Text:De Alde Friezen – Wikipedia
Zum Inhalt springen
Faan Wikipedia
Frysk
De âlde Friezen
Bewerke
Kweltekst bewerke
(1) Halbertsma/Van Loon
Bewerke
Kweltekst bewerke
Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
en bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
it Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn! (2x)
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
dy't Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan ... (2x)
Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare,
syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
en twang, fan wa ek, stie it tsjin.
Klink dan ... (2x)
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
wês jimmer op dy âlders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme.
In grien, in krêftich bloeiend leat!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn! (2x)
(2) Halbertsma
Bewerke
Kweltekst bewerke
Frysk bloed, tsjoch op! Wol nou'ris broeze ind siede,
Ind bonsje throch myn ieren om.
Flean op! Ik sjong it baeste l
n fenn' ierde;
It Frysce l
n fol ear ind rom.
Klink den, in dawerje fier yn it roun
Dyn
lde eare, o Frysce groun.
Ompolske fen it heage s
lte wetter,
Forthroppe op ien terp oaf stins,
Hien' d'
lde Friezen yn de wr
ld net better.
Hjar l
n ind frydom wier hjar winsk.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn
lde eare, o Frysce groun.
Frjemd fen it jok fen frjemde hearen,
Faek earm, mar dochs sterk ind fry,
Hoe de
lde Fries st
nfaest by syn menearen.
Hy wier ien Fries, ien Fries stoar hy.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn
lde eare, o Frysce groun.
Throch waer ind wyn, tsjin need ind dea to striden.
Mei 't gleaune swird yn d'
s'ren h
n,
Wier wille yn dy fromme t
den,
Wier 't fo
r de frydom fen hjar l
n.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn
lde eare, o Frysce groun.
Fen buwchjen frjemd, ind fy fen ljeawe wirden,
Wier rjocht ind sljocht hjar her tind sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swirden
Soen's' alle thwang ind oerlaest jin.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn
lde eare, o Frysce groun.
Sa faek throch sto
rm yn djippe s
beditsen,
Oer
lde ljeawe Frysce groun,
Waerd noait dy taye b
n forbritsen,
Dy Friezen oan hjar l
n forbuwn.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn
lde eare, o Frysce groun.
Throchloftich folk fen dizze
lde namme,
Waes jimmer op dy
lders great.
Bljou
wich fen dy grize heage stamme
Ien grien, ien kreftich doerjend leat.
Klink den, ind dawerje fier yn 't roun
Dyn
lde eare, o Frysce groun.
Faan „
Kategoriin
Frysk Artiikel
Frysk Tekst
Text
De Alde Friezen
Nei kirew began