Strúsfûgel - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
strúsfûgel
Mantsje
Wyfke mei piken
taksonomy
ryk
dieren
Animalia
stamme
rêchstringdieren
Chordata
klasse
fûgels
Aves
skift
strúsfûgeleftigen
Struthioniformes
famylje
strúsfûgels
Struthionidae
skaai
echte strúsfûgels
Struthio
soarte
Struthio camelus
Linnaeus
, 1758
IUCN-status
: net bedrige
ferspriedingsgebiet
lânseigen ferspriedingsgebiet
yntrodusearre as
eksoat
De
strúsfûgel
Struthio camelus
) is in
fûgelsoarte
yn 'e
famylje
strúsfûgels
Struthionidae
). Tegearre mei de
Somalyske strúsfûgel
Struthio molybdophanes
) is de gewoane strúsfûgel ien fan 'e twa noch libjende soarten út 'e famylje strúsfûgels. It is de grutste en swierste fan alle libjende fûgels en it is ek de fluchste rinfûgel fan 'e wrâld. De strúsfûgel is nau besibbe mei oare rinfûgels lykas de
nandoe
emoe
en
kasuaris
Skaaimerken
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De teannen fan in strúsfûgel.
Folwoeksen mantsjes kinne in hichte fan 2,75 meter berikke en 155 kilogram weagje, mar trochstrings 1,80 oant 2,10 meter; wyfkes binne wat lytser en lichter en wurde 1,90 meter en weagje 110 kilogram. De strúsfûgel hat krêftige, lange en poaten sûnder fearren. Eltse foet hat twa teannen (de ienige fûgelsoarte mei dit oantal), ien grutte en sterke mei in 10 sintimeter lange neil en ien lytsere sûnder neil. De grutte tean wurdt brûkt om mei te rinnen. Strúsfûgels hawwe in relatyf lytse kop, mar tige grutte eagen. Mei in diameter fan 50 millimeter binne se sels de grutste fan alle lândieren. De lange, bleate nekke fertsjintwurdiget hast de helte fan 'e lichemslingte.
It lichem is bedutsen mei fearren (gjin dûns). It fearrekleed fan it mantsje is meast swart mei wite wjukpunten. De sturt is meast wyt oant griis, mar ien
ûndersoarte
hat in kanielbrune sturt. De kop, nekke en poaten binne meast sûnder fearren en griis oant blau fan kleur. De wyfkes en jonge fûgels binne benammen griisbrún, sels op 'e pear fearren op 'e kop, nekke en poaten. De wjukpunten fan wyfkes binne brutsen wyt.
Yn it briedseizoen feroarje de nekke en poaten fan it mantsje fan kleur. Populaasjes yn East- en West-Afrika wurde oranje-rôze, wylst yn Súdlik Afrika de skinen read wurde. It mantsjes fan 'e Somalyske strúsfûgel hat in blauwe nekke en poaten en in reade streek oer de skinen.
De strúsfûgel is de meast rappe fûgel op 'e grûn en it rapste lândier op twa poaten. Hy kin tritich minuten lang in snelheid fan 50 kilometer yn 'e oere oanhâlde. Yn in koarte sprint kin er sels mei stappen fan 3,5 meter snelheden oant 70 kilometer yn 'e oere helje. Dy snelheid is mooglik om't er enerzjy tige effisjint yn syn pezen opslaan kin. De enerzjy dy't út pezen werbrûkt wurdt is 83% mear as by minsken.
Rop
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De strúsfûgel is oer it algemien stil, mar beide skaaien kinne systerjende, snuvende en fluitsjende lûden meitsje. Hy klapt ek faak mei syn snaffel. Nachts by gefaar en by de
balts
kin de fûgel in djippe, lûde brul meitsje, te ferlikenjen mei de brul fan in
liuw
Ferprieding
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fersprieding oan it begjin fan 'e 19e iuw.
De strúsfûgel waard oant yn 'e 19e iuw yn it grutste part fan it fêstelân fan Afrika en ek yn it Midden-Easten oantroffen, útsein yn 'e reinwâlden. Hjoed-de-dei libbet de soarte benammen yn 'e
Sahel
, súdlik fan 'e Sahara, East-Afrika en it súdwesten. Benoarden de Sahara en yn it Midden-Easten is de strúsfûgel útstoarn. It habitat bestiet út iepen, heal-drûge savannes, gerslân, strûkgebieten, heal-woastinen en woastynflakten. Se binne net ôfhinklik fan wetterboarnen.
