Robert Louis Stevenson - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Robert Louis Stevenson
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar
pseudonym
R.L.S., Tusitala
echte
namme
Robert Lewis Balfour
Stevenson
nasjonaliteit
Britsk
berne
13 novimber
1850
berteplak
Edinburgh
Skotlân
stoarn
3 desimber
1894
(44 jier)
stjerplak
Vailima
Samoä
etnisiteit
Skotsk
wurk
taal
Ingelsk
sjenre
lit.
romans
koarte ferhalen
poëzij
essay's
reisferhalen
perioade
Fiktoriaanske Tiid
streaming
Romantyk
bekendste
wurk(en)
Treasure Island
Strange Case of Dr Jekyll
and Mr Hyde
Kidnapped
jierren
aktyf
1875
1894
offisjele webside
robert-louis-stevenson.org
Robert Louis Stevenson
berne
as:
Robert Lewis Balfour Stevenson
Edinburgh
13 novimber
1850
Vailima
Samoä
),
3 desimber
1894
) wie in
Skotsk
skriuwer
fan
romans
koarte ferhalen
gedichten
essays
toanielstikken
en
reisferhalen
. Syn bekendste wurken binne de
aventoereromans
Treasure Island
en
Kidnapped
, en de
novelle
Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde
, in ier foarbyld fan it
fantasysjenre
en/of fan
horror
Stevenson hie it oan 'e
luchtwegen
, in
krupsje
dy't him frijwol syn hiele
libben
parten spile. Nettsjinsteande dat skreau er oan ien stik wei en
reizge
er ek in hiel protte yn in tiid dat soks djoer en gefaarlik wie. Syn
frou
Fanny Van de Grift Osbourne
stipe him o sa yn syn aventoerlik, mar ek dreech en nuodlik
libben
. Yn
1890
sette Stevenson him nei wenjen yn
Samoä
, yn 'e
Stille Súdsee
, dêr't er syn lêste jierren trochbrocht. Hy wie ûntsteld troch de oanboazjende
Jeropeeske
en
Amerikaanske
ynfloed op 'e
Polynezyske
kultuer
, en fan gefolgen ferskode syn wurk doe fan 'e
Romantyk
en
aventoerefiksje
nei in somberder reälisme. Hy
ferstoar
yn de
âldens
fan 44 jier oan in
oerhaal
yn syn wenplak Vailima.
Stevenson wie tige
populêr
yn syn tiid. Sûnt syn
ferstjerren
is it mei syn
reputaasje
as skriuwer op en del gien, mar tsjintwurdich wurdt er wer tige wurdearre. Yn
2018
wied er de op 25 nei meast
oersette
skriuwer yn 'e wrâld, folgjend op
Charles Dickens
, dy't it 25e plak ynnaam. Hy waard bewûndere troch tal fan oare auteurs, lykas
J.M. Barrie
Bertolt Brecht
Jorge Luis Borges
sir
Arthur Conan Doyle
Ernest Hemingway
Rudyard Kipling
Vladimir Nabokov
en
Marcel Proust
Libben en karriêre
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Jonkheid en oplieding
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Robert Louis Stevenson waard yn 'e
hjerst
fan
1850
berne
yn 'e
Skotske
haadstêd
Edinburgh
, as de
soan
fan
yngenieur
Thomas Stevenson
1818
1887
) en dy syn
frou
Margaret Isabella Balfour (
1829
1897
). Syn
doopnamme
wie Robert Lewis Balfour Stevenson, mar doe't er achttjin jier of dêrby om wie, feroare er de
stavering
'Lewis' yn 'Louis', en yn
1873
liet er 'Balfour' út syn
namme
falle. Oan heitekant kaam er út in
laach
dat bestie út ûntwerpers fan
fjoertuorren
, in fjild wêryn't net inkeld syn
heit
aktyf wie, mar ek syn
pake
Robert Stevenson
en syn
omkes
Alan
en
David
(sjoch ek:
David Alan Stevenson en Charles Alexander Stevenson
). De
famylje
fan syn
mem
wie
lânadel
út 'e
Clan Balfour
, ôfstamjend fan in Alexander Balfour dy't yn 'e
fyftjinde iuw
it
lângoed
Inchrye
yn 'e krite
Fife
yn besit hie. Syn pake
Lewis Balfour
wie
predikant
fan 'e
Tsjerke fan Skotlân
te
Colinton
, en syn omkes oan memmekant wiene de
dokter
George William Balfour
en de
maritym boukundige
James Balfour
Stevenson as
bern
fan sân jier.
As
jonkje
brocht Stevenson it meastepart fan syn
fakânsjes
troch
útfanhûs
by pake Lewis. Letter soed er dêroer skriuwe: "No freegje ik mysels gauris ôf wat ik fan dy âld predikant oerkrigen haw. Ik moat grif oannimme dat er graach
preekje
mocht, en dat mei ik ek, hoewol't ik nimmen ea bewearen heard haw dat ien fan ús beiden ek graach nei preken harkje mocht." Krekt as syn pake en syn mem hie Stevenson swakke
luchtwegen
, en hy rekke faak oanhelle mei
hoastjen
en
koarts
. Dat boaze oan doe't de
húshâlding
yn
1851
yn Edinburgh yn in
kâld
, fochtich
hûs
oan Inverleith Terrace kaam te wenjen. Hoewol't se nei in bettere wente oan Heriot Row
ferhuzen
doe't Stevenson seis jier wie, waard er oant syn alfde ta eltse
winter
ekstreem
siik
. Ek yn syn lettere
libben
wie sykte foar Stevenson in gauris weromkearende steat, en fan gefolgen wied er altyd tige meager. Doedestiden miende de
medyske stân
dat er
tuberkuloaze
hie, mar moderne ynsichten wize earder op
bronchiëktaasjes
of
sarkoïdoaze
De
âlden
fan Stevenson wiene allebeide
fromme
presbyterianen
, mar de húshâlding libbe de
kalvinistyske
prinsipes net strikt nei. Syn
minne
, Alison Cunningham, wie folle stranger yn 'e leare, en har ferminging fan kalvinisme mei it
byleauwe
fan it sljochtwei folk wie in iere boarne fan
nachtmerjes
foar Stevenson. Nettsjinsteande dat fersoarge hja him altyd nei har bêste kinnen as er siik wie, en har foarlêzen út 'e
Bibel
en it wurk fan
John Bunyan
hie in grutte ynfloed op him, krektlyk as har ferhalen oer de
skiednis fan Skotlân
. Yn
1885
droech er de
dichtbondel
A Child's Garden of Verses
oan har op
Alison Cunningham, de
minne
fan Stevenson, dy't er sels omskreau as "myn twadde mem".
