Vladimir Lenin - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Vladimir Lenin
Lenin tegearre mei
Stalin
yn
1922
yn
Gorky
De lêste foto fan Lenin
Vladimir Lenin
, berne as
Vladimir Ilyich Ulyanov
, (
22 april
1870
21 jannewaris
1924
), wie in
kommunistyske
revolúsjonêr yn
Ruslân
. Hy wie de lieder fan de
Bolsjewistyske
partij en de earste premier fan 'e
Sowjetuny
Lenins syn heit wie ynspekteur fan it ûnderwiis. Syn âldste broer Alexander dy’t hy tige bewûndere waard yn
1887
terjochtsteld yn ferbân mei de tariedings fan in oanslach op de
tsaar
. Dat foarfal wie foar Lenin in skokkend barren en dat hat in soad yndruk op him makke.
Skoalling
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Nei it
gymnasium
gie er rjochten studearjen yn
Kazan
. Dêr waard er lykwols rillegau fan de universiteit ferwidere meidat er mei die oan demonstraasjes. Dêrom studearre hy in oantal jierren foar him sels. Yn dy tiid hienen de skriften fan
Tsjernvsjevski
en de wurken fan
Karl Marx
en
Plechanov
grutte ynfloed op him. Hy waard talitten ta de eksamens yn
Sint Petersburch
en foltôge yn 1891 de rjochtenstúdzje.
Politike aktiviteiten
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Twa jier letter yn Sint Petersburch foege hy him by in sosjaal demokratyske groepearring mei de namme De âlden. Op in earste reis nei West-Jeropa yn 1895 moete hy in soad sosjalisten ûnder wie
Plechanov
en
Axelrod
. Hy wurke dêrnei tegearre mei
Martov
yn it troch him oprjochte bûn foar de befrijing fan de arbeid. Syn aktiviteiten sprongen yn it each en yn desimber 1895 waard hy arrestearre en fan
1897
oant
1900
waard er ferbanne nei
Sibearje
. Yn Sibearje moete hy syn frou
Nadezjda Konstantinovna Kroepskaja
, dêr't hy mei troude. Nadezjda soe altyd by him bliuwe en ien fan syn trouste meiwurkers wurde. Nei syn straftiid gie Lenin út
Ruslân
fuort. Hy wurke in skoftke yn
Dútslân
Ingelân
en
Switserlân
. Dêr stifte hy mei
Martov
en
Potresov
de
Iskra
(fonk). In yllegale revolúsjonêre krante foar Ruslân. Nei rûzje stifte Lenin yn 1903 in eigen blêd mei de namme
Vperjod
Nei de revolúsje fan 1905 kearde Lenin werom nei Ruslân. Under syn lieding propagearren de bolsjewiken it boykotsjen fan de
Doema
en it tarieden fan in opstân. De revolúsje rûn net sa't Lenin it hawwe woe. Der kaam wer in stevige regearing en Lenin ferliet Ruslân op 'e nij om te wachtsjen op bettere tiden. Yn de hjir op folgjende jierren bestried Lenin rjochtse tinzen yn de sosjaal-demokratyske partij. Dat die hy mei syn tydskrift. It soarge foar in brek mei de net-
bolsjewistyske
fleugel op in partijkonferinsje yn Praach. By dizze konferinsje waard de
Pravda
stifte.