De Arabyske strúsfûgels fan it Midden-Easten binne healwei de 20e iuw útstoarn. In besykjen om de soarte yn 2004 yn
Israel
te weryntrodusearjen is mislearre.
Undersyk fan it Birbal Sahni Ynstitút foar Paleobotany yn
Yndia
fûn molekulêr bewiis dat strúsfûgels 25.000 jier ferlyn yn Yndia libbe ha. DNA-testen op fossile aaiskalen dy't fûn binne op acht argeologyske plakken yn 'e steaten
Rajasthan
Gujarat
en
Madhya Pradesh
fûnen in genetyske oerienkomst fan 92% tusken de aaiskalen fan 'e
Noardafrikaanske strúsfûgel
, dus dat kinne frij fiere sibben west hawwe.
Strúsfûgels waarden yn
Austraalje
yntrodusearre foar de lânbou en in grutte wylde populaasje bestiet hjoed-de-dei yn Austraalje.
Der wurde ferskate ûndersoarten ûnderskieden, dy't wat oant frij sterk fan elkoar ferskille yn fearren en grutte. De
Struthio molybdophanes
, de Somalyske struisfûgel (
Somaalje
Etioopje
en noardlik
Kenia
) wurdt bytiden ek as in ûndersoarte beskôge, mar stiet ûnder oaren op 'e
Wrâldfûgellist fan it IOC
as in aparte soarte.
Undersoarten fan 'e strúsfûgel
Undersoarten
Beskriuwing
Ofbyld
Noardafrikaanske strúsfûgel
Struthio camelus camelus
ek bekend as
readnekkestrúsfûgel
of
Barbarijske strúsfûgel
Libbet yn it noarden fan Afrika. Eartiids de ûndersoarte mei it grutste ferspriedingsgebiet dat him fan
Etioopje
en
Sûdan
yn it easten oer de
Sahel
nei
Senegal
en
Mauretaanje
yn it westen útstruts en noardlik oant
Egypte
en súdlik
Marokko
. Hjoed-de-dei is de Noardafrikaanske strúsfûgel út it grutste part fan it ferspriedingsgebiet ferdwûn en de fûgel wurdt yn noch mar seis fan 'e eartiids 18 lannen oantroffen. Dêrfandinne wurdt de fûgel as earnstich bedrige beskôge. It is de grutste ûndersoarte. De fûgel wurdt maksimaal 2,74 m heech en 154 kg swier. De nekke is rôzeread, de fearren fan it mantsje binne swart en wyt en wyfkes binne griis.
Oarspronklik ferspriedingsgebiet:
Noard-Afrika:
Algerije
, de
Sintraal-Afrikaanske Republyk
Tsjaad
Egypte
Etioopje
Lybje
Maly
Mauretaanje
Marokko
Sûdan
Súd-Sûdan
Togo
en
Tuneezje
West-Afrika:
Benyn
Boerkina Faso
Kameroen
Gana
Niger
Nigearia
Senegal
Súdafrikaanske strúsfûgel
Struthio camelus australis
ek de
swartnekkestrúsfûgel
Kaapske strúsfûgel
, of
súdlike strúsfûgel
Súdlik fan 'e
Sambezy
en de
Cunene
-rivier. De fûgel wurdt troch boeren foar it fleis, lear en fearren holden yn 'e Lytse Karoo yn 'e Kaapprovinsje.
Súdlik Afrika:
Angoala
Botswana
Kongo-Kinsjasa
Namybje
, Súd-Afrika,
Sambia
Simbabwe
Masaistrúsfûgel
Struthio camelus massaicus
ek
rôzenekkestrúsfûgel
of
Eastafrikaanske strúsfûgel
De kop fan 'e soarte hat wat fearren en de nekke en dijen binne rôze. By de balts binne nekke en dijen rôzer. It ferspriedingsgebiet is beheind ta it suden fan
Kenia
en eastlik
Tanzania
Etioopje
en dielen fan súdlik Somaalje.
Oarspronklik ferspriedingsgebiet:
Eastlik Afrika:
Boerûndy
Kongo-Kinsjasa
Etioopje
Kenia
Rûanda
Somaalje
Tanzania
Uganda
( † )
Arabyske strúsfûgel
Struthio camelus syriacus
ek de
Syryske strúsfûgel
Eartiids tige algemien op it
Arabyske Skiereilân
Syrje
Irak
, en de
Israelyske
Negev
. De fûgel stoar út yn 1966.
