Ruslân - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Российская Федерация
Flagge
Wapen
Offisjele taal
Russysk
Haadstêd
Moskou
Steatsfoarm
Republyk
Gebiet
% wetter
17.075.200 km
0,5­%
Ynwenners (
2006
142.893.540
Munt
Roebel
(RUB)
Tiidsône
UTC
+3 oant +12
Nasjonale feestdei
Lânkoade
RUS
Ynternet
.ru
Tillefoan
Ruslân
, offisjeel de
Russyske Federaasje
, is it grutste lân yn 'e wrâld, en leit foar in part yn
Jeropa
en foar in part yn
Aazje
. De haadstêd is
Moskou
en de presidint fan de federaasje is sûnt
2012
Vladimir Pûtin
. Premier is sûnt 2020
Michail Misjûstin
. De Russyske Federaasje is in atoommacht en ien fan de G8 lannen. Yn de
Feriene Naasjes
is Ruslân ien fan de 5 lannen mei in permanint fetorjocht.
Geografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Lizzing
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Ruslân hat in oerflak fan 17.075.200 km². Der binne yn totaal 20.241,5 km oan lângrinzen, de kustliny is 37.653 km lang. Ruslân wurdt begrinzge troch:
de
Noardlike Iissee
yn it noarden;
de
Beringsee
en de
Feriene Steaten fan Amearika
yn it easten;
de
Stille Oseaan
en
Japan
yn it súdeasten
Kazakstan
(6.846 km),
Mongoalje
(3.441 km) en
Sina
(súdgrins 40 km, súdeastgrins 3.605 km) yn it suden;
Geörgje
(723 km) en
Azerbeidzjan
(284 km) yn it súdwesten;
Oekraïne
(1.576 km),
Wyt-Ruslân
(959 km),
Poalen
oblast Kaliningrad
- 432 km),
Litouwen
(oblast Kaliningrad - 227 km),
Letlân
(292 km) en
Estlân
(290 km) yn it westen;
Finlân
(1.313 km) en
Noarwegen
(196 km) yn it noardwesten.
Lânskip
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn it Jeropeeske diel fan Ruslân is de wichtichste rivier de
Wolga
. De Wolga is de langste rivier fan Jeropa en streamt inkeld troch Ruslân. Nei 3.534 km streamt it wetter yn de
Kaspyske See
. As farwetter ferbynt de Wolga Noard-Jeropa mei Sintraal-Aazje. In belangrike rivier foar de Slavyske steaten is de Dnjepr. Dy begjint westlik fan Moskou en streamt troch
Wyt-Ruslân
en de
Oekraïne
, en komt út yn de
Swarte See
. Troch it Dnjepr-Boech-Kanaal is dy rivier mei de Poalske
Boech
en mei de
Wisla
en
Memel
ferbûn; dêrtroch is de Dnjepr in wichtich farwetter. Oare wichtige rivieren binne de
Kama
(1.805 km) en de
Wjatka
(1.314 km).
Topografy fan Ruslân
It heechste punt fan Ruslân is de Elbrus (5.642 meter) yn it
Kaukasusberchtme
Stêden
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De grutste stêden fan de Russyske Federaasje binne:
Moskou
(10,1 miljoen ynwenners)
Sint-Petersburch
(4,58 miljoen ynwenners)
Novosibirsk
(1,42 miljoen ynwenners)
Nizjni Novgorod
(1,35 miljoen ynwenners)
Jekaterineburch
(1,26 miljoen ynwenners)
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Dielgebieten fan Ruslân
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Subnasjonale ienheden fan Ruslân.
Sûnt
1992
omfet de Russyske Federaasje 89 gebieten mei in ferskaat oan status, te witten:
46
oblasten
(provinsjes)
21
republiken
krajs
autonome oblast
10 autonome distrikten (okrûchs)
federale stêden
Moskou
en
Sint-Petersburch
Op 18 maart 2014 anneksearre Ruslân yllegaal de
Krim
fan
Oekraïne
. De
republyk fan de Krim
waard bestjoerd as in republyk en de stêd
Sebastopol
waard in federale stêd.