Ut
Krakow
wei liede Lenin de partij oant it útbrekken fan de
Earste Wrâldkriich
. Doe moast Lenin werom nei
Switserlân
. De kriichsjierren soargen foar grutte problemen, de kommunikaasje mei Ruslân wie striemin. Der wienen finansjele soargen en ideologysk stie hy allinnich. Lenins ideeën oer de kriich dy’t hy seach as in ymperialistyske kriich dy’t omsetten wurde moast yn in boargerkriich fûn mar in bytsje wjerklank op de konferinsjes yn
Zimmerwald
en
Kienthal
Revolúsje
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Nei de Febrewarisrevolúsje woe Lenin nei
Petrograd
komme. Dat slagge him troch de help fan de Dútske regearing. Op 16 april arrivearre hy yn Petrogard. Hy rôp de striid op tsjin it foarlopige regear en yn de ferneamde apriltaspraken sette hy syn aksjeprogramma útien. It nije programma soarge derfoar dat der in soad tsjinstanners wienen. De july-opstân begûn te betiid en wie net goed tarieden. Der wie net folle stipe en dêrom mislearre it. Dat wie in earnstige tsjinslach foar de bolsjewiken. Se waarden oan ferfolging bleatsteld en Lenin moast flechtsje nei Finlân. Nei de mislearre steatsgreep fan Kornilov kearde hy werom. Hy begûn direkt mei de bewapene opstân. Op 7 novimber fûn de
Oktoberrevolúsje
plak wêrby de sowjetsteat en de diktatuer ôfkundige waard. Lenin naam de lieding fan de reagering op him. Dizze funksje soe er behâlde oant syn dea. Neist it lidmaatskip fan it politburo fan de partij.
De politike Lenin
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De macht hearde nei de revolúsje ta de bolsjewiken. De tanimmende opposysje soarge derfoar dat Lenin hurder waard. Dat resultearre yn in boargerkriich (1918-1920). Dizze boargerkriich soarge derfoar dat it lân útputte rekke. De ienige kâns dy’t Lenin seach om er wer boppe-op te kommen wie de nije ekonomyske polityk (NEP), dy’t hy ynfierde nei de opstân yn Kronstadt. Mei it each op de befoardering fan de wrâldrevolúsje organisearre hy yntiids de tredde ynternasjonale dy’t op 6 maart 1919 harren earste kongres hâlde.
De regearing fan Lenin wie diktatoriaal mar Lenin wie gjin
despoat
. By eventuele mearderheidsbesluten lei hy him der by del. Mar alle kearen wer wist hy syn meiwurkers dy’t faak muoite hienen mei de ideeën oer te heljen. De ynfloed fan Lenin liet him jilde fier bûten de Russyske grinzen.
Syn dea
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Nei
1921
waard syn sûnens hieltyd minder. In oanslach yn augustus 1918 wie hy mar krekt te boppe kaam. Yn maaie
1922
waard hy troffen troch ferskillende
beroertes
. Alle kearen bettere er op, mar hy wie net mear by steat om wurksumheden te dwaan. Lenins politike testamint wêryn hy de lieders karakterisearre datearret fan desimber 1922.
Stalin
soarge der letter foar dat dit dokumint ferdwine soe. Op
21 jannewaris
1924
komt Lenin te ferstjerren oan in
harsensklearoaze
. Syn lichem wurdt balseme en opbierd yn it
Mausoleum fan Lenin
op it
Reade Plein
yn
Moskou
Taspraken fan Lenin
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Что такое Советская власть (Wat is sowjet krêft)
Обращение к Красной Армии (in taspraak foar it reade leger)
III, Коммунистический Интернационал (Lenin op it tredde ynternasjonale kongres)
О трудовой дисциплине (hy praat oer it wurk)
Opfrege fan "
Kategoryen
Vladimir Lenin
Russysk politikus
Sovjet-lieder
Russysk filosoof
Russysk sjoernalist
Russysk publisist
Russysk polityk skriuwer
Russysk polityk aktivist
Russysk ekonoom
Russysk abbekaat
Russysk revolúsjonêr
Russysk kommunist
Russysk ateïst
Russysk misdieslachtoffer
Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat
Persoan yn de Russyske Revolúsje
Persoan yn de Russyske Boargeroarloch
Russysk persoan fan Dútsk komôf
Russysk persoan fan Joadsk komôf
Russysk persoan fan Kalmuksk komôf
Russysk persoan fan Sweedsk komôf
Russysk persoan fan Tsjûwassysk komôf
Persoan berne yn 1870
Persoan stoarn yn 1924
Vladimir Lenin
Nij mêd