Oarspronklik ferspriedingsgebiet:
Westlik Aazje:
Irak
Iran
Israel
Jordaanje
Kûweit
Oman
Katar
Saûdy-Araabje
Syrje
Feriene Arabyske Emiraten
Jemen
Hâlden en dragen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sosjaal gedrach en fuortplanting
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De strúsfûgel libbet oer it algemien yn pearen of lytse groepkes fan trochstrings fiif folwoeksen fûgels. Gruttere groepkes besteane faak út pearen mei in groep jongen. Strúsfûgels wurde faak oantroffen mei oare savannedieren, lykas sebras en antilopen. Sokke mingde groepkes hawwe in gruttere kâns om rôfdieren te ûntdekken, om't se inoars sintugen oanfolje: strúsfûgels hawwe better sicht, wylst hoefdieren better rûke.
It pearjen.
As it oant it brieden ta is brûke mantsjes harren krêftige skonken om te fjochtsjen foar wyfkes. Om wyfkes te winnen, docht it mantsje in baltsdûns. Hy giet troch de poaten, iepenet de wjukken en swaait mei de helderkleurige nekke hinne en wer. It mantsje foarmet dan in harem fan twa oant sân (maksimaal achttjin) wyfkes. Ien fan 'e wyfkes is it alfawyfke. Hja sil de earste aaien lizze en tegearre mei it mantsje de soarch foar it nêst op har nimme. De leger oardene wyfkes briede net. It dominante pear wikselet it brieden ôf, wêrby't it mantsje faak nachttsjinst hat. As in rôfdier in nêst benaderet, kin in strúsfûgel de nekke oer de grûn útstrekke om minder opfallend te wêzen.
Briedend mantsje.
It nêst is ienfâldich en bestiet út net mear as wat byinoar harke grûn. Wyfkes lizze elts likernôch tsien oant fyftjin wite aaien yn it nêst. In strúsfûgelnêst hat faak mear as fjirtich aaien: it rekord stiet op 78. De briedende fûgel kin dy lykwols net allegear waarm hâlden en dat betsjut dat in soad aaien net útkomme. It alfawyfke leit dêrom de aaien fan oare wyfkes nei de râne en soarget derfoar dat teminsten har aaien útkomme. De net útkommen aaien wurde lang om let opfretten troch jakhalzen en hyena's .
Strúsfûgelaaien binne grutter as dy fan hokker oar bist dan ek: se mjitte 15 by 12 sintimeter en weaget 1,3 kg. Dat makket ek de djerre fan in strúsfûgelaai de grutste sel yn it hiele dierenryk (as it krekt befruchte is).
Piken.
De aaien wurde yn 40 oant 45 dagen útbret. De piken binne
nêstflechters
en ferlitte it nêst trije dagen nei it útkommen. Se sammelje har yn in grutte groep, dy't beskerme wurdt troch it dominante pear. As se in oar pear mei jongen tsjinkomme sil der striid ûntstean en it winnende pear nimt de piken fan it ferliezende pear oer. Sa ûntsteane groepen fan maksimaal hûndert oant trijehûndert fûgels. Nei njoggen moannen oant in jier falt de groep útinoar en wurde de fûgels selsstannich. De strúsfûgel berikt geslachtsrypheid nei trije oant fjouwer jier en de fûgel kin 30 oant 40 jier âld wurde.
Iten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
In strúsfûgel is in
omnivoar
. Gers en krûden, woartels, blêden, blommen, sied en fruchten foarmje it wichtichste ûnderdiel fan syn dieet, mar hy yt ek dierlik materiaal lykas hagedissen, kikkerts, lytse skyldpodden, imerkes en oare ynsekten. Dy bisten wurde tusken planten fûn en hielendal ynslokt. Sân, stiennen en oar hurd materiaal (sels munten en spikers) wurde opfretten om de fertarring te befoarderjen.