By de selsstannige republiken telt Ruslân in oantal dy't harsels as soeverein beskôgje (ûnder oaren Tatarstan) of sels as ûnôfhinklik (Tsjetsjeenje). Fierders oerlaapje de gebieten fan dizze ienheden inoar hjir en dêr. Sa lizze nasjonale regio's ornaris yn it gebiet fan in
oblast
. Sûnt
2000
bestiet tusken al dizze regio's en it nasjonale nivo in tuskenlaach fan sân federale distrikten (
federalnyj okroeg
). It sintrale regear yn Moskou hat him ta doel steld om it oantal dielgebieten nei likernôch 50 omleech te bringen. De offisjele
taal
yn al dizze gebieten is it
Russysk
, mar dêrnjonken wurde ek in grut tal tige útinoar rinnende talen sprutsen. Guon fan dy talen fungearje yn selsstannige republiken as de lokale fiertaal neist, of faak yn stee fan, it Russysk.
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Iere skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Kievske Ryk
Oant de
midsiuwen
oan ta wie it Jeropeeske part fan Ruslân bewenne troch Slavyske, Baltyske en Finsk-Oegryske stammen. Guon fan de Slavyske folken teagen nei it easten. De súdrussyske steppegea wie bewenne troch nomadyske folken. It Grutbulgaarske ryk rikte tusken 552 en 745 fier nei it easten, oant op wat hjoed de dei Russysk grûngebiet is. Om it jier 654 dielde Grutbulgarije him op yn trije dielen. Tusken de 10e en 14e iuw hearde it gebiet tusken
Wolga
en
Kama
ta de
Wolgabulgaren
. Benoarden it
Grutbulgaarske Ryk
ûntstie yn 862 it Kievske Ryk mei as haadstêd Kiev. It ynwennertal fan it Kiewske Ryk yn de 12e iuw wurdt rûze op 4 oant 9 miljoen. Yn 'e lette Midsiuwen wie der frijwat striid tusken de Russyske foarsten, wat foar de Mongoalen in boppeslach wie. De Mongoalen dominearren it gebiet yn de 13e oant en mei 15e iuw en hienen harren haadplak oan de Wolga. It
Grutfoarstedom Moskoovje
ûntstie yn de 12e iuw en ferovere stadichoan syn oanswettende foarstedommen. Yn de iere 17e iuw ferfette in nije Romanov Dynasty de ekspânsjepolityk nei de
Stille Oseaan
. Peter I (1682-1725) wreide út nei de Baltyske See en it lân krige it
Russyske Ryk
as namme. Yn de 19e iuw krige it Russyske Ryk noch mear gebiet derby yn Jeropa en Aazje. It ferlies fan de Russyske-Japaneeske Kriich fan 1904-05 late ta in revolúsje yn 1905, dy't ta herfoarmings yn it parlemint late.
Sowjetuny
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Sowjetuny
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Yn de
Earste Wrâldkriich
wie it lân earm en it leger hie net folle súkses. It folk wie tsjin de Tsaar en yn de measte stêden wie rebûlje. De
kommunisten
mei
Vladimir Lenin
as lieder griepen de macht yn de
Oktoberrevolúsje
en foarmen de
Sowjetuny
. It bewâld fan
Josef Stalin
makke it kommunisme sterker yn de Sowjetuny, dêr't Ruslân hieltyd dominanter yn waard. Nei de oanfal fan
Nazi-Dútslân
fan
22 juny
1941
kaam de Sowjetuny oan de kant fan de
alliearden
yn de
Twadde Wrâldkriich
. Yn de earste moannen fan de kriich stoaren miljoenen soldaten fan it
Reade Leger
, letter ferhongeren by it belis op Leningrad mear as ien miljoen boargers. It earste súkses fan it Reade Leger wie de ferdigening fan
Moskou
yn de winter fan 1941-42. It kearpunt fan de kriich wie de
Slach om Stalingrad
yn de winter fan 1942-43. Yn maaie 1945 wûn it Reade Leger de
Slach om Berlyn
en dêrmei wie de kriich wûn foar de Sowjetuny. Meiïnoar binne der yn it tiidrek 1941-1945 op syn minst 20 miljoen minsken stoarn yn de Sowjet-gebieten, hast de helte dêrfan wienen boargers. Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich boazen de spanningen tusken de Sowjetuny en de oare alliearden oan.