Stevenson wie in
iennichst bern
. Hy seach der apart út en
hold en droech
him ek wat eksintryk, dat hy hie muoite om syn plak tusken de oare
skoalbern
te finen doe't er mei seis jier nei de
legere skoalle
stjoerd waard, in probleem dat him fannijs foardie doe't er mei 11 jier nei de
Ediburgh Academy
gie. Simmerdeis by pake yn Colinton koed er lykwols goed oer de wei mei syn
neven
en
nichten
. Mei't er foar syn alfde gauris foar langere tiid siik wie, krige er dan thús
ûnderwiis
fan
priveelearaars
om net efterop te reitsjen. Stevenson learde pas let, mei sân jier, om te
lêzen
en
skriuwen
, mar foartiid diktearre er al teltsjes dy't er optocht oan syn mem en oan frou Cunningham. Neitiid skreau er syn hiele
jonkheid
troch op suver twangmjittige wize ferhalen. Dêryn waard er oanfitere troch syn heit, dy't sels as bern ek skreaun hie oant sýn heit dy ferhalen fûn hie en him tabiet om "sokke flauwe kul op te jaan en [him] by syn saken te hâlden".
De Edinburgh Academy, dêr't Stevenson yn
oktober
1861
hinne gie, wie in ûnôfhinklike
jongesskoalle
, dêr't er mei tuskenskoften fyftjin
moannen
learde. Yn 'e hjerst fan
1863
brocht er ien
trimester
troch op in
kostskoalle
yn it
Ingelske
Isleworth
, yn
Middlesex
(no in diel fan westlik
Londen
). Yn
oktober
1864
gied er nei in
priveeskoalle
yn Edinburgh dy't rund waard troch in Robert Thompson. Dêr bleau er oant er yn
novimber
1867
as
studint
nei de
Universiteit fan Edinburgh
gie om, yn neifolging fan syn heit en syn heite famylje, foar
yngenieur
te learen. Fan it begjin ôf oan ûntbriek it him oan
entûsjasme
foar dy
oplieding
en stiek er in protte enerzjy yn it ûntrinnen fan syn
kolleezjes
. It wie yn dy snuorje dat Stevenson it
leauwe
ferlear en
ateïst
waard, alhoewol't syn
kristlike
opfieding
altyd ynfloed op him hâlde soe.
It
hûs
oan Heriot Row yn
Edinburgh
, dêr't Robert Louis Stevenson fan seisjierrige
leeftyd
ôf opgroeide.
Elts jier gie Stevenson yn 'e fakânsje mei syn heit op ynspeksjereis by de fjoertuorren lâns dy't de Stevensons ûntwurpen hiene: yn
1868
nei
Anstruther
en
Wick
, yn
1869
nei de
Orkney-eilannen
en nei
Sjetlân
, en yn
1870
nei it ôfhandige
eilân
Erraid
, dêr't se trije wiken trochbrochten. Hy hie dêr in protte niget oan, mar net om't er belangstelling hie foar de tuorren. Ynstee gie it him om it materiaal dat de reizen him joegen om oer te skriuwen. Yn
april
1871
brocht Stevenson einlings en te'n lêsten oan syn heit út dat der gjin yngenieur yn him siet en dat er skriuwer wurde woe. Hoewol't syn heit fansels
teloarsteld
wie, kin it nijs foar him net as ferrassing kommen wêze, en Stevenson syn mem skreau dat er "nuveraardich frede hie" mei de kar fan syn soan. Om te bewissigjen dat Stevenson wat hie om op werom te fallen, waard ôfpraat dat er nei de
universiteit
weromkeare soe om
rjochten
te studearjen, dat er
abbekaat
wurde koe. Dy ôfspraak hold er him oan en yn
july
1865
studearre er ôf. Hy oefene lykwols it
berop
fan abbekaat nea út, mei't er him folslein op syn
karriêre
as skriuwer talei.
Yntree yn literêre fermiddens en iere reizen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Op besite by in neef yn Ingelân yn
1873
mette Stevenson twa minsken dy't tige ynfloedryk yn syn libben wurde soene:
Sidney Colvin
en Fanny (Frances Jane) Sitwell. Dy lêste wie in
skieden
frou en in
allinnichsteande mem
fan 34 jier. Hja wie
tsjep
en
garismatysk
, en loek in protte oandacht fan manlju, ûnder wa ek Colvin, dy't úteinlik yn
1901
mei har
trouwe
soe. Stevenson, doe 23, fielde him ek ta har oanlutsen, en hy ûnderhold mei har jierrenlang in libbene
briefkerij
, wêryn't er wifke tusken de rol fan oanbidder en dy fan leafhawwende soan (hy spriek har oan mei "
Madonna
"). Colvin waard Stevenson syn
literêr
adviseur en bewurkmastere syn earste betelle publikaasje, it
essay
Roads
yn it
tydskrift
The Portfolio
. Nei Stevenson syn ûntidich
ferstjerren
waard Colvin ek de earste
redakteur
fan syn
brieven
Robert Louis Stevenson mei 26 jier, tekene troch
Charles Wirgman
Al rillegau wie Stevenson aktyf yn literêre fermiddens yn
Londen
, dêr't er
befreone
rekke mei bekende skriuwers út dy tiid, lykas
Andrew Lang
en
Edmund Gosse
, en teffens mei
Leslie Stephen
, de
haadredakteur
fan it blêd
The Cornhill Magazine
, dy't belangstelling krige foar it wurk fan 'e jonge auteur. Stephen naam Stevenson op sleeptou by in besyk oan in
pasjint
yn in
sikehûs
yn Edinburgh, dy't de
dichter
William Ernest Henley
bliek te wêzen. Dyselde waard in goede freon fan Stevenson, mei wa't er út en troch ek literêr gearwurke, oant harren freonskip der yn
1888
ûnder strûpte troch
rûzje
. Henley, dy't in bûtengewoan garismatyske persoan wie en in
houten poat
hie, wie neffens Stevenson sels de
ynspiraasje
foar it ferneamde
personaazje
fan 'e
seerôver
Long John Silver
yn
Treasure Island
Yn
novimber
1873
waard Stevenson nei
Menton
, oan 'e
Frânske Riviêra
, ta stjoerd om op te betterjen nei't er wer yn 'e minnichte rekke wie. Yn
april
it jiers dêrop kearde er sûner werom nei Edinburgh om him wer oan syn stúdzje te setten, mar neitiid gied er noch ferskate kearen nei
Frankryk
. Hy besocht dêr faak de krite fan it
Wâld fan Fontainebleau
en ferbleau dan yn
Barbizon
Grez-sur-Loing
en
Nemours
, dêr't in protte
keunstners
taholden. Ek reizge er nei
Parys
om nei de
museä
en
skouboargen
te gean. Yn
septimber
1876
gie Stevenson op in tocht mei
kano's
troch de
wetterwegen
fan
Belgje
en noardlik Frankryk, tegearre mei syn stúdzjefreon
sir
Walter Simpson. Dy reis, dy't de basis foarmje soe foar syn earste
reisboek
An Inland Voyage
1878
), brocht him yn Grez, dêr't er yn 'e kunde kaam mei
Fanny Van de Grift Osbourne
1840
1914
), mei wa't er tsien jier skeelde.