Ferdigening
bewurkje seksje
boarne bewurkje
In strúsfûgel ferdigenet himsels benammen op trije manieren: troch fuort te rinnen, te wâdzjen of him ferside te stopjen. Fuortrinne is effektyf om't strúsfûgels snelheden oant 70 kilometer yn 'e oere berikke kinne, wêrby't se de wjukken brûke om lykwicht te hâlden. De strúsfûgel is ek in formidabel tsjinstanner fanwegen syn skopfermogen. Syn krêft makket it mooglik om in minskeskonk te brekken of in hoeke fan 45 graden te wâdzjen yn in ien sintimeter dikke izeren stêf. In tredde metoade is bygelyks om yn it briedseizoen yn in gat te lizzen mei syn kop en nekke plat op 'e grûn, sadat er op in klúte gers yn 'e dizige woastynwaarmte liket. As in ynkringer te deunby komt, sil er opstean en de skoptechnyk tapasse.
Waarnimmingen fan dy strategy ha mooglik laat ta de misfetting dat in strúsfûgel syn kop yn it sân bedobbet as er bedrige wurdt. De Romeinske tinker
Plinius de Aldere
(23-79) beskreau dat gedrach nei alle gedachten foar it earst by it gearstallen fan in meardielige ensyklopedy fan natuerskiednis. Yn it earste haadstik fan it tsiende boek wol er dat ha en dêr skriuwt er ek dat in struisfûgel syn aaien útbriedt troch der agressyf nei te stoareachjen.
Strúsfûgels en de minske
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sechtichtûzen jier lyn fersierden minsken fan 'e prehistoaryske
Howiesons Poarte
-kultuer yn Súd-Afrika de aaien al mei ienfâldige patroanen.
Hjoed-de-dei wurde se ek op pleatsen fokt foar harren fleis en fearren. De aaien binne ytber. Fearren wurde brûkt foar klean of oare te fersieren saken. De hûd fan it bist produsearret soepel lear.
Strúsfûgelrace yn Nederlân (1933).
Der is ek besocht om de fûgels as lêstdier of foar races te brûken, mar dêr binne se net geskikt foar om't se gau wurch of ôflaat wurde.
Somtiden wurde strúsfûgels as hûsdier yn Europa holden. Se ha in nachtferbliuw nedich en ek in grut bûtengebiet. As it bist him bedrige fielt, kin it dier gefaarlik wurde.
Taksonomy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De strúsfûgel is mei de Somalyske strúsfûgel it iennige libbene lid fan 'e strúsfûgelfamylje (
Struthionidae
). Lange tiid wie de relaasje tusken de strúsfûgel en oare grutte rinfûgels ûndúdlik.
DNA
-ûndersyk troch Van Tuinen, Sibley en Hedges (1998) jout oan dat strúsfûgels nau besibbe binne oan 'e nandoes fan Súd-Amearika, mei as harren sustergroep de kasuarissen en emoes fan
Nij-Guineä
en Austraalje.
Status
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De strúsfûgel hat ek hjoed-de-dei in grut ferspriedingsgebiet, mar hat in grut part fan syn oarspronklike fersriedingsgebiet ferlern. De populaasje rint tebek, mar de
IUCN
klassifisearret de fûgel as net bedrige (
Least Concern
, 2018) op 'e
Reade list
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
foar boarnen en referinsje sjoch:
nl:struisvogen
en
en:Common ostrich
BirdLife, oproppen 14 septimber 2025.
Ebird, oproppen 14 septimber 2025.
Avibase, oproppen 14 septimber 2025.
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Strúsfûgel
fan
Wikimedia Commons
Opfrege fan "
Kategoryen
Echte strúsfûgel
Fûgelsoarte
Lânseigen fauna yn Algerije
Lânseigen fauna yn Angoala
Lânseigen fauna yn Botswana
Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
Lânseigen fauna yn Kameroen
Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
Lânseigen fauna yn Tsjaad
Lânseigen fauna yn Dzjibûty
Lânseigen fauna yn Egypte
Lânseigen fauna yn Eritreä
Lânseigen fauna yn Swazylân
Lânseigen fauna yn Etioopje
Lânseigen fauna yn Kenia
Lânseigen fauna yn Lybje
Lânseigen fauna yn Maly
Lânseigen fauna yn Mauretaanje
Lânseigen fauna yn Mozambyk
Lânseigen fauna yn Namybje
Lânseigen fauna yn Niger
Lânseigen fauna yn Nigearia
Lânseigen fauna yn Senegal
Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
Lânseigen fauna yn Sûdan
Lânseigen fauna yn Tanzania
Lânseigen fauna yn Uganda
Lânseigen fauna yn Sambia
Lânseigen fauna yn Simbabwe
Eksoat yn Austraalje
Strúsfûgel
Nij mêd