Lannen fan it
Warsjaupakt
By de fredesûnderhannelingen wreide de Josef Stalin de macht fan de Sowjetuny út yn
Poalen
Tsjechoslowakije
Hongarije
Roemeenje
Bulgarije
en
East-Dútslân
. Yn dy lannen bleauwen hûnderttûzenen Sowjet-soldaten stasjonearre. De
Kâlde Kriich
dominearre oant
1989
de wrâldpolityk. De groei fan de ekonomy fan de Sowjetuny stûke yn de Kâlde Kriich, oant Michail Gorbatschow mei de glasnost (iepenheid) en perestroika (herfoarming) it kommunisme besocht te modernisearjen. It moderne kommunisme joech minsken yn de oerhearske lannen de romte om yn ferset te kommen. Yn juny 1991 waard
Boris Jeltsin
keazen as presidint by de earste Russyske presidintsferkiezings fan de Russyske Dielrepublyk. Yn augustus 1991 besochten konservative kommunisten de macht te gripen mar de steatsgreep wie fergees. Nei de mislearre steatsgreep besletten de Russyske presidint Boris Jeltsin en fertsjinwurdigers fan de oare Sowjet-republiken om de Sowjetuny op te heffen op
31 desimber
1991
Russyske federaasje
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Under Boris Jeltsin waarden yn Ruslân parten fan de ekonomy privatisearre en demokratyske herfoarmings trochfierd. Lykwols gong it ekonomysk hieltyd minder, de ynflaasje gong omheech en de federaasje rekke polityk ynstabyl. Neffens in protte Russen is dat sûnt it presidintskip fan Vladimir Putin yn 2000 better wurden. De hege prizen foar grûnstoffen en belestingherfoarmings stypje dy ûntjouwing.
Ferskate lannen ferklearren har nei it oprjochtsjen fan de nije Russyske Federaasje ûnôfhinklik fan Ruslân. Lykwols liet dat net ta yn Tsjetsjeenje. De krisis yn Tsjetsjeenje wie foar Vladimir Putin grûn om de terrorismebestriding te ferbetterjen, wat de demokrasy beheine. Op
16 april
2009
ferklearre Ruslân de ein fan de Tsjetsjeenje-'operaasje'.
Yn augustus 2008 begûn de
Russysk-Georgyske Oarloch
. De Russyske Federaasje stipet mei ynset fan militêren de ûnôfhinklikensstriid fan
Abgaazje
en
Súd-Osseesje
dy't har los meitsje wolle fan
Georgje
Yn
2014
sette de
Russysk-Oekraynske Oarloch
útein. Op
18 maart
fan dat jier anneksearre Ruslân de
Krim
en de stêd
Sebastopol
fan
Oekraïne
. Op
21 febrewaris
2022
erkende Ruslân de folksrepubliken Lûhansk en Donetsk, dy't harren selsstannich ferklearren fan Oekraïne. Op 24 febrewaris makke presidint Vladimir Pûtin buorkundich dat Russyske troepen de Oekraïne ynfalllen hawwe. Neffens syn sizzen gie it om in "spesjale militêre operaasje" om Oekraïne te "denazifisearjen". Neat wie minder wier. De Russen foelen benammen boargerdoelen oan en ferwoastgen de stêd
Mariûpol
hast mei de grûn lyk..
Ekonomy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Ynternasjonaal hannelssintrum yn Moskou. Troch de kredytkrisis wurdt de 612 m hege Ruslântoer net mear boud.
It
BYP
per persoan fan Ruslân is
14.800 (2007). De gearstalling fan BYP per sektor is 4,7% lânbou, 39,1% yndustry en 56,2% tsjinsten. Nei de Sowjetuny woe Boris Jeltsin it kapitalisme nei Ruslân helje. Tusken
1991
en
1997
gong it
BYP
mei 42% omleech. Yn
1997
wie der in lytse groei fan 2%, mar troch de finansjele krisis dy't begûn op
17 augustus
1998
waard it wer minder. Sûnt 1999 groeit de ekonomy mei 6% yn 't jier. Dat hat te krijen mei de nijwearde fan de
Russyske roebel
en de hege oaljeprizen. Mei it stadich groeien fan de ynvestearrings en salarissen kaam de ynlânske ekonomy wer op gong. Lykwols wie der yn it tiidrek 2000-2005 noch in grut ferskil tusken ryk en earm. De middenklasse wie yn dy perioade noch hiel lyts. De dominearjende oligarchen en oare rike lju en it banksysteem dat net goed funksjonearre makken wurken de waakst fan middenklasse tsjin. In soad banken wurde troch dy rike lju beheard en brûke it jild fan de banken foar lienings oan bedriuwen dy't oan har keppele binne. Troch de
Kriich yn Súd-Osseesje
yn augustus 2008 en de ynternasjonale
kredytkrisis
wurdt ferwachte dat it BYP wer omleech gean sil. AvtoFramos yn Moskou, dy't foar
Renault
boud, hat it fabryk fan 12 des. 2008 oant en mei 12 jan. 2009 slute moatten. Yn it megaprojekt Moscow City is de bou fan de 612 m grutte Ruslântoer yn novimber 2008 stillein; yn febrewaris 2009 is bekend makke dat it projekt útsteld is en dat de toer net boud wurde sil neffens de oarspronklike plenning.
Demografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Befolking
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Befolking: 144,6 miljoen (2003)
Prognoaze: 133,3 miljoen (2015)
Befolkingsoanwaaks (trochsnee oer it tiidrek 1975-2000): 0,3% (2003)
Befolkingsoanwaaks (trochsnee oer it tiidrek 2000-2015): -0,5% (2003)
Stedsbefolking (persintaazje fan de hiele befolking): 73% (2008)
Prognoaze: 74,3% (2015)
Jongerein - part fan de befolking ûnder 15 jier: 16,2% (2003)
Prognoaze: 16,4% (2015)
Alderein - part fan de befolking âlder as 65: 11,5% (2003)
Prognoaze: 13,3% (2015)
Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne poppen: 66,03 jier (2009)
Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne froulju: 73,14 jier (2009)
Ferwachte trochsnee leeftyd nijberne manlju: 59,33 jier (2009)
Wierskynlike persintaazje froulju dat de leeftyd fan 65 jier hellet (2000-2005): 76,3% (2003)
Wierskynlike persintaazje manlju dat de leeftyd fan 65 jier hellet (2000-2005): 44,7% (2003)
Wierskynlike persintaazje dat de 60 net hellet: 31,6% (2003)
Tal bern de frou: 1,41 (2009)
Persintaazje HIV/AIDS: 1,1% (2007)
Tal ymmigranten: 0,28 ymmigranten/1.000 ynwenners
Etnyske groepen: Russen: 79,8%, Tataren: 3,8%, Oekraïners: 2%, Baskiren: 1,2%, Tsjoevasjen: 1,1%, oar/net bekend: 12,1% (2002)
Tal ynwenners de kante kilometer: 8 (2003)
Persintaazje minsken boppe de 15 jier dy't skriuwe en lêze kin: 99,4% (2002)
Taal: Russysk en in soad minderheidstalen
Religy: Russysk-Ortodoks: 80%, Islam: 10-15%, oar Kristendom: 2%, lytse mindertallen Boedisten en Joaden.
Nijsgjirrich
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It Russyske folksliet.
It
Kremlyn fan Moskou
en it
Reade Plein
yn
Moskou
Russyske skriuwers
Ferwizing nei boarne
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Russia declares end to Chechnya 'operation'
artikel op CNN
Ingelsk
Russysk artikel oer it stillizzen fan de bou fan de Ruslân toer
Keppeling om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Wikiwurdboek: Ruslân
– betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons: Ruslân
– foto, fideo en harktriemmen
Wikimedia-atlas: Ruslân
– geografyske en histoaryske kaarten
Webstee fan it regear
Russysk
Webstee fan de Presidint fan Ruslân
Ingelsk
Ynformaasje oer Ruslân
Dútsk
Statistiken en lânynfo
Dútsk
Opfrege fan "
Kategoryen
Ruslân
Lân yn Aazje
Lân yn Jeropa
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1283
Republyk
Ruslân
Nij mêd