Wikipedy - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
It logo fan de Wikipedy
It logo fan de Fryske Wikipedy
In
Wikipedy
is in iepen, rjochtenfrije ensyklopedy, dy't troch elkenien bewurke wurde kin. It wurd is in kombinaasje fan
wiki
en
ensyklopedy
. In wikipedy is in taalferzje fan it
Wikipedia
-projekt fan de
Wikimedia Foundation
, in yn
Floarida
fêstige organisaasje. Wikipedia is it meast oanskreaune en suksesfolste projekt fan de foundation. Wikipedia bestiet op it stuit, augustus 2017, út 273 wikipedyen. Mei
De Wikipedy
wurdt yn it Frysk almeast doeld op de
Fryske Wikipedy
Wiki
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Om't in wikipedy de foarm hat fan in wiki, kin elkenien siden yn in wikipedy feroarje. Dit is tagelyk de krêft en it swakke stee fan in wikipedy: Elkenien kin flaters ferbetterje, mar elkenien kin ek nije flaters meitsje. Algemien wurdt troch de wikipedia-mienskip oannaam dat it foardiel grutter is as it neidiel.
Funksjonearjen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Op de measte wikipedyen binne út en troch problemen mei fandalisme: bewurkings dy't mei sin de wikipedy minder meitsje. Troch dat de skiednis fan eltse side bewarre bliuwt, kinne sokke feroarings lykwols gau genôch tebekdraaid wurde.
Eltse wikipedy hat in foarkar foar dát gebiet dêr't de taal fan dy wikipedy it meast praat wurdt. Lykwols binne it generale ensyklopedyen: wat mear oft der skreaun wurdt, wat mear oft der ek oer gebieten fierder fuort skreaun wurdt.
Prizen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn
2015
waard oan de Wikipedia-mienskip de
Erasmuspriis
en de
Prinses fan Asturiëpriis
foar ynternasjonale gearwurking takend.
Sjoch ek
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Wikipedy:Wat is Wikipedia
Wikipedy:Skiednis fan Wikipedia
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
(in)
Princess of Asturias Award for International Cooperation 2015
Opfrege fan "
Kategory
Wikipedy
Wikipedy
Nij mêd
US