Stevenson syn
frou
Fanny Van de Grift Osbourne
, om
1876
hinne.
Houlik
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fanny wie in
Amerikaanse
fan
Nederlânsk
etnysk
komôf
út in
begoedige
fermidden yn
Indianapolis
, dy't mei santjin jier
troud
wie mei in Samuel Osbourne. Nei't dyselde yn 'e
Amerikaanske Boargeroarloch
tsjinne hie, wie hja nei it
Territoarium Nevada
ferfearn
om har wer by him te jaan. Syn geduerige gefallen fan
oerhoer
hiene lykwols foar in brek yn it
houlik
en in
skieding fan tafel en bêd
soarge, wêrby't Fanny ôfset wie nei Frankryk mei har
bern
Isobel
1858
1953
),
Lloyd
1868
1947
) en Hervey (
1869
1875
). Dêre studearren sy en har
dochter
keunstskiednis
. Tsjin 'e tiid dat Stevenson har mette, wie Fanny sels al in skriuwster fan
koarte ferhalen
dy't in beskate erkenning genoat.
Koart nei harren earste moeting kearde Stevenson werom nei it Feriene Keninkryk, mar Fanny bleau blykber yn syn
tinzen
, mei't er yn
The Cornhill Magazine
it essay
On Falling in Love
("Oangeande
Fereale
Reitsjen") publisearre. Yn
1877
troffen se inoar wer en waarden se
minners
. Stevenson brocht in grut diel fan it folgjende jier mei har en har bern troch yn Frankryk. Yn
augustus
1878
kearde se werom nei de Feriene Steaten, dêr't se har yn
San Francisco
nei wenjen sette, wylst Stevenson op in
kuiertocht
gie troch de
Sevennen
(in diel fan it
Sintraal Massyf
), dy't de basis foarme foar syn
Travels with a Donkey in the Cévennes
1879
). Tsjin 'e goerie fan syn freonen yn en sûnder syn âldelju deroer yn te ljochtsjen, sette er har yn
augustus
1879
efternei. Hy stiek de
Atlantyske Oseaan
oer as
passazjier
yn 'e twadde klasse op it
steamskip
de
Devonia
, foar in part om jild út te sparjen, mar ek om te ûnderfinen hoe't 'de gewoane man' reizge, wat er letter fêstlei yn it reisboek
The Amateur Emigrant
. Nei oankomst yn
New York
teach er oer lân nei
Kalifornje
. Dêr skreau er letter
Across the Plains
oer, mar de reis wie him te swier, dat syn sûnens stoarte yn.
It French Hotel yn
Monterey
, dêr't Stevenson ferbleau yn
1879
. (No it
Stevenson House
.)
Tsjin 'e tiid dat er oankaam yn
Monterey (Kalifornje)
, wied er de
dea
nei-oan. Hy waard troch guon pleatslike
boeren
ferpleegd
oant er wer opbettere. Neitiid ferbleau er yn it French Hotel oan Houston Street (no it oan him wijde museum
Stevenson House
). Hy iet gauris fergees yn in
restaurant
deunby, dat eigendom wie fan 'e Frânsman Jules Simoneau (oan wat no Simoneau Plaza is). Jierren letter stjoerde er dyselde in eksimplaar mei ynskripsje fan syn
novelle
Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde
1886
), wêrby't er oantekene dat it noch in nuveraardiger saak (
stranger case
) wêze soe as Robert Louis Stevenson ea Jules Simoneau ferjitte soe. Tsjin
desimber
1879
wied er wer safierhinne opbettere as foar him wenstich wie, en reizge er fierder nei San Francisco. Dêr besocht er himsels te ûnderhâlden troch it ferrjochtsjen fan swier
lichaamlik wurk
. Oan 'e ein fan 'e
winter
soarge dat foar in nije tebeksetter fan syn sûnens, sadat er it op 'e nij by de dea om 't ôf helje moast. Fanny wie ûnderwilens lykwols skieden fan har man, en se ferpleegde him oant er wer opbettere. Doe't syn heit oer syn swierrichheden hearde, stjoerde dy him genôch jild om him troch de dreechste tiid te helpen.
Stevenson en Fanny trouden yn
maaie
1880
, hoewol't er doe noch, yn syn eigen wurden, "earder in symboal foar stjerlikens wie as in
brêgeman
". Mei syn
breid
en syn
styfsoan
Lloyd reizge er nei de
Napadelling
boppe San Francisco, dêr't se har
houliksreis
trochbrochten yn in ôftanke
goudsikerskamp
op 'e skeanten fan 'e
Mount Saint Helena
(yn wat no it
Steatspark Robert Louis Stevenson
is). Oer dy simmer skreau er letter yn
The Silverado Squatters
. Om dyselde snuorje hinne mette Stevenson
Charles Warren Stoddard
, in
redakteur
fan 'e
Overland Monthly
, dy't nei de
Stille Súdsee
reizge wie en Stevenson oanrikkemandearre om dat ek te dwaan. Jierren letter soe dat idee wer by him opkomme, mar yn
augustus
1880
reizge er ynstee mei Fanny en Lloyd nei New York en dêrwei nei Ingelân, dêr't se yn 'e
haven
fan
Liverpool
ferwolkomme waarden troch syn âlden en Sidney Colvin. Neitiid wist Fanny mei har
sjarme
en
gefoel foar humor
stadichoan de kleau te tichtsjen dy't Stevenson syn ûnberette ôfreis nei
Noard-Amearika
tusken him en syn heit iepene hie.
De '
kuerwente
' fan Robert Louis Stevenson yn it
Adirondackberchtme
yn
New York
, no it
Stevenson Cottage
Ingelân en wer nei de Feriene Steaten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Stevenson en syn húshâlding pindelen hinne en wer tusken Skotlân en it
fêstelân
fan
Jeropa
, en setten har yn
1884
einlings nei wenjen yn 'e
havenstêd
Bournemouth
yn it
Ingelske greefskip
Dorset
. Fan
april
1885
ôf hie Stevenson dêr it selskip fan 'e skriuwer
Henry James
, dy't er earder met hie yn Londen. Dyselde ferfear nei Bournemouth om syn
ynfalide
suster
Alice
by te stean, en de Stevensons nûgen him út om eltse dei by harren te
iten
. Stevenson sels wie yn dy tiid grutdiels bêdlegerich, mar dochs skreau er yn syn trije jier yn Bournemouth syn bekendste en
populêrste
wurken, wêrûnder
Treasure Island
Kidnapped
Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde
(wêrmei't er trochbriek),
A Child's Garden of Verses
en
Underwoods
Stevenson syn heit Thomas
ferstoar
yn
1887
, wat foar Stevenson it paad klearre om 'e rie fan syn dokter op te folgjen en him yn in
klimaat
nei wenjen te setten dat befoarderliker foar syn sûnens wie. Mei syn mem, no in
widdo
, en syn húshâlding ferliet er Ingelân mei de bedoeling om him yn 'e
Rocky Mountains
fan
Colorado
te fêstigjen. Mar nei't se yn New York oankommen wiene, besleaten se de winter oer te bliuwen yn 'e
Adirondacks
, in
berchtme
yn 'e
steat
New York
. Dêr ferbleaune se yn in
kuerwente
oan 'e
Saranacmar
, in gebou dat no bekend stiet as it
Stevenson Cottage
. Dy bitter kâlde winters skreau Stevenson guon fan syn bêste essays, lykas
Pulvis et Umbra
. Ek sette er útein mei de
roman
The Master of Ballantrae
en makke er lichthertich plannen foar in
syltocht
nei de
Stille Súdsee
yn 'e oankommende simmer.
Robert Louis Stevenson mei 30 jier.
Reizen yn 'e Stille Súdsee
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn
juny
1888
sjartere Stevenson it
jacht
de
Casco
en sette er mei Fanny, Lloyd en syn mem oer see ôf út 'e haven fan
San Francisco
. De seelucht en de
spanning
fan in nij aventoer bettere er foar in skoft fan op en krapoan trije jier lang doarme er troch it easten en de midden fan 'e súdlike
Stille Oseaan
. Dêrby died er ferskate kearen de
Hawaï-eilannen
oan, doe noch in ûnôfhinklik lân as it
Keninkryk Hawaï
. Dêr ferbleau er lange skoften en rekke er goed befreone mei
kening
David Kalākaua
, by wa't er in protte omsloech. Ek krigen de Stevensons dêre gedoente mei de
omkesizzer
fan 'e kening,
prinsesse
Victoria Ka‘iulani
, dy't behalven
Hawaïaansk
en
Skotsk
bloed hie. Op it eilân
Molokaï
besocht Stevenson
pater
Damiaan
, in
Flaamske
geastlike
dy't dêr wurke mank de
ferballe
pasjinten fan in
leprakoloanje
Behalven yn Hawaï brocht Stevenson yn dy jierren ek tiid troch op de
Gilberteilannen
(no
Kiribaty
),
Tahity
(yn
Frânsk-Polyneezje
) en de
Samoä-eilannen
en yn
Nij-Seelân
. Hy foltôge
The Master of Ballantrae
, dichte twa
balladen
dy't basearre wiene op 'e
leginden
fan 'e
Polynezyske
befolking
en skreau
The Bottle Imp
. Syn ûnderfinings út dy tiid leid er fêst yn in ferskaat oan brieven en yn syn
In the South Seas
, dat yn
1896
postúm
ferskine soe. Yn
1889
reizge Stevenson mei syn styfsoan Lloyd op 'e
skoender
de
Equator
by
Butaritari
Mariki
Apaiang
en
Abemama
yn 'e Gilberteilannen lâns. Se ferbleaune ferskate moannen op Abemama by de tirannike
haadman
Tem Binoka
, dy't Stevenson yngeand beskreau yn
In the South Seas
Robert Louis Stevenson (2e f. l.) yn
1889
yn
Hawaï
mei
kening
David Kalākaua
(l.).
Yn
april
1890
sette Stevenson op 'e
Janet Nicoll
foar syn trêde en lêste reis troch de Stille Súdsee ôf út
Sydney
, yn wat doe noch de Britske
koloanje
Nij-Súd-Wales
wie (
Austraalje
bestie noch net as politike ienheid). Hy hie yn 't sin om in nij reisferhaal te skriuwen dat oanslute moast by
In the South Seas
, mar úteinlik wie it syn frou Fanny dy't de reis beskriuwe soe yn har wurk
The Cruise of the Janet Nichol
(mei misstavering fan 'e namme fan it skip). In oare passazjier oan board wie
Jack Buckland
, waans ferhalen oer syn libben as
keapman
yn 'e Stille Súdsee de ynspiraasje foarmen foar it personaazje Tom Hadden yn
The Wrecker
1892
), in wurk dat Stevenson en Lloyd Osbourne tegearre skreaune.
Lêste jierren yn Samoä
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn
desimber
1889
arivearren Stevenson-en-dy yn
Apia
, yn
Samoä
, dêr't hy en Fanny harren nei wenjen besleaten te setten. Yn
jannewaris
1890
kochten se dêr 314¼
acre
(wat likernôch itselde is as in
pûnsmjit
) yn
Vailima
, in stikmannich
kilometers
it binnenlân yn by Apia wei. Dêr bouden se it earste
hûs
mei twa
ferdjippings
fan 'e hiele
arsjipel
(no it
Robert Louis Stevenson Museum
). Op 'e rest fan it lân waard in
plantaazje
oanlein. Yn
maaie
1891
joech Stevenson syn mem Margaret har yn Vailima by Stevenson en syn húshâlding. Wylst Fanny it tafersjoch oer de plantaazje krige, naam Stevenson sels de namme Tusitala oan, wat
Samoaansk
is foar "Ferhaleferteller", en begûn pleatslike
folksferhalen
op te tekenjen. Gauris wiksele er dy út tsjin ferhalen dy't er sels koe of skreaun hie. It earste
literêre
wurk yn 'e Samoaanske
taal
wie Stevenson syn
oersetting
fan
The Bottle Imp
, in
fabel
mei in
moraal
en mei
Polyneezje
as
setting
Stevenson op 'e
weranda
fan syn hûs yn
Vailima
, likernôch
1893
De ûnderdompeling yn 'e Samoaanske
kultuer
gie foar Stevenson ûntsjinkearber mank mei in
politike
ûntwekking, dy't him "oerdwers" pleatste foar de plannen oer dy't de
Westerske
koloniale
machten mei Samoä hiene. Dêrby gie it om it
Feriene Keninkryk
, it
Keizerryk Dútslân
en de
Feriene Steaten
, wêrfan't de
marineskippen
gauris de Samoaanske havens oandiene. Stevenson, dy't goed thús wie yn 'e
skiednis fan Skotlân
, begriep dat yn Samoä, krekt as yn 'e
Skotske Heechlannen
, de lânseigen, op rivalisearjende
clans
basearre
maatskippij
alhiel net ree wie foar de oankomst fan útlanners dy't de besteande
deilisskippen
oanfiteren en de ûnderlinge tsjinstellings fergrutten om dêr sels better fan te wurden. Troch de oanboazjende spannings dy't dat feroarsake, sakke Samoä wei yn ferskate ynterne konflikten dy't útmûnen yn 'e
Earste Samoaanske Boargeroarloch
Op dat punt koe Stevenson net mear oan 'e sydline stean bliuwe as bûtensteander dy't ienfâldichwei de foarfallen beskreau, mar keas er partij en begûn er
ynstjoerde brieven
nei
The Times
en oare
kranten
te stjoeren fol mei ferhalen oer it wangedrach fan Jeropeänen en Amerikanen yn Samoä. Syn noed om 'e lânseigen befolking spriek ek út syn
South Sea Letters
, dy't er yn
1891
yn ferskate
tydskriften
publisearre en dy't yn
1896
postúm yn syn boek
In the South Seas
opnommen wurde soene. Hy holp mei om twa Jeropeeske funksjonarissen dy't it wol hiel bûnt makken, nei hûs weromroppen te krijen, al wied er benaud dat syn aktive belutsenens by dy saak him op
deportaasje
út Samoä komme soe te stean. De oanboazjende ynfloeden fan 'e Westerske lannen yn Samoä en de Samoaanske Boargeroarloch beskreau Stevenson op detaillearre wize yn syn wurk
A Footnote to History: Eight Years of Trouble in Samoa
It
Robert Louis Stevenson Museum
yn
Vailima
, besteande út Stevenson syn oarspronklike wente mei twa lettere oanbouwen.
Stevenson hie in grouwéligen hekel oan wat er yn Samoä dwaan moast, mar syn
gewisse
liet him gjin oare kar. Oan syn freon Sidney Colvin skreau er: "Ik seach altyd del op 'e
leadjitter
, mar wat strielet dy njonken de
politikus
!" Yn 'e
boargeroarloch
keas Stevenson iepentlik de kant fan haadman
Mata‘afa Iosefo
, waans rivaal
Malietoa Tanumafili I
stipe waard troch de Dútske hannelsfirma's dy't al in moai ein op slach wiene nei it reälisearjen fan in
monopoalje
op 'e ferwurking fan
kopra
en
kakaobeane
. Hy siet noch it meast yn noed oer de
naïviteit
fan 'e Samoänen op it mêd fan
ekonomyske
kwestjes, mei as wichtichste foarbyld it feit dat se sels harren hiele eilannegroep net yn besit namen om foar te kommen dat
blanken
harsels simpelwei grûn ta-eigenen dy't fan nimmen wie.
Stevenson mei syn
húshâlding
om
1892
hinne, yn
Vailima
Yn
1894
, inkele moannen foar syn dea, spriek Stevenson de gearkommen haadlju fan Samoä ta, en fitere er harren oan om har eigen lân sichtber yn besit te nimmen om't it har oars ûntnommen wurde soe. Hy hie, sa fertelde er harren, sjoen wat der barde as men soks net die: yn it
Keninkryk Hawaï
, dêr't de ferlitten lânseigen
timpels
"as
sarken
[stiene] op in
grêf
, middenmank de
sûkerreidfjilden
fan 'e blanke", mar ek yn
Ierlân
en "yn 'e bergen fan myn eigen heitelân, Skotlân." Oer de
Skotten
seid er:
Dat wie yn it ferline in skoander
foltsen
moedich
fleurich
trou
en tige allyk de
Samoänen
, útsein op ien manear, te witten: dat se folle wizer en mear bedreaun wiene yn dat fjochtsjen dat jimme sa heech hawwe. Mar de tiid kaam oer harren, krekt sa't dy no oer jimme komt, en hja wiene net ree."
Goed fiif jier nei it ferstjerren fan Stevenson, yn
1900
, waard Samoä ferparte yn in westlik, Dútsk diel en in eastlik, Amerikaansk diel. Yn it Dútske diel hie de befolking it measte te lijen ûnder it koloniale bestjoer, mar dêr hiene se it gelok dat it Keizerryk Dútslân de
Earste Wrâldoarloch
ferlear, wêrnei't it troch de
Alliëarden
syn
koloanjes
ûntnommen waard.
Dútsk-Samoä
kaam doe ûnder it freonliker bewâld fan
Nij-Seelân
, dat sels ek in koloanje west hie, en it waard yn
1962
ûnôfhinklik as West-Samoä, dat yn
1997
syn namme feroare yn simpelwei
Samoä
Amerikaansk-Samoä
is anno
2022
noch altyd in
ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten
Robert Louis Stevenson om
1887
hinne.
De omstannichheden fan syn bestean yn Samoä laten by Stevenson yn syn skriuwwurk ta in ferskowing fan 'e
Romantyk
en it
aventoer
út syn eardere boeken ta in somberder reälisme.
The Beach of Falesá
1892
), bygelyks, is in
koart ferhaal
yn it
ik-perspektyf
oer in Skotske keapman op in eilân yn 'e Stille Súdsee, dy't tsjûge is fan
ûnmeilydsume
bedragerij
fan 'e lânseigen befolking troch de blanken, mar sels mear ynsit oer wêr't er blanke houlikskandidaten fine moat foar syn healbloeddochters. De roman
The Ebb-Tide
1894
) giet oer de eksploaten fan trije liddichgongers dy't strâne rekke binne yn 'e haven fan
Papeete
, op
Tahity
. It boek waard troch
Roslyn Jolly
, dy't it
foarwurd
levere foar de útjefe fan
South Sea Tales
út
1996
, omskreaun as: "in mikrokosmos fan 'e ymperialistyske maatskippij, dêr't lieding oan jûn wurdt troch
ynklauwerige
mar ynkompetinte blanken, wylst de
arbeid
levere wurdt troch lang lijende lânseigenen dy't har plicht dogge sûnder dêrta befel krigen te hawwen en trou binne oan it troch de
misjonarissen
brocht
leauwe
dat de Jeropeänen net iens beare te respektearjen."
Foar in part om 'e ûnkosten fan it libben yn Vailima te beteljen, skreau Stevenson lykwols ek
Catriona
1893
), in
romantysk
ferfolch
op syn eardere boek
Kidnapped
. Hoewol't er himsels oerwurke fielde, sette er yn in lêste spurt fan aktiviteit útein mei de roman
Weir of Hermiston
. Dat spilet yn it
achttjinde-iuwske
Skotlân en is in ferhaal oer in maatskippij, hoewol folslein oars as dy fan Samoä, wêryn't lykwols krektlyk as yn Samoä de
noarmen en wearden
en sosjale struktueren yn ferfal reitsje, liedend ta in morele dûbelsinnichheid.
Weir of Hermiston
ûnthiet gâns ûntwikkeling fan skriuwerskip, en Stevenson beskôge it sels as syn bêste wurk. Spitigernôch soed er it nea foltôgje.
De fiering fan Stevenson syn
jierdei
yn
novimber
1894
, likernôch trije wiken foar syn
dea
Ferstjerren
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Op
3 desimber
1894
wie Stevenson mei syn frou oan it praten wylst er him ynspande om in flesse
wyn
iepen te krijen, doe't er ynienen útrôp: "Wat is dat?" Fuort dêrop frege er syn frou: "Sjocht myn gesicht der ek nuver út?" En doe foel er derhinne. Hy
ferstoar
inkele
oeren
letter, yn 'e
âldens
fan 44 jier, nei alle gedachten oan in
oerhaal
. De Samoänen stiene derop om syn
stoflik omskot
dy nachts te omjaan mei
skyldwachten
en droegen him neitiid op harren skouders de
berch
de
Vaea
op, dêr't Stevenson troch harren
begroeven
waard op in plak dat útseach oer see, yn in stik lân dat skonken wie troch de Britske plakferfangend
fise-konsul
Thomas Trood
. Stevenson hie altyd wollen dat syn
gedicht
Requiem
op syn eigen
grêftombe
ynkurven waard, en dat kaam der yndie op 'e eastkant op te stean:
Under the wide and starry sky,
Dig the grave and let me lie.
Glad did I live and gladly die,
And I laid me down with a will.
This be the verse you grave for me:
Here he lies where he longed to be;
Home is the sailor, home from sea,
And the hunter home from the hill.
oersetting:
Under de iepen en troch stjerren ferljochte loft,
Graaf dêr it grêf en lit my lizze.
Bliid libbe ik en bliid bin ik stoarn,
En ik haw my út alle macht deljûn.
Mei dit it fers wêze dat jimme foar my ynkervje:
Hjir leit er dêr't er lange om te wêzen;
Thús is de seeman, thús fan see,
En de jager thús út 'e heuvels.
Stevenson wie de Samoänen tige dierber, en syn
grêfskrift
waard yn it Samoaansk oerset as in
klaachliet
. Op 'e westkant fan syn tombe stiet in
bibelpassaazje
út
Ruth
1:16-17 gravearre:
Want dêr't jo hinnegeane, gean ik hinne,
en dêr't jo de nacht oerbliuwe, bliuw ik de nacht oer.
Jo folk is myn folk en jo God is myn God.
Dêr't jo stjerre sille, sil ik stjerre, en dêr sil ik begroeven wurde."
Kontekstueel binne dat de wurden fan
Ruth
, de
Moäbitise
, dy't se sprekt tsjin har
skoanmem
Naomi
, in
Israelitise
dy't jierrenlang om utens taholden hat yn
Moäb
. Nei de
dea
fan sawol har man as har beide soannen wol Naomi weromkeare nei har heitelân
Israel
, en se besiket har
skoandochter
Ruth, dy't har beselskipje wol, werom te stjoeren nei hûs. Mar Ruth wegeret by har wei te gean. Op it grêf fan Stevenson wiist dizze tekst op syn identifikaasje mei de Samoänen.
De
grêftombe
fan Robert Louis Stevenson yn
1909
Wurdearring
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Robert Louis Stevenson wie yn syn eigen tiid tige
populêr
. Hy waard doedestiden bewûndere troch oare ferneamde auteurs, lykas
J.M. Barrie
sir
Arthur Conan Doyle
Henry James
Rudyard Kipling
Marcel Proust
en
Emilio Salgari
, en letter troch ek troch skriuwers as
Bertolt Brecht
Jorge Luis Borges
G.K. Chesterton
Ernest Hemingway
Jack London
Vladimir Nabokov
en
Cesare Pavese
Sûnt syn
ferstjerren
is it mei syn
reputaasje
as skriuwer lykwols op en del gien, mei't er yn in grut part fan 'e
tweintichste iuw
beskôge waard as in twadderang auteur fan benammen
berneboeken
en
sjenreliteratuer
lykas
horror
. Literêre grutheden as
Virginia Woolf
(dy't opfallend genôch de dochter wie fan syn iere
mentor
Leslie Stephen
) feroardielen syn wurk, en stadichoan waard Stevenson út 'e
kanon
fan 'e
Ingelsktalige
literatuer
skrast. Dy útsluting berikte syn hichtepunt mei de útjefte fan 'e 2.000
bledsiden
tellende Britske
Oxford Anthology of English Literature
út
1973
, dêr't er alhiel net yn neamd waard, en
The Norton Anthology of English Literature
út 'e Feriene Steaten, dy't him fan
1968
oant en mei
2000
sân
edysjes
lang negearre, oant er úteinlik yn 'e achtste edysje fan
2006
in fermelding krige. Nettsjinsteande dat bleau Stevenson by de gewoane lêzer ûnfermindere populêr.
Oan 'e ein fan 'e
tweintichste iuw
kaam der in
letterkundige
werevaluaasje fan Stevenson en syn
oeuvre
op gong. Tsjintwurdich wurdt er sjoen as in skriuwer mei
talint
foar in breed skala oan
sjenres
fan sawol
fiksje
as
non-fiksje
en sawol
proaza
as
poëzij
, en teffens as in literêr teorist, in
essayist
en
maatskippijkritikus
fan grut ynsjoch, in
humanist
en in tsjûge fan 'e
kolonisearring
fan 'e
Stille Súdsee
dy't feroardiele wat er seach en dêrby gjin blêd foar de mûle naam. Dêrmei wurdt er no beskôge as tiidgenoat en gelikense fan sa'n literêre grutheid as
Joseph Conrad
(waans wurk Stevenson sterk beynfloede mei syn fiksje oer de Stille Súdsee). Yn
2018
naam Stevenson it 26e plak yn op 'e ranglist fan 'e meast
oersette
skriuwers yn 'e wrâld, fuort nei
Lev Tolstoj
(23),
Isaac Asimov
(24) en
Charles Dickens
(25), en foàr oare ferneamde auteurs, lykas
Oscar Wilde
(28),
Karl Marx
(31),
Honoré de Balzac
(32),
Ernest Hemingway
(33),
Franz Kafka
(36),
Friedrich Nietzsche
(37),
Anton Tsjechov
(42),
J.R.R. Tolkien
(43),
Edgar Allan Poe
(44) en
Rudyard Kipling
(45). (De top 3 waard trouwens foarme troch
Agatha Christie
op 1, folge troch
Jules Verne
op 2 en
William Shakespeare
op 3.)
Op it mêd fan Stevenson syn moderne reputaasje skreau de foaroansteande
Amerikaanske
filmkritikus
Roger Ebert
yn
1996
"Ik wie okkerdeis yn
petear
mei in freon, dy't sei dat er noch nea in bern troffen hie dat graach
Treasure Island
fan Robert Louis Stevenson lêzen hie.
'Ik ek net,' sei ik. En hy hie ek noch nea in bern troffen dat graach Stevenson syn
Kidnapped
lêzen hie. 'Ik ek net,' sei ik. Myn iere bleatstelling oan beide boeken gie fia de
Classics Illustrated
stripboeken
. Mar ik haw beide boeken letter, doe't ik gjin bern mear wie, wol deeglik lêzen, en doe haw ik der tige by tige fan genoaten. Itselde jildt foar Stevenson syn
Dr. Jekyll and Mr. Hyde
Feitliks sit it sa: Stevenson is in geweldige skriuwer fan ferhalen foar
folwoeksenen
, en hy heart op deselde planke thús as
Joseph Conrad
en
Jack London
, ynstee fan tusken
Winnie the Pooh
en
Peter Pan
yn."
Wurk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
In ynbûne set fan it meastepart fan it
oeuvre
fan Robert Louis Stevenson, útjûn yn
1909
Romans en novelles
bewurkje seksje
boarne bewurkje
(as der it net oars oanjûn stiet, giet it om romans)
1877 –
The Hair Trunk, or: The Ideal Commonwealth
(in ier wurk, ûnfoltôge en ûnpublisearre oant der yn 2014 in annotearre edysje fan útjûn waard)
1883 –
Treasure Island
(in
aventoereroman
oer
seerôverij
en in bedobbe
skat
; yn in iere ferzje yn 1881-1882 as
fúljeton
publisearre; de ierst bekende titel wie
The Sea Cook: A Story for Boys
1885 –
Prince Otto
(in aventoereroman dy't spilet yn 'e
fiktive
Dútske steat
Grünewald)
1886 –
Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde
(in
novelle
dy't ta it sjenre fan 'e
horror
heart of ta
fantasy
, ôfhinklik fan hoe't men it besjocht)
1886 –
Kidnapped
histoaryske roman
tsjin 'e eftergrûn fan 'e
Jakobityske Opstannen
yn
Skotlân
1887 –
The Misadventures of John Nicholson
(in novelle mei as
ûndertitel
A Christmas Story
; postúm publisearre yn 'e
ferhalebondel
Tales and Fantasies
út 1905)
1888 –
The Black Arrow
(histoaryske roman tsjin 'e eftergrûn fan 'e
Roaze-oarloggen
yn it
Midsiuwske
Keninkryk Ingelân
1889 –
The Master of Ballantrae
(in aventoereroman oer
wraak
, dy't spilet yn Skotlân, de
Feriene Steaten
en
Britsk-Ynje
1889 –
The Wrong Box
(in
komyske
roman, skreaun troch Stevenson tegearre mei syn
styfsoan
Lloyd Osbourne
1892 –
The Wrecker
(in aventoereroman op see, skreaun troch Stevenson en Lloyd Osbourne tegearre)
1893 –
Catriona
(soms ek
David Balfour
neamd; in aventoereroman dy't in
ferfolch
is op Stevenson syn eardere wurk
Kidnapped
1894 –
The Ebb-Tide
(in somber reälistysk wurk oer trije liddichgongers dy't strâne rekke binne op
Tahity
; yn gearwurking mei Lloyd Osbourne)
1896 –
Weir of Hermiston
(in roman oer it
18e-iuwske
Skotlân, dy't gâns artistike groei ûnthiet, mar ûnfoltôge bleau)
1897 –
St Ives’
(ûnfoltôge bleaun, mar letter ôfmakke troch
Arthur Quiller-Couch
Robert Louis Stevenson mei 14 jier.
Koarte fiksje
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Ferhalebondels
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1882 –
New Arabian Nights
(befettet 11
koarte ferhalen
The Suicide Club
(in syklus 3
detektiveferhalen
Story of the Young Man with the Cream Tarts
Story of the Physician and the Saratoga Trunk
The Adventure of the Hansom Cab
The Rajah's Diamond
(in syklus fan 4 detektiveferhalen)
Story of the Bandbox
Story of the Young Man in Holy Orders
Story of the House with the Green Blinds
The Adventure of Prince Florizel and a Detective
The Pavilion on the Links
A Lodging for the Night
The Sire De Malétroits Door
Providence and the Guitar
1885 –
More New Arabian Nights: The Dynamiter
(mei
Fanny Van de Grift Stevenson
Prologue of the Cigar Divan
Challoner's adventure: The Squire of Dames
Story of the Destroying Angel
The Squire of Dames (Concluded)
Somerset's adventure: The Superfluous Mansion
Narrative of the Spirited Old Lady
The Superfluous Mansion (Continued)
Zero's Tale of the Explosive Bomb
The Superfluous Mansion (Continued)
Desborough's Adventure: The Brown Box
Story of the Fair Cuban
The Brown Box (Concluded)
The Superfluous Mansion (Concluded)
Epilogue of the Cigar Divan
1887 –
The Merry Men and Other Tales and Fables
(befettet 6 koarte ferhalen)
Markheim
The Merry Men
Olalla
Thrawn Janet
The Treasure of Franchard
Will o' the Mill
1893 –
Island Nights' Entertainments
(befettet 3 koarte ferhalen)
The Bottle Imp
The Beach of Falesá
The Isle of Voices
1896 –
Fables
(befettet 20 koarte ferhalen)
The Carthorse and the Saddlehorse
The Citizen and the Traveller
The Devil and the Innkeeper
The Distinguished Stranger
Faith, Half Faith and No Faith at All
The Four Reformers
The House of Eld
The Man and His Friend
The Penitent
The Persons of the Tale
The Poor Thing
The Reader
The Sick Man and the Fireman
The Sinking Ship
Something in It
The Song of the Morrow
The Tadpole and the Frog
The Touchstone
The Two Matches
The Yellow Paint
1905 –
Tales and Fantasies
(befettet 3 koarte ferhalen;
postúm
ferskynd)
The Body Snatcher
The Misadventures of John Nicholson
The Story of a Lie
Robert Louis Stevenson yn
1885
(35 jier).
Net bondele koarte ferhalen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1875 –
An Old Song
(Stevenson syn earste publisearre
fiksjewurk
1875 –
When the Devil Was Well
(foar it earst publisearre yn 1921)
1877 –
Edifying Letters of the Rutherford Family
(ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1982)
1882 –
Diogenes
(bestiet út twa stikjes:
Diogenes in London
en
Diogenes at the Savile Club
1885 –
The Great North Road
(ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1895)
1885 –
The Story of a Recluse
(ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1921)
188? –
The Clockmaker
(in
fabel
188? –
The Scientific Ape
(in fabel)
1889 –
The Enchantress
(foar it earst publisearre yn 1989)
1891 –
Adventures of Henry Shovel
(ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 19??)
1892 –
The Waif Woman
(ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1914)
1893 –
The Young Chevalier
(ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1897)
1894 –
Heathercat
(ûnfoltôge; foar it earst publisearre yn 1897)
Toanielstikken
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1892 –
Three Plays
(mei
William Ernest Henley
Deacon Brodie
Beau Austin
Admiral Guinea
Non-fiksje
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Essaybondels
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1881 –
Virginibus Puerisque, and Other Papers
1882 –
Familiar Studies of Men and Books
1887 –
Memories and Portraits
1896 –
In the South Seas
(befettet ek
artikels
1904 –
Prayers Written at Vailima
1905 –
Essays in the Art of Writing
Net bondele essays
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1887 –
On the Choice of a Profession
1887 –
The Day After Tomorrow
1888 –
Memoir of Fleeming Jenkin
1890 –
Father Damien
: an Open Letter to the Rev. Dr. Hyde of Honolulu
1995 –
The New Lighthouse on the Dhu Heartach Rock, Argyllshire
manuskript
út 1872)
2008 –
Sophia Scarlet
(manuskript út 1892)
Stevenson yn
1893
(2e fan l.), mei (f.l.n.rj.) syn
frou
Fanny
, syn
styfdochter
Isobel Osbourne
en syn
mem
Margaret Balfour.
Reisferhalen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1878 –
An Inland Voyage
(yn in
kano
fan
Antwerpen
nei
Pontoise
, by
Parys
1878 –
Edinburgh: Picturesque Notes
(oade oan
Edinburgh
1879 –
Travels with a Donkey in the Cévennes
(allinnich mei in
ezel
twa wiken op reis troch de
Sevennen
yn it
Sintraal Massyf
fan súdlik
Frankryk
1882 –
The Old and New Pacific Capitals
(ferslach fan Stevenson syn ferbliuw yn
Monterey (Kalifornje)
fan aug. oant des. 1879)
1883 –
The Silverado Squatters
(oer in ûnkonvinsjonele
houliksreis
nei in in ferlitten
goudsikerskamp
op 'e
Mount Saint Helena
yn
Kalifornje
1892 –
Across the Plains
(skreaun yn 1879-1880; oer de reis fan
New York
nei Kalifornje)
1895 –
The Amateur Emigrant
(skreaun yn 1879-1880; oer de reis as passazjier twadde klasse fan
Liverpool
nei New York)
1905 –
Essays of Travel
Oar non-fiksjewurk
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1875 –
Béranger, Pierre Jean de
(lemma oer
Jean Pierre de Béranger
yn 'e
Encyclopædia Britannica
1892 –
A Footnote to History: Eight Years of Trouble in Samoa
(oer de politike sitewaasje yn
Samoä
1895 –
Vailima Letters
brieven
1896 –
In the South Seas
(sammele
artikels
en essays fan Stevenson oer syn omdoarmings troch de
Stille Súdsee
Poëzij
bewurkje seksje
boarne bewurkje
1885 –
A Child's Garden of Verses
dichtbondel
, skreaun foar bern, mar ek populêr by âldelju; mei as bekendste
gedichten
My Shadow
en
The Lamplighter
1887 –
Underwoods
(dichtbondel, foar in part yn it
Ingelsk
en foar in part yn it
Skotsk
1891 –
Ballads
(dichtbondel mei as bekendste gedicht
Ticonderoga: A Legend of the West Highlands
1896 –
Songs of Travel and Other Verses
1916-1921 –
Poems Hitherto Unpublished
(al Stevenson syn earder ûnpublisearre bleaune gedichten, útjûn yn trije dielen yn 1916, 1916 en 1921)
Keppelings om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
(in)
In webside wijd oan Robert Louis Stevenson
(in)
Bibliografy fan Robert Louis Stevenson
(in)
Wurken fan Robert Louis Stevenson op Project Gutenberg
(in)
E-teksten fan Robert Louis Stevenson op Wikisource
Boarnen, noaten en referinsjes
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:
References
, op dizze side
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Robert Louis Stevenson
fan
Wikimedia Commons
Opfrege fan "
Kategoryen
Skotsk romanskriuwer
Skotsk skriuwer fan histoaryske fiksje
Skotsk horrorskriuwer
Skotsk misdieskriuwer
Skotsk mearkeskriuwer
Skotsk fantasyskriuwer
Skotsk reisferhaleskriuwer
Skotsk dichter
Skotsk berneboekeskriuwer
Skotsk essayist
Skotsk ateïst
Skriuwer yn it Skotsk
Persoan berne yn 1850
Persoan stoarn yn 1894
Robert Louis Stevenson
Nij mêd