plak yn it ûnderwiis.
Dialekten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Noardfrysk wurdt opmakke út net minder as tsien sterk faninoar ferskillende dialekten, elk mei syn eigen stavering, grammatika en wurdskat. Ien fan dy dialekten, it
Suder-Goeshiirder
, wurdt lykwols yn
1981
beskôge as útstoarn, wylst teminsten trije oare (it
Middel-Goeshiirder
, it
Hallichfrysk
en it
Karhiirder
) dan op it rântsje fan it útstjerren balansearje.
In oersetting fan it
"Us Heit" lit de ferskillen tusken dialekten sjen.
De dialektkloften
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De Noardfryske dialekten wurde ornaris opdield yn twa kloften, de fêstelândialekten en de eilândialekten. Dy kloften binne mar foar in part ûnderling fersteanber, eat dat nei alle gedachten weromfierd wurde kin op 'e ferskillende kolonisaasjeperioaden fan 'e eilannen en it fêstelân, dy't trijehûndert jier útinoar leinen. Mar ek yn 'e beide kloften besteane tusken de dialekten grutte ferskillen; fral yn 'e eilânkloft is dat it gefal.
It
Sölring
, it dialekt fan it eilân
Söl
, bygelyks, hat him sa ôfwikend ûntwikkele, dat it tsjintwurdich foar de sprekkers fan 'e oare eilândialekten frijwol net mear te ferstean is. Mei't it mooglik is en stek by leech wetter
it Waad
tusken
Feer
en
Oomram
oer, lykje de dialekten fan dy eilannen krekt tige opinoar (sadwaande hat men it dan ek faak oer it
Fering-Öömrang
as ien dialekt). En it
Hilgelânsk
Halûndersk
), fan it fier fuort yn 'e
Dútske Bocht
leine
Hilgelân
stiet frjemdernôch folle tichter by it
Fering-Öömrang
as it
Sölring
Troch de ûnderlinge ferskillen tusken de dialekten hienen yn ferline de Noardfrysksprekkers ek nea kontakt yn 'e eigen taal mei de sprekkers fan in oar dialekt, hoewol't dat, benammen op it fêstelân, wol kinnen hie. Ynstee dêrfan sprutsen se mei oare
Noardfriezen
yn it
Nederdútsk
. Ek tsjintwurdich is dat noch fierhinne de omgongstaal yn
Noard-Fryslân
De ûnderskate dialekten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De Noardfryske dialekten.
Troch harren relative isolaasje op
it Waad
en harren hegere maatskiplike status steane de eilândialekten, dy't noch sprutsen wurde troch yn totaal sa'n 7.000 minsken, der oer it algemien better foar as de fêstelândialekten, dy't mei-inoar mar sa'n 3.000 sprekkers hawwe. It dialekt mei de measte sprekkers is it eilândialekt fan
Feer
, it
Fering
, dat noch troch sa'n 3.000 minsken sprutsen wurdt.
Feer
hat sa'n 11.000 bewenners en men kin stelle dat likernôch in trêde part dêrfan
Fering
sprekt of ferstean kin.
De selsstannigens fan 'e dialekten is tekenjend foar de sitewaasje fan it Noardfrysk. Sa hawwe de measte dialekten, fral dy fan 'e eilannen, in eigen ynfrastruktuer opboud, dy't wantrouwend bewekke wurdt troch de lokale taalferienings, lykas de
Sölring Foriining
op
Söl
; de
Fering Stiftung
op
Feer
; en de
Öömrang Ferian
op
Oomram
Fan 'e njoggen noch libjende haaddialekten hearre der trije ta de eilângroep: it
Hilgelânsk
fan
Hilgelân
, it
Sölring
fan
Söl
, en it
Fering-Öömrang
fan
Feer
en
Oomram
. Datlêste dialekt kin wer ûnderferdield wurde yn fjouwer subdialekten: it
Öömrang
, it Westerlân-Fering, it Súd-Fering en it Easterlân-Fering. Op it fêstelân binne de haaddialekten (fan noard nei súd): it
Wiiringhiirder
, tusken de
Deenske
grins en Emmelsbüll; it
Böökinghiirder
, tusken Niebüll en Fahretoft; it
Karhiirder
, om Stedesand hinne; it
Noarder-Goeshiirder
, tusken Bargum en
Bredstedt
; en it
Middel-Goeshiirder
, tusken
Bredstedt
en Bomstedt.
It útstoarne
Suder-Goeshiirder
waard noch wer besuden dêrfan sprutsen, om Hattstedt en Schobüll hinne. Yn Schöbull stoar it al yn 'e jierren sechstich út, yn Hattstedt yn
1981
. De
Nordfriesische Wörterbuchstelle
(it "Noardfrysk Wurdboekynstituut") besiket no dit dialekt te rekonstruëarjen, troch gebrûk te meitsjen fan âlde bânopnames út 'e jierren fyftich, sechstich en santich.
Fierders hat it
Böökinghiirder
yn syn eastlike gebiet twa frij sterk ôfwikende subdialekten, it
West-Mooringer
en it
East-Mooringer
, dy't tradisjoneel net meiteld wurde as selsstannige dialekten. It
West-Mooringer
wurdt om Niebüll hinne sprutsen en it
East-Mooringer
om
Risem-Looham
hinne. Op 'e lytse
Halligen
-eilannen
Nees
Olân
Groue
Habel
en
Hege
, besuden
Feer
, wurdt ta ein beslút noch it
Hallichfrysk
sprutsen, dat ek ta de fêstelângroep rekkene wurdt, dêr't it nammentlik folle mear mei gemien hat as mei de oare dialekten fan 'e oare eilannen.
Dialektnammen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De eigen nammen fan 'e fêstelândialekten (bygelyks
Frasch
Freesk
Fräisch
) binne basearre op it konsept "Frysk", wylst de eilândialekten neamd binne nei it eilân dêr't se sprutsen wurde:
Sölring
op
Söl
Öömrang
op
Oomram
Fering
op
Feer
; en
Halûndersk
op
Hilgelân
. It wurd
Friisk
is betocht as neutraal kompromis foar alle Noardfryske dialekten of alle Noardfriezen. Dy oantsjutting is yn 'e rin fan de tiid ûnderdiel wurden fan ferskillende nammen lykas
Friisk Foriining
Friisk Gesäts
of
Nordfriisk Instituut
Ynfloeden fan oare talen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Noard-Fryslân
is in paradys foar taalkundigen, mei't der withoefolle talen sprutsen wurde. Yn it foarste plak is der fansels it Noardfrysk, yn njoggen sterk útinoarrinnende dialekten, dan it
Nederdútsk
, it
Dútsk
, it
Deensk
en it
Súdjutsk
, in
Deensk
dialekt, dat lykwols foar
Denen
fan 'e eastlike eilannen frijwol ûnfersteanber is. Fansels is it Noardfrysk troch de iuwen hinne sterk troch al dy oare talen beynfloede. De ferdútsking fan de taal en it ferdwinen hat nei 1945 tanommen doe't de befolking van Sleeswyk-Holstein mei de helte tanaam troch de fêstiging fan flechtlingen út East-Prúsen, dy't troch Poalen en Russen út har heitelân ferdreaun wiene. Ek it gebrûk fan it Nederdútske Platt waard nei de oarloch yn it deistich ferkear ferfongen troch it Heechdútsk.
Standerdisaasje
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Der is oant hjoed de dei ta noch gjin Noardfryske standerttaal foarme, benammen fanwegen de ferskillen tusken de dialekten. Dy binne nammentlik sa grut, dat in protte taalkundigen it Noardfrysk net as ien, mar as fjouwer nau besibbe, mar selsstannige talen beskôgje: it Fêstelânnoardfrysk, it
Fering-Öömrang
, it
Sölring
en it
Hilgelânsk
Troch de gearwurking fan 'e lêste tritich jier binne der lykwols al guon basisôfspraken oangeande de stavering makke. Sa wurde der yn it Noardfrysk guon lûden mei diakrityske tekens brûkt ("ä", "å", "ö" en "ü") en wurde lange lûden werjûn troch ferdûbeling fan 'e oangeande letter ("aa", "ää", "åå", "ee", "ii", "oo", "öö", "uu", "üü"). En de
Dútske
Großschreibung
, it gebrûk om haadwurden mei in haadletter te begjinnen, is yn it Noardfrysk ôfskaft.
It Noardfrysk beskikt rûchwei oer itselde ferskaat oan lûden as it
Westerlauwersk Frysk
, mar de stavering fan dy klanken is oernommen fan it
Dútsk
en it
Deensk
. Ut it
Dútsk
komme de letters "ä" (de "e" fan "l
k), "ö" ("u"fan "p
t") en "ü" ("ú") en út it
Deensk
komt de "å" (de "o" fan "h
k"). Sadwaande wurdt de "ää" dus útsprutsen as "ê", de "åå" as "ô", de "öö" as "eu" en "äi" as "ij".
De Noardfryske organisaasjes
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Twatalich boerd by de plysje yn
Hüsem
Twatalich boerd op it stasjon yn Hüsem
In twatalich plaknammeboerd yn Noard-Fryslân.
Der besteane twa Noardfryske organisaasjes, dy't yn it ferline nochal ris deilis mei-inoar wienen, eat dat de Noardfryske taalstriid grif net te'n goede kommen is. De
Noardfryske Feriening
Nordfriesische Verein
) is fan oarsprong in Dútske streekferiening, dy't it behâld fan 'e Noardfryske eigenheid binnen in grutter Dútsk ferbân foarstie. De
Friisk Foriining
, dat ek oerset wurde kin mei "Noardfryske Feriening" en dy't foarhinne bekendstie as de
Foriining for nationale Friiske
("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"), is in mear frysksinnige organisaasje, dy't al fan 'e tweintiger jierren ôf stribbe nei erkenning fan 'e
Noardfriezen
as nasjonale minderheid.
Hjoed de dei wurkje de NFV en de
Foriining
ienriedich mei-inoar gear om 'e Noardfryske taal en kultuer te behâlden en te beskermjen. Dy gearwurking fynt plak yn 'e
Frasche Redj
of
Freeske Räid
("Noardfryske Rie"), dy't residearret yn
Risem-Loonham
. Fan 'e leden fan dy rie wurde der fjouwer foardroegen troch de NFV, twa troch de
Foriining
en ien elk troch de Feriening fan it
Noardfrysk Ynstitút
, de gemeente
Hilgelân
en de
Heimatbund Landschaft Eiderstedt
("Streekferiening Lânskip Eiderstedt").
Dy
Frasche Redj
foarmet tagelyk de Noardfryske seksje fan 'e
Grutfryske Rie
, dêr't kontakten yn ûnderholden wurde mei de Westerlauwerske
Friezen
yn
Nederlân
en de
Eastfriezen
en de
Sealterfriezen
yn
Nedersaksen
. Ek is de
Frasche Redj
de fertsjintwurdiging fan 'e
Noardfriezen
foar alle kommunikaasje mei it regear fan 'e
Bûnsrepublyk Dútslân
, de dielsteat
Sleeswyk-Holstein
, de
Kreis
Noard-Fryslân
en legere, gemeentlike oerheden. Dêrtroch is er ferantwurdlik foar de ferdieling fan 'e subsydzjes foar de Noardfryske taal en kultuer. Fierders ûnderhâldt de
Frasche Redj
sûnt
1994
kontakten mei de oare autochtoane minderheden yn
Dútslân
, te witten de
Denen
Sealterfriezen
Nederdútsers
Sorben
Sinty
en
Roma
It Noardfrysk yn 'e praktyk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sûnt 'e sechstiger jierren belibbet it Noardfrysk in twadde taalrenêssânse. Lykwols binne der foar sa'n lytse minderheidstaal altyd in protte swierrichheden. Mei't se sels gjin ynfloedrike lobby hawwe, hawwe de
Noardfriezen
der tige by tige fan profitearre dat se meilifte koenen op 'e pakjedrager fan 'e sterke
Deenske minderheid yn Dútslân
. Op dy manear hawwe se nettsjinsteande de faak ôfwizende hâlding fan 'e
Dútske
oerheden dingen witten te berikken dy't oars nei alle gedachten ûnberikber bleaun wienen.
Offisjele erkenning
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Op lokaal nivo
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Wat de kommunikaasje mei de lokale oerheden oangiet, dy fynt mar yn in tige lyts persintaazje fan 'e gefallen yn it Noardfrysk plak. Wannear't dat bart, is it altyd yn in mûnling ûnderhâld, nea yn skriftlik kontakt. Mei't it Noardfrysk gjin offisjele status hat, wurdt it net tastien yn offisjele dokuminten of by rjochtssaken. Yn ien gefal waarden ferieningsstatuten yn it Noardfrysk troch in rjochter akseptearre nei't der in
Dútske
oersetting oan tafoege wie.
Op it front fan 'e plak- en strjitnammen sit der de lêste jierren wol wat beweging yn. Sa binne sûnt
1998
twatalich Dútsk-Noardfryske plaknammebuorden mooglik, wylst men yn guon plakken yn
Noard-Fryslân
koartby Noardfrysktalige strjitnammen ynfierd hat. Noardfryske hûsnammen binne al lang tige populêr, benammen op 'e eilannen.
Op dielsteats- en lanlik nivo
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Hoewol't it Noardfrysk yn
Dútslân
gjin offisjele status hat, is it in erkende minderheidstaal, dy't stipe en beskerme wurde moat. De grûnwet fan 'e dielsteat
Sleeswyk-Holstein
(Art. 5), út
1990
, garandearret de rjochten fan 'e
Deenske
en
Noardfryske
minderheden. Op
11 novimber
2004
waard troch de lândei fan
Sleeswyk-Holstein
de Wet op 'e Noardfryske Taal, better bekend as it
Friisk Gesäts
, oannommen, dat de rjochten fan 'e
Noardfriezen
yn it iepenbiere libben noch fierder útwreide.
Sûnt
1988
bestiet it
Gremium für Fragen der friesischen Bevölkerungsgruppe im Lande Schleswig-Holstein
("Kommisje foar Fraachstikken fan 'e Fryske Befolkingsgroep yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein") en sûnt
1991
hat de steatsbegrutting fan
Sleeswyk-Holstein
in post foar stipe oan 'e Noardfryske taal en kultuer. Ek bestiet der sûnt
2005
in kontaktkomitee foar de
Noardfriezen
mei de
Dútske
Bûnsdei
Yn Europeesk ferbân
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It regear fan 'e
Bûnsrepublyk Dútslân
hat it Noardfrysk yn
1998
, tegearre mei it
Sealterfrysk
, út 'e dielsteat
Nedersaksen
, it
Nederdútsk
en fiif oare talen opjûn ûnder Diel III fan it Europeeske Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen. Dêrneist binne de Noardfriezen erkend as nasjonale minderheid ûnder it
Ramtferdrach oangeande Beskerming fan nasjonale minderheden
dêr't taal ek in wichtich ûnderdiel fan is.
It Noardfrysk yn it Underwiis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Frysk ûnderwiis yn Dútslân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Beuker-, basis- en middelber ûnderwiis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn 'e lêste tweintich jier hat it Noardfrysk in folle sterkere posysje yn it ûnderwiis witten te bemachtigjen, mar dy foarútgong wurdt oanhâldend bedrige troch praktyske swierrichheden, lykas it brekme oan geskikte learmiddels en leararen. Uteinlik komt it, lykas altyd, benammen oan op jild, dat der net of yn elts gefal te min is.
Lykwols is de foarútgong fan 'e lêste desennia opmerklik. Foar de jongste bern binne der sûnt
1991
guon Noardfrysktalige beukerskoallen, benammen op 'e eilannen
Söl
Feer
en
Oomram
, dy't sa'n hûndert bern betsjinje kinne. Op 'e basisskoallen mei twa oeren yn 'e wike les jûn wurde yn it Noardfrysk. Dêr wurdt benammen wer gebrûk fan makke op 'e eilannen. Likernôch tûzen skoalbern krije yn 'e wike ien of twa oeren Noardfryske taalles.
Yn
Risem-Loonham
hat de
Friisk Foriining
in folslein Noardfrysktalige basisskoalle oprjochte. De finansiering dêrfan bard troch in mesk yn 'e wet, want de skoalle is offisjeel Deensktalich, sadat er ûnder de minderheidswetjouwing fan 'e
Denen
falt.
Op 'e middelbere skoallen wurdt it Noardfrysk mar yn inkelde gefallen as lesfak oanbean. Op 'e nij binne dat fral skoallen op 'e eilannen, benammen op
Feer
. Net mear as in twahûndert learlingen oan 'e middelbere skoallen krije jiers les yn it Noardfrysk.
Heger ûnderwiis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Frisistyk
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Wat it heger ûnderwiis oangiet, kin Noardfrysk studearre wurde oan 'e universiteiten fan
Kiel
, de haadstêd fan
Sleeswyk-Holstein
, en
Flensboarch
, it sintrum fan 'e
Deenske minderheid yn Sleeswyk
. De learstoel Noardfyske taal- en letterkunde oan 'e
Christian Albrechtuniversiteit
fan
Kiel
bestiet sûnt
1978
Sûnt
1950
is ek al de saneamde
Nordfriesische Wörterbuchstelle
(it "Noardfryske Wurdboekynstitút") oan dy universiteit fêstige. Dy
Nordfriesische Wörterbuchstelle
waard oprjochte mei de bedoeling om úteinlik te kommen ta ien grut, alomfetsjend wurdboek fan alle Noardfryske dialekten. Troch praktyske swierrichheden en brekme oan jild is it der oant hjoed de dei ta net fan kommen om sa'n
Gesamtnordfriesisches Wörterbuch
gear te stallen. Al it ynsammele materiaal hoecht lykwols net lizzen te bliuwen; it idee is no om alles yn 'e kompjûter yn te fieren en der in soarte fan tesaurus fan 'e Noardfryske dialekten fan te meitsjen. Soks soe in goede útgongsbasis jaan foar in eventueel noch te publisearjen wurdboek, mar ek foar bygelyks taalkundich ûndersyk en it ûntwikkeljen fan nije learmiddels.
De learstoel Noardfryske taal- en letterkunde oan 'e
Bildungswissenschaftliche Hochschule Flensburg, Universität
("Opliedings- en Wittenskiplike Hegeskoalle Flensboarch, Universiteit") bestiet sûnt
1988
Flensboarch
is it iennichste plak dêr't behalven leararen foar de middelbere skoallen ek ûnderwizers foar de basisskoallen oplaat wurde kinne. Yn
1996
waard it Noardfrysk yn
Flensboarch
as haadfak ôfskaft en koe it yn it ferfolch allinne noch mar as byfak folge wurde. Mar nei felle protesten út sawol
Dútslân
as
Nederlân
waard dat beslút yn
2000
weromdraaid. Sûnt genietet it Noardfrysk as universitêre oplieding yn
Flensboarch
grutte belangstelling, sterker noch, it oantal studinten Noardfrysk hat noch nea sa heech west. Yn
2001
wienen der acht studinten dy't it Noardfrysk as haadfak hienen en likernôch fyftich dy't it as byfak folgen.
Behalven yn it regulier ûnderwiis kinne ek yn it folwoeksenenûnderwiis opliedings Noardfrysk folge wurde. Jiers folgje sa'n hûndert folwoeksenen de Noardfryske kursussen oangeande taal, kultuer en skiednis dy't fersoarge wurde troch de NFVen de
Friisk Foriining
It Noardfrysk yn 'e media
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn 'e media hat it Noardfrysk in folle minder sterke posysje. Der ferskine sporadysk Noardfrysktalige stikjes yn guon regionale Dútsktalige kranten, lykas it
Nordfriesland Tageblatt
("Noard-Fryslân Deiblêd"), de
Sylter Rundschau
("Sylter Revu") en de
Inselbote
("Eilânboade"). Ek de
Flensborg Avis
("Flensboarger Krante"), de krante fan 'e Deenske minderheid, printet út en troch in artikel yn it Noardfrysk. De fearnsjierblêden
Nordfriesland
("Noard-Fryslân") en de
Helgoländer
("Hilgelanner") foar 10 oant 15% út Noardfrysktalich materiaal besteane. It jongereintydskrift
Frisica Nova
ferskynde yn it tiidrek 1967-1988 en wie foar de helte yn it Noardfrysk skreaun.
Op 'e Dútske radiostjoerder
NDR
Norddeutsche Rundfunk
- "Noarddútske Omrop") wurdt trije en in heale minút yn 'e wike yn it Noardfrysk útstjoerd. No betsjinnet de NDR hiele Noard-
Dútslân
, fan 'e
Nederlânske
oant 'e
Poalske
grins, dat sa nuver is dy lytse belangstelling foar it Noardfrysk net. It
Nais foon diling
("Nijs fan hjoed") is fan moandei oant en mei freed op de radiostasjons
Antenna Sylt
en
Friisk Funk
te beharkjen.
Friisk Funk
is elke dei in oere lang te hearren op de
Offener Kanal Schleswig-Holstein
Westküste
).
Op 'e regionale tillefyzjestjoerder NDR, dy't ek hiele Noard-Dútslân betsjinnet, wurdt hielendal gjin Noardfrysk útstjoerd.
It Noardfrysk yn literatuer, toaniel en film
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Der bestiet in beskieden Noardfryske literatuer. Jiers komme der likernôch trije Noardfrysktalige boeken út. Dêrûnder binne boeken oangeande grammatika en oare taalkundige wurken, wurdboeken, berneboeken, lietboeken en ferhalebondels en út en troch ris in roman. De oplagen binne fansels tige lyts.
Ek binne der noch sa'n acht Noardfrysktalige toanielferienings, dy't tige populêr binne. Fierders binne der folkloristyske dûns- en klaaiïngsferienings en guon Noardfrysktalige koaren. Fan sommige fan dy koaren binne cd's beskikber, krekt as fan inkelde oare artysten, lykas it
Dragseth Duo
en de folkssanger
Knut Kiesewetter
Koartlyn is de earste Noardfrysktalige film, in dokumintêre mei de titel "
Klaar Kiming
", produsearre troch de
Friisk Foriining
. Der is foar soarge dat dizze in oere duorjende produksje mei Dútske, Ingelske en Deenske ûndertitels te krijen is.
It Noardfrysk yn 'e tsjerken
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn 'e tsjerken wurdt it Noardfrysk mar út en troch brûkt en Noardfryske tsjinsten binne tige seldsum. De kennis fan 'e taal ûnder de dûmnys is almeast minimaal. Sûnt
1955
binne de
Evangeeljes fan Markus
en
Mattéus
beskikber yn in Noardfryske oersetting en yn
2000
ferskynde it earste lietboek yn it Noardfrysk, mei as titel "
Loow nü e Hiire
" ("Loovje no de Heare"). Dêr wie fiif jier oan wurke en it telt 260 lieten en fierders psalmen, gebedens en liturgyen.
Foarbyld
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Et Nordfrasch as en weestergermaanschen spräke, wat foon amänbai 10.000 manschne bai e weestsiikånt foon Slaswik-Holsteen önj Nordfraschlönj snååked wård. (Bökinghiirder Noardfrysk)
Literatuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Arhammar, N. ,
Das Nordfriesische im Sprachkontakt (unter Einschluß der nordfriesischen Lexikologie)
, yn: Handbuch des Friesischen / Handbook of Frisian Studies, Max Niemeyer Verlag 2001
Hemminga, P.,
Het beleid inzake unieke regionale talen - Een onderzoek naar het beleid en de beleidsvorming met betrekking tot een drietal unieke regionale talen: het Fries in Nederland en het Noordfries en Sorbisch in Duitsland
, Ljouwert, 2000.
Martinen, H., en Walker, A.,
The North Frisian language in primary education in North Frisia, Federal Republic of Germany
, Ljouwert, 1988.
Walker, A.,
North Frisian - The North Frisian language in education in Germany
, Ljouwert, 1997.
Sjoch ek
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Noardfryske literatuer
Eksterne keppelings
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fryske taal yn Dútske grûnwet
(It Nijs)
Friisk.org
Online wurdboek mei de measte Noardfryske dialekten (meast Dútsk)
Friisk Foriining
(Noardfrysk, Ingelsk, Dútsk, Deensk)
Noardfrysk Ynstitút
(Dútsk)
De Noardfryske Feriening
(Dútsk)
Jongereinorganisaasje
Rökefloose
(Noardfrysk, Dútsk)
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen
wikipedy
. Sjoch de
Noardfryske ferzje
Opfrege fan "
Kategoryen
Nijsgjirrige siden
Noardfrysk
Noard-Fryslân
Fryske talen
Westgermaanske talen
Taal yn Dútslân
Taal yn Noard-Fryslân
Noardfriezen
Noardfrysk
Nij